Jierappelbou yn de jierren fyftich

SYDS WIERSMA & RIK KLAVER – 

Filmmakker Johannes Doedes de Jong (1912-1996) út Aldtsjerk makke healwei de jierren fyftich ferskate films oer de Fryske lânbou. Dat die er net allinnich út hobby mar foar in part ek yn opdracht. Hannelshûs Fa. Hettema Zonen út Bitgum wie ien fan syn opdrachtjouwers.

 

De films fan J.D. de Jong oer fa. Hettema jouwe in prachtich tiidsbyld fan de Fryske jierappelbou healwei de jierren fyftich.

 

Fa. Hettema wie in jierappel-eksport-bedriuw mei ynternasjonale kontakten. It bedriuw ûntwikkele ferskate nije jierappelrassen, benammen foar de bûtenlânse merk: Frankryk, Italië, Marokko, Israël (Annabelle, Draga, Spunta). It bedriuw hie ‘proeffjilden’ yn Bitgum mar ek yn oare parten fan it lân. Yn 1998 is de N.V. Hettema Zonen opgien yn HZPC, in ynternasjonaal jierappeleksport-bedriuw mei mear as tsien fêstigings yn Europa en dêrbûten, en mei it haadkantoar yn De Jouwer. HZPC hat 300 meiwurkers, 800 telers en 55 kwekers.

De films fan J.D. de Jong oer fa. Hettema jouwe in prachtich tiidsbyld fan de Fryske jierappelbou healwei de jierren fyftich. De Jong lit benammen it wurk op it lân sjen. It setten fan de jierappels, it suverjen fan perselen jierappels fan sike planten, it dollen (hânmjittich en masjinaal) en it fan it lân heljen fan kistjes en sekken (mei trekker en hynder en wein). It falt op dat froulju eins allinnich yn byld binne as it wurk arbeidsyntinsyf wurdt: by it dollen en ôffieren fan de jierappels.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.