fotografy: Omrop Fryslân

Joop Mulder, ferbiner fan kultuer en lânskip, ferstoarn

Joop Mulder, oprjochter fan it Skylger Oerol-festival en Sence of Place, is ôfrûne wykein ferstoarn op 67-jierrige leeftyd. Mulder hie al langer swierichheden mei syn sûnens, mar syn ferstjerren komt dochs ûnferwacht. Hy hie noch grutte plannen foar in Sence of Place-projekt yn Ljouwert yn it festivaljier 2022 fan Arcadia (de legacy fan Kulturele Haadstêd)

Yn de earstfolgjende papieren edysje fan de Moanne jouwe we rom omtinken oan it wurk fan Joop Mulder en de grutte bestjutting dêrfan foar Kultureel Fryslân en fier dêrbûten. (mear ynformaasje www.oerol.nl)

foto: Omrop Fryslân

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.