Jij en ik en de zee, zo zou het moeten zijn

Publisearre op 2 december 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

Sa soe it wêze moatte, as Joost Bolt en Wendell Jaspers – spilers en persoanaazjes tagelyk – har tegearre weromlûke yn in hûs oan see, fier fan de bewenne wrâld. It hûs, ferbylde troch op it spylflak krytstreken te lûken, en twa stuollen binne sa’n bytsje de iennige attributen dy’t de setting foarmje. Dêr sil it pear – yn it stik ‘Er zal iemand komen’ fan de Noar Jon Fosse it Noord Nederlands Toneel ûnder de rezjy fan teatermakker Liliane Brakema – tegearre allinne wêze. Samen alleen.

 

Sa is ‘Er zal iemand komen’ in himsels werheljend en ek driigjend spul fan hieltyd min as mear deselde setten.

 

Tegearre allinne wêze: kin dat? Hoe ferhâldsty ta elkoar, binne de ferwachtingen wol itselde? De frou fielt oan dat der immen komme sil, in ferwachting dy’t sy mear as ien kear útsprekt, hieltyd fêsthâldender. Der is de man dy’t it net leauwe wol, de twa dy’t elkoar beswarre dat nimmen ynbrekke sil op har tegearre allinne wêzen, mar tagelyk de fraach oft it slim wêze soe as der al ris immen delkomme soe. It is in tekst dy’t, troch de hiele foarstelling, werhelle wurde sil, al binne der subtile ferskowingen yn betsjutting en ynterpretaasje.

In oar weromkearend elemint binne de fysike, wurdleaze sênes: in wrakseling en in machtsspultsje dat der alle kearen mei begjint dat hy har oer de grûn smyt, dêr’t se elkoar yn oanlûke en ôfstjitte, elkoar yn de hâldgreep nimme, oer elkoar hinne rinne. Nei sa’n earste wrakselpartij komt de buorman (Bram van der Heijden), fan wa’t sy it hûs, neidat hy it urven hie, kocht ha del om in praatsje. De man kin der mar min oer dat it tegearre allinne wêzen trochbrutsen wurdt, toant him erchtinkend, der falle ferwiten en ek wer de beswarringen dat it derom giet tegearre allinne te wêzen.

Der binne ‘ôfliedingsmanoevres’: it hûs besjen, wize op de foto’s dy’t noch oan de muorre hingje, mar dy binne allinne mar oanlieding ta mear jaloerskens, mear eangst dat ynbrutsen wurdt op harren kar foar de iensumens tegearre. Dan is it de man dy’t oanfielen komt dat de buorman samar wér binnen fallen komme kin en is sy it dy’t úthâldt dat se de doar ek tichthâlde kinne. Dat slagget net, eat dat de man net ferneare kin. As de buorman deryn komt, mei in tafel en in kladde fol mei bierfleskes, dûkt er yn elkoar, de earmen oer de holle en hâldt him krekt salang ferburgen oant buorman wer fuort is. Op ’e nij falle deselde ferwiten, deselde beswarringen, deselde wrakselpartijen dy’t hieltyd langer útspûn wurde.

Sa is ‘Er zal iemand komen’ in himsels werheljend en ek driigjend spul fan hieltyd min as mear deselde setten. Mar hoe knap de spilers har rol ek bringe en folhâlde, op in stuit witst it wol. Yn de foyer, nei ôfrin fan de foarstelling, falt it each op in tekst oan de muorre: ‘waar kijk ik naar…’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]