Pater Douwe Bekema (1914-1995)

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA,

Koartlyn hat it Fries Film Archief (FFA) de kolleksje fan de Huzumer amateurfilmer Oege Bekema (1909-1974) digitalisearre. Soan Jildert Bekema beseach en beskreau de kolleksje fan de fiifentritich 8mm films by it FFA.

Oege Bekema wie in rooms-katolike jonge út Westhim by Blauhús. Hy krige letter frou en bern yn Huzum. De films fan Oege (ropnamme Jan – want Oege wie gjin namme neffens de Huzumers) toane Ljouwert en Huzum yn it midden fan de tweintichste ieu: flitsen rooms libben om de eardere Sint Jan de Dopertsjerke hinne, it Huzumer bûtenswimbad, in noch keal Julianapark dêr’t reedriden wurdt, blomkesmerk op it Saailân, nonnen fan kleaster Mariëngaarde dy’t in lange rige bern nei de plechtige kommuny yn de Sint Jan begeliede.

Utsûnderlik yn de filmkolleksje fan Oege Bekema is de oanwêzichheid van neef Douwe Bekema. Dy wie pryster en missionaris yn de oarder fan Mill Hill. Nei de oarloch wurke er op Brits Borneo, dêr’t er ek filme. De oerlevere bylden toane in fleurige bon vivant yn it oerwâld: op de motor, mei kloften nijsgjirrige bern om him hinne, by syn parochianen, tusken moai Indyske froulju, op besite by syn suster Pieke dy’t missysuster yn Nederlâns-Indië wie. Rik Klaver fan it FFA makke in koarte byldkollum mei it filmmateriaal fan Pater Douwe.

Wolle jo mear witte oer de filmkolleksje fan Oege en Douwe Bekema? Sjoch dan it artikel dat Syds Wiersma dêr oer publisearre yn it Friesch Dagblad.

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.