Kattestreken

MINDERT WIJNSTRA – 

 

(Nei in âld folksferhaal)

Der wie ris in kat mei in dûbele namme. George W. hjitte er folút. Wêr’t dy W foar stie, wist gjinien, mar de kat liet him der graach op foarstean dat er út in ferneamde famylje kaam dêr’t in dûbele namme wenst wie. Hy wie de baas yn it hiele hûs en elk dûnse nei syn pipen.

Dochs wie er de beroerdste net. Hy mocht it dan foar ’t sizzen ha, likegoed woe er wol yn goedens mei de oare bewenners fan it hûs. ‘Frede ûnder dit dak’ wie syn biedwurd en dêrom noege er op in dei de mûs út om tegearre it moarnsiten te behimmeljen. De mûs hie ek in dûbele namme, Jan Peter, mar dat wie in namme sûnder status.

De mûs wie earst al wat skruten, benammen doe’t er seach dat it moarnsiten inkeld út wat kattebrokken bestie, mar hy die doch syn bêst om de kat op ’e lije side oan te kommen.

George W. seach wol dat it de mûs net sa smakke, dat hy sei: ‘Ik wit noch wol wat betters, dat goed is foar ús allebeide. Mar dan moatsto my even helpe.’

Jan Peter knikte. Hy wie bliid dat er wat dwaan koe om by de baas yn in goed bledsje te kommen.

‘Sjoch,’ sei de kat, ‘do kinst troch alle lytse gatsjes krûpe en oeral komme dêr’t ik net komme kin. Yn dy kast dêr bygelyks. Dêr stiet in potsje mei fet. Ik kin der net by, mar do wol. Asto dat potsje fet no ris ophellest, dan kinne we der beide lekker fan ite.’

‘Goed’, sei de mûs, ‘sis mar wêrst it ha wolst.’

‘Bring it mar nei de souder, dan geane der ek gjin oare eagen oer.’

De mûs ûntdiek al gau in gatsje, klom yn ’e kast en fûn dêr it potsje mei fet. Grut wie it net, mar foar de mûs wie it noch in hiel karwei en sleep it nei de souder. Deawurch wie er doe’t er it teplak hie. Mar doe hiene se dan ek wat! It rûkte hearlik.

‘No’, sei de kat, ‘it is fansels net safolle, wy moatte der mar wat sunich mei oan. It liket my it earlikst as wy der om beurten in slikje fan nimme. Lit ús ôfprate, wy nimme elk om ’e oare dei in slikje. Hjoed ik earst.’

De mûs hie oars wol sin oan wat. Hy hie honger krige fan dat swiere wurk, mar hy bedimme him en sei: ‘Toe dan mar.’ De kat wie dochs de sterkste.

De oare deis sei de kat: ‘No wiesto eins oan ’e beurt, mar ik bin folle grutter en sterker – ik moat fansels hjoed wer ha, oars hâld ik it net op ’e poaten.’

De deis dêrop wie it potsje al fierhinne leech en de mûs hie noch altyd neat te iten hân. Hy hie in freesliken honger, mar de kat sei: ‘It is hjoed de tredde dei en wy soenen om ’e oare dei slikje. De earste dei wie minen, de twadde moast ik wol wer om’t ik sa’n honger hie, mar de tredde dei is minen wer, want it giet om en om. Sa hiene wy dat earlik ôfpraat.’

De mûs koe it sa gau net berekkenje as de kat, dêr wie er te dom foar, dat hy tocht: it sil wol sa wêze en hy sei der mar neat fan.

De fjirde deis tocht de mûs: no bin ik doch einlings oan ’e beurt. En hy liet him net wer oan ’e kant sette. Mar doe’t er syn kopke yn it potsje stiek, siet der noch mar in hiel lyts bytsje fet yn. Hy slikke it lêste derút en doe wie er noch mar heal sêd.

De fyfde deis seach de kat dat it potsje leech wie. Hy sei: ‘Do gemiene mûs, hast alles opfretten. Foar my bliuwt der oars neat oer as dosels!’ En yn ien hap friet er de mûs op.

 

 

Dit ferhaal stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2004

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.