• 21 september 2005

    PIETER DE GROOT -  Yn 1977 gong de doetiidske nestor fan de Ljouwerter Krante-redaksje, Sytse Jan van der Molen, mei pensjoen en koe ik yn syn plak beneamd wurde as provinsjeredakteur. Sytse Jan, better bekend as S.J., wie by de krante in ynstitút. Hy skreau lange, yngeande artikels oer histoaryske ûnderwerpen en yn syn boekbesprekken liet er gauris skine dat er mear fan de matearje [...]

  • 21 september 2005

     ANNET VAN DER HOEK -  Ik gean al fan it begjin fan de jierren santich ôf nei Tryater en der binne net folle foarstellings dy’t ik mist ha. Ek polityk ha’k, benammen as Steatelid, in protte mei Tryater te meitsjen hân. Der wurdt no it measte  praat oer de grutte suksessen fan Tryater fan de ôfrune jierren. Mar ek foarstellings fan langer ferlyn bliuwe yn [...]

  • 21 september 2005

    BARELD DE VRIES -   Op ‘e freonejûn fan 1 juny 1995 kaam eins al in sinjaal dat de kaartferkeap stûke. In slutingsdatum fan reservearjen waard opskood. Hans Wassmer – saaklik lieder doedestiids – hie al syn registers iepenlutsen om it ‘Spektakel’ breed yn ’e publisiteit te setten. Abe! moast slagje en yn in ier stadium fan de realisaasje kamen sifers oer besikerstallen te optimistysk yn [...]

  • 21 september 2005

    MARITA DE JONG -    Ben van der Knaap is sûnt seis jier saaklik lieder fan Tryater. Derfoar wie hy sa'n 13 jier ferbûn oan it Rotterdamse RO theater. Hy wennet tige nei 't sin yn Feanwâlden en wol net mear út Fryslân wei. Ben fertelt, wylst er in slok fan syn Rivella nimt: ‘Je zou denken dat een merk als Rivella gemakkelijk als sponsor [...]

  • 21 september 2005

    MARITA DE JONG -  Akteur Thijs Feenstra is in 1959 berne yn Snits. Hy is sûnt 1985 geregeld by Tryater te sjen, mar is net allinnich yn Fryslân aktyf. Hy spile ûnder oaren by toanielselskip De Appel, stie mei Willem Nijholt yn Private Lives fan Noël Coward en wie yn ferskate films en televyzjesearjes te sjen. Yn it petear dat ik koartlyn mei him hie, [...]

  • 21 september 2005

    ROEL OOSTRA -  Tryater is fjirtich jier en stiet mei prachtige blommen yn de Nederlânske teatertún te bloeien. Mar der hat in tiid west dat der siedde wurde moast en doetiids hat it Frysk Nasjonaal Boun dêr de foarstap ta nommen. Doe ’t my frege waard om yn koart bestek in Tryater foarstelling oan te heljen dy ’t my heugde, kamen my in hiele rige [...]

  • 1 september 2005

    HANNAH LUDWIG  - ‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan Stanzi, fan de Kleine Zeemeermin, personaazjes, dy’t noch hieltyd op it netflues steane fan dyjingen, dy’t sa lokkich wêze mochten om Ronja de Rôversdochter, Pak’m Stanzi, mar ek Hartbrecht yn Kening Lear te sjen. Yn de gesellige koken, oan de [...]

  • 1 september 2005

    TRYNTSJE VAN DER ZEE-DE BOER -   De seal is lekker fol. Ik ha in plakje oan 'e sydkant. Treft net; 'k ha wat lêst fan 'e nekke. It ljocht dôvet, de seal falt stil. Muzyk. Toanielljocht komt stadich yn. It begjint. Foar de safolste kear fiel ik my as in bern op sinteklaasjûn. Goed twa oeren letter. De seal ûntlaadt him yn applaus. Ik [...]

  • 1 november 2004

    MARITA DE JONG -  Doe’t ik jong wie, wie televyzje in wûnderbaarlik medium. Woansdeitemiddeis wiene der berne-útstjoerings: Dappere Dodo, Pipo de Clown, Swiebertje, Mik en Mak en de Verrekijker bygelyks. Myn heit skreau resinsjes foar de Friese Koerier en dat betsjutte dat wy befoarrjochte wiene en al yn in betiid stadium in televyzjetastel hiene. Der sieten dan ek geregeldwei bern út de buert op de [...]