fotografy: Ruben van Vliet

Jonges om fereale op te wurden

NYNKE VAN DER ZEE –  

Wat dochst as dyn foarstelling op Oerol binnen de koartste kearen útferkocht is en besikers bûten yn kloften stean te wachtsjen op miskien noch dat iene frije plakje? Fansels, dan hellest it dekôr in healjier letter wer út de opslach en spilest it stik gewoan noch in kear. En noch in kear. En omdat it op ‘e nij smoar drok is: noch in kear. Mar dit kear gewoan yn Ljouwert, want ek sûnder waarm eilânsintsje en sâlte seelucht is it stik ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ fan Tryater in geweldich sukses.

It is gesellich drok yn it Tryatergebou oan de Oostersingel yn Ljouwert. ‘A trip down memory lane’ sa’t de ûndertitel fan it stik belooft, begjint al yn de foyer. De romte azemet oeral de sfear fan eartiids. Boppe de tafels en de bar hingje smûke âlderwetske lampekapkes fan read en giel fluwiel mei sierlike kwastkes. Op de banken kessentsjes mei borduurde hynstekoppen en oan de muorre in dik brûn wandkleed. Njonken ús sakket in man noflik ûnderút yn syn stoel. It duorret mar efkes en de lûkjes gean ticht. Dodzjend dommelet er yn, oant syn frou him foarsichtich op it skouder tikket. “Wekker wurde, wy meie nei de seal.”

Feilige bernejierren
Yn de simmer fan 2013 spile Tryater it stik ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ op it Oerol festival op Skylge. De boereskuorre fan buorkerij Spanjer yn it eilândoarpke Lies siet elke foarstelling oant de lêste stoel ta fol. Reden foar it tonielselskip om it stik dizze winter nochris op ‘e planken te bringen, mar no yn it eigen gebou yn Ljouwert. En dat blykt in ’meesterzet’ want ek yn jannewaris sit de seal kear op kear grôtfol.

It geheim fan ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ is it akteursduo Lourens van den Akker en Eelco Venema. Beide manlju nimme it publyk mei op reis troch harren bernejierren, de tiid dat alles noch nij en spannend wie. Krekt wat regisseuse Tatiana Pratley mei it stik foar eagen hie. “Ik fielde langstme nei de oersichtelikheid en feiligens fan myn bernejierrren en nei de betsjoening dy’st as bern fielst ast eat foar it earst belibbest en dy’st no mist”, sa fertelt se.

Fuortendaliks fereale
As jo frege wurde wêr’t jo as bern troch betsjoend rekken, witte jo it dan noch? Ter land, ter zee en in de lucht sjen mei de hiele famylje op de bank bygelyks, of klompke farre yn ‘e feart. Ferskes opnimme fan de radio op in kassettebandsje. De earste kear fereale wêze op it famke fan de rydskoalle of tútsje mei Aukje Ytsma yn de diskoteek. Lourens en Eelco betsjoene it publyk mei harren ferhalen. Elke herinnering begjint lyts, mar groeit stadichoan út ta in prachtige sêne, wêryn’t beide manlju manjefyk op inoar ynspylje. Sûnder opsmûk. Yn in minimalistysk dekôr slagget it twatal der yn om in oare wrâld te kreëarjen. In wrâld fan twa doarpse jonges dy’t noch mei fernuvering nei alles om har hinne sjogge. Twa jonges om fuortendaliks fereale op te wurden.

Oantinkens as gids
In reis troch de tiid mei de oantinkens as gids. Yn sân sênes rekonstruearje de akteurs harren jeugd fan lytse mantsjes oant stoere jongfeinten. Hjir en dêr wurde oantinkens wat oanpast; dat moat kinne, it publyk wie der eartiids ommers toch net by. Grappen wurde ôfwiksele mei emoasjonele mominten, mar yn alles skûlet de werkenning. “Sa gong dat by ús ek”, leit de besikers it hiele stik lang op ‘e lippen. De foarstelling krige de titel ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ om’t regisseuse Tatiana Pratley dêr sels opgroeide, mar de plaknamme Hurdegaryp kin wat dat betreft ferfongen wurde troch elk lyts plakje yn Fryslân. “Dat makket it stik ek sa moai”, fynt Grietje Deinum fan Tryater. “Ast no 25 of 85 bist, elk herkent him yn de situaasjes dy’t yn it stik spile wurde.”

Ien dikke drip
Wa’t it stik sjoen hat, kin him foarstelle dat it nijs oer dit ’Oerolpareltsje’ as in rinnend fjoerke oer it eilân gong tidens it Oeral festival. De krêft leit ferskûle yn de moaie ferhaallinen, mar it geheim sit him yn de beide akteurs. It is te hoopjen dat Lourens en Eelco harren gearwurking net by ien stik hâlde, want ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ freget om in ferfolch. Set dizze mânlju tegearre op in poadium en der ûntstiet magy; ien plus ien is twa. Of sa’t pake it eartiids altyd sei: “Twa drippen byinoar foarmje tegearre ien gruttere drip. Gjin twa.”

De ynstallaasje Oantinken
Spesjaal foar it stik ‘Heimwee nei Hurdegaryp’ makken Stichting Z25, in oantal multimedia studinten fan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utrecht yn gearwurking mei Tryater de ynstallaasje Oantinken. Op in metershege muorre boud fan weckflessen wurde foto’s fan eartiids projektearre. Doel is om sa de herinnerings foar altyd te bewarjen. Besikers fan de foarstelling wurde fan tefoaren frege om de app Oantinken te downloaden. Dizze app jout ferfolgens fiif koarte opdrachten lykas ‘Slach it fotoboek iepen en meitsje in foto fan in âld skoalkykje’.  Dizze foto’s wurde dêrnei fia de app brûkt as projeksje yn de ynstallaasje. It resultaat is in prachtige show fan âlde herinnerings en folop herkenning.

 

Benijd nei de foarstelling Heimwee nei Hurdegaryp? Der binne noch kaarten foar freed 7 febrewaris. Bestelle kin op www.tryater.nl.

 

Comments
Ien reaksje oan “Jonges om fereale op te wurden”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.