Jan Rot yn Rie

Publisearre op 21 juni 2013

Foar de tredde kear sil dit jier op de langste dei yn Rie de MidSimmerJûn holden wurde. Freedtejûn 21 juny tilt it doarp wer op fan de spannende en humoristyske ferhalen en de bettere harkmuzyk. Dit jier binne der optredens fan ûnder mear Jan Rot, Ernst Langhout, Douwe Kootstra, Jörgen SCholtens, LB-band en toanielferiening Willem van Haren. Om yn styl en sfearfol mei elkoar de langste dei fan it jier te fieren.

Kaarten foar MidSimmerJûn 2013 kostje net mear as 7,50 euro yn de foarferkeap en binne te bestellen fia de webside www.midsimmerjunrie.nl. Op dizze webside en op www.facebook.com/MidsimmerJûnRie fine jo boppedat alle ynformaasje oer it festival.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels