Singelsma op reis yn Denemarken

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA – 

Jan Bearn Singelsma (1914-2005) is ien fan de grutte Frysk bewegers fan de tweintichste ieu. Hy wie oprjochter fan de folkshegeskoalle Skylgeralân, waard it earste steatelid foar de FNP yn 1966 en wie foarsitter fan de Feriening foar Federaal Europa. Hy stie graach op de barrikaden. Sa focht er yn de jierren ‘60 foar de komst fan Fryske radio en televyzje en tsjin de ynpoldering fan it Waad. Minder bekend is dat de aksjefierder en politikus – kening fan de oneliner, sa’t sjoernalist Klaas Jansma him neamde – yn de jierren ’40-’50 ek filmmakker wie.

Krekt nei de oarloch rekke er belutsen by de Fryske Filmrounte en skreau er it senario foar in film dy’t troch leden fan de rounte makke waard: Oh Skylge, myn lântse (1946), in oade oan Skylge en tagelyk de registraasje fan ien fan de earste simmerkampen fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Grif ynspirearre troch betûfte filmmakkers fan de rounte, lykas Gerrit Aalfs en Piet Plantinga, hie Singelsma twa jier letter in eigen kamera. It wie him en syn kollega-bewegers slagge om yn 1948 in nije folkshegeskoalle yn it bunkerkompleks by Hoarn op Skylge te realisearjen en Fryslân moast mear yn ‘e kunde komme mei de idealen fan de oprjochters.

Singelsma makke de film Forsterkje de dyk (1948-1949), in twadde film oer it simmerwurk fan it Boun, mar no mei de selsoertsjûging fan de krekt oprjochte folkshegeskoalle. Njonken de beide Skylger films makke Singelsma noch twa publyksfilms, ien mei filmmakker Han de Vries ta gelegenheid fan fyftich jier Lânbou Winterskoalle (dêr’t Singelsma learaar biology en Frysk wie) en ien mei guon maten fan filmklup De Kleare Kimen oer de Alvestêdetocht fan 1954.

Mar Singelsma filme benammen ek privee. It Fries Film Archief hat ferskate famyljefilmkes fan him yn de kolleksje en ek guon oer syn wenplak Goutum. De moaiste fan syn priveefilms is sûnder twivel dy fan it gesin Singelsma op reis yn Denemarken om 1950 hinne. Lân en kusten, boerelibben en -wurk, Kopenhagen en oare stedsjes wurde moai yn byld brocht. De film is sûnder lûd mar tige Frysk, want hy sit fol mei ferklearjende Fryske tuskenteksten. En Singelsma soe Singelsma net wêze as er net each hân hie foar de skaadkant fan de wrâld. Sa filmet er by in flechtlingkamp yn Denemarken en makket er út ‘e trein wei werom nei hûs bylden fan it kapotsketten Dútslân. De byldkollum fan dizze moanne is in seleksje fan bylden út dizze reisfilm.

 

Foar mear ynformaasje oer Singelsma (ek as amateurfilmer), sjoch de ôflevering fan It Paad Werom dy’t Eelke Lok yn 2011 oer him makke: https://www.youtube.com/watch?v=5X72H5GlT1s. De measte films fan Singelsma kinne online besjoen wurde by it Fries Film Archief: www.friesfilmarchief.nl – sykje op stekwurd: Singelsma.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.