• 14 mei 2013

    De tredde Moanne - Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 14 maaie. Ditkear in temajûn oer de kânsen fan de Fryske waadkust. De jûn bestiet út in lêzing troch lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter en in debat. Yn it debat stiet de stelling ‘Fryslân hat him ôfkeard fan de see’ sintraal. Debatlieder foar dizze jûn is Klaas Sietse Spoelstra. - Tiisdei 14 maaie, 20.00 - 21.00 [...]

  • 21 april 2013

    Op snein 21 april sil it ynternasjonale Sander Baan Quartet, ûnder lieding fan de Nederlânske saksofoanist Sander Baan, optrede yn it museumkafee fan Museum Belvédère. De midje begjint om 17.00 oere. Tagongspriis is €10,00 en freonen fan it museum betelje €7,50. Oanmelde by Museum Belvédère fia 0513-644999 of mail nei info@museumbelvedere.nl.    

  • 4 april 2013

    Tongersdei 4 april binne jo fan herte wolkom op in ynformele jûn mei foardrachten fan de dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema yn galery Hoogenbosch. Yn it wurk fan beide dichters spilet byldzjende keunst in grutte rol. De eksposanten Jochem Hamstra en Tsjibbe Hooghiemstra binne dy jûn ek oanwêzich en noegje jo út om mei harren yn petear te gean oer harren wurk. Mear ynformaasje [...]

  • 24 maart 2013

    Op snein 24 maart iepenet yn Museum Dr8888 de útstalling Toneelgroep Noorder Compagnie, de beginjaren. In oersjochstentoanstelling fan in bysûnder toanielselsskip dat syn oarsprong yn Drachten hie, mei artistyk lieders Jaap Maarleveld en Manon Alving en akteurs as Rutger Hauer en Joop Wittermans. De iepening sil plakfine yn de swarte seal fan de Lawei yn Drachten om 14.00 oere. Tagelyk mei dizze tentoanstelling ferskynt in special [...]

  • 23 maart 2013

    Op 23 maart is der yn it Hannemahuis yn Harns in sympoasium oer de see yn de Fryske literatuer. De lêzings wurde fersoarge troch Nanne Kalma (lietekultuer), Tryntsje van der Steege (proaza) en Bert Looper (moderne poëzij). It program set útein mei in koarte histoaryske ynlieding troch Meindert Schroor. Graach yn it foar opjaan by Tresoar, ynfo@tresoar.nl of tillefoan 058 - 789 0 789.

  • 17 maart 2013

    Snein 17 maart iepenet galery Hoogenbosch op de Gerdyk trije tentoanstellingen mei wurk fan Jochem Hamstra: ‘Dagen zonder Uren’, skilderijen. Tjibbe Hooghiemstra: ‘Berichten van Zee’, skilderijen en wurk op papier. En Jacomijn van der Donk: sieraden. De tentoanstelling rint fan 17 maart o/m 21 april. Iepeningstiden fan tongersdei o/m snein fan 13:30 – 17:30 oere en op ôfspraak. Sjoch foar mear ynformaasje op www.galeriehoogenbosch.nl.

  • 17 maart 2013

    No snein 17 maart om 15.00 oere in nije edysje fan Klanklânskippen yn De Lawei yn Drachten. Seis Fryske dichters stean tagelyk op it poadium mei seis gitaristen. Sy foarmje tegearre seis koppels. Nei it skoft sil der ymprovisearre wurde wêrby't alle tolve dielnimmers tagelyk in klanklânskip foarmje. Dichters: Grytsje Schaaf, Arjan Hut, Elmar Kuiper, Edwin de Groot, Sytse Jansma, Geart Tigchelaar. Gitaristen: Jan Snijder, [...]

  • 13 maart 2013

    'Taalryk Europa - belied en praktyk yn Fryslân, Nederlân en Europa', in sympoasium by de Fryske Akademy yn Ljouwert, op 13 maart. It Language Rich Europe projekt hat taal en taalbelied ûndersocht yn mear as tweintich lannen en regio's. Ut it ûndersyk docht bliken dat meartaligens yn Nederlân noch fierder ûntwikkele wurde kin: de oerheid leit de klam op it Nederlânsk, yn it ûnderwiis wurdt in [...]

  • 12 maart 2013

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, oarloch, echte helden, krúswurdpuzelje, leafde foar de twasylinder, motorcampings, Yndyske typkes, [...]