Jelle Kaspersma is in observator

MARIJKE DE BOER – 

‘Ik gean leaver te fytsen’

Jelle Kaspersma skriuwt al hast fjirtich jier Fryske gedichten. Syn lêste bondel Ieneach Kening ferskynde okkerdeis by útjouwerij Venus. Foar dy bondel hat er fersen makke by tekeningen fan Gerrit Cnossen. It tastânkommen fan de bondel is in ferhaal apart.

 

‘Ik ha no sa’n fiif kear yn Amearika by de Yndianen west. Ut nijsgjirrichheid ha ik yn 1973 ris in fers fertaald yn it Frysk en sa ha ik my mear yn har kultuer ferdjippe.’

 

In pear jier lyn ferklearre Jelle Kaspersma (1948) noait wer in wurd Frysk te skriuwen. Hy hie syn nocht fan de Fryske literêre wrâld. Dat er sûnt dy tiid dochs wer nij wurk útbrocht hat, komt troch útjouwer Josse de Haan. ‘Sa is it mei dizze lêste bondel ek gien’, fertelt er. De bondel is eins as in soarte fan freonetsjinst ta stân kaam. Utjouwerij Venus hie in útjefte op steapel te stean mei tekeningen fan Gerrit Cnossen en poëzij fan in Frysk dichter. Sels it foarwurd, mei dêryn wiidweidich omtinken foar it wurk fan de skilder, lei der al. Allinne de beëage dichter, Cornelis van der Wal, liet it ôfwitte. Hy hie mar in pear fersen, te min foar in bondel. ‘Doe krige ik in telefoantsje út Baskenlân. It wie Josse mei de fraach oft ik trije moannen foardat de tekst nei de printer moast, fersen skriuwe woe foar in dichtbondel mei tekeningen. Om’t ik Josse al hiel lang ken en it in goede freon fan my is, ha ik ja sein. Ik ha de tekeningen achter elkoar besjoen en it spul oan de kant lein. Ik ken de keunstner net en syn fantastysk realisme-achtige wurk spriek my net bot oan. Lit my it sa sizze: ik soe it thús net oan de muorre hingje, mar blykber joech it my genôch ynspiraasje want yn oardel wike ha ik doe, flak foar de deadline, fyftjin fersen skreaun.’ Doe’t bliken die dat der trije fersen bykomme moasten, hat er dy noch skreaun op de sneons foardat it materiaal de tiisdeis nei de printer moast. ‘Snelle Jelle, dus. Dochs bin ik tefreden oer it risseltaat. Om net al te minne poëzij te leverjen, hoege jo dus net altyd lang nei te tinken.’

De dichter dy’t al desennialang bûten Fryslân wennet, liket him no net mear sa drok te meitsjen oer de Fryske literêre wrâld. De lêzer moat mar oer myn fersen oardielje, sa seit er. Hy wol net folle sizze oer syn beslút om ôfstân te nimmen. ‘It hat west. It komt der op del dat it my tefolle enerzjy koste en dat gie ten koste fan de kreativiteit. Ik hie myn nocht fan it skriuwerswrâldsje mei syn klubkes en ‘ons kent ons’. Lit my gewoan dichtsje, al is dat yn de rin fan de jierren feroare. Doe’t ik begûn, tocht ik noch dat alles feroare wurde koe, mar no wit ik better. As jongfeint wie it skriuwen in inerlike driuw om te skeppen. Ik ha myn rebelse oanslach wol hân. Mei maten as Binne Lutsen Boarnstra en Tsjêbbe Hettinga wienen wy foar dy tiid revolúsjonêr dwaande. Yn ús publisearre wurk sieten advertinsjes fan winkelju út Snits. It moast dochs ergens fan betelle wurde. Dat ‘hillige moatten’ is troch de jierren hinne wat fuortebt.’ Jelle Kaspersma liket syn skriuwen te relativearjen oant der net folle mear fan oer is, dochs makket er him noch wol drok oer maatskiplike kwestjes. ‘Ik stean sûnt 1973 foar de klasse en it begruttet my dat de bern hjoeddedei safolle achter de kompjûter sitte. Dêrtroch misse se sa’n soad. Ik fyts boppedat altyd nei skoalle en ûnderweis sjoch ik dat troch politike besluten hieltyd mear natuer ferlern giet. Dêr skriuw ik oer, mar ik wit ek dat it gjin donder jout. Ek it feit dat ús maatskippij sa’n konsumpsjemaatskippij wurdt, griist my oan. No moat elkenien wer in platte televyzje ha. Minsken binne noait tefreden. Ik bin wol in tefreden man. It hie miskien better kinnen, mar sa kin it ek.’

Jelle Kaspersma is in observator. Ofstanlik neamt er himsels. Net thús yn de Fryske literêre wrâld en de ûnderwizerswrâld. Wol fielt er him ferbûn mei de kultuer fan de Yndianen. ‘Ik ha no sa’n fiif kear yn Amearika by de Yndianen west. Ut nijsgjirrichheid ha ik yn 1973 ris in fers fertaald yn it Frysk en sa ha ik my mear yn har kultuer ferdjippe.’ Letter folgen oersettingen fan ferhalen en tsjintwurdich makket er fluitsjes fan fûgelbonkjes sa’t de Yndianen dat sels ek dogge. Ek nifelt er fan kralen en fearren foarwerpen dy’t de Yndianen by bepaalde rituelen brûke. ‘Ik ferkeapje myn spul ek, mar yn Nederlân is der amper belangstelling foar. Ik ha wol klanten yn Dútslân en België. Wat ik makke ha, leit sels yn trije musea yn Amearika. Mar dat wit gjinien, want offisjeel mei der gjin guod fan blanken lizze. Ik ha sels in kear in fluitsje ruile tsjin in kralepatroan. Dat is hiel seldsum, want dat dogge Yndianen eins noait mei bûtenlanners. Dochs soe ik der net bankje kinne. Mei guon Yndianen dy’t ik tidens myn reizen moete ha, ha ik noch altyd goed kontakt. Fan in pear jagers hjir yn de buert ha ik lêsten noch in steal flerken mei de goede bonken fan ôfsketten guozzen krigen, dat ik kin wer eefkes foarút.’ En de tefreden dichter stekt noch mar wer ris in sigaar op.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.