de Moanne en Explore the North
Publisearre op 6 november 2014
Spesjale Explore the North-edysje fan de Moanne
It poadium foar keunst en kultuer yn Fryslân, de Moanne, en Explore the North wurkje gear yn oanrin nei it festival dat dit jier wêze sil op freed 28 en sneon 29 novimber yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert.
Foarôfgeand oan it festival ferskynt der in spesjale edysje fan de Moanne dy’t folslein yn it teken stiet fan Explore the North. Dizze spesjale útjefte sil in wike foar’t it festival fan start giet by de abonnees op ’e matte lizze en is – salang’t de ekstra ferhege oplage it talit – ynbegrepen by in festivalticket. Dêrneist jout de Moanne ek online op www.demoanne.nl omtinken oan Explore the North.
Yn dizze spesjale edysje fan de Moanne bydragen oer Fixkes, SKIMER, Wovenhand en Zalen Schaaf. Mar ek in kollum fan Jan Douwe Kroeske, in Fryske oersetting fan it ferhaal ‘Faust yn Ljouwert’ troch Theun de Vries mei etsen fan José Witteveen, in ynterview mei de inisjatyfnimmer fan ‘A guide to Leeuwarden’ Henk Leutscher, poëzij fan Eeltsje Hettinga en Arjan Hut en noch folle mear.
de Moanne ferskynt 7 kear yn it jier en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en beskôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten, en lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ek live-moetings.
Explore the North fynt plak yn Ljouwert op 28 en 29 novimber. De histoaryske binnenstêd wurdt brûkt as poadium foar muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear. Passepartouts kostje €29,50, in deikaart foar sneon 29 novimber kostet €25,00. Bestelle kin fia: www.explore-the-north.nl.
Oer Explore the North
Explore the North is in breed, leechdrompelich winterfestival dat de prachtige histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt foar de presintaasje fan muzyk, literatuer, byldzjende keunst, teater en oare keunstfoarmen. It programma is foar in part ynternasjonaal, lokaal en yn it bêste gefal in kombinaasje fan beide.
It festival presintearret spannende artysten, fasilitearret de ûntwikkelingsmooglikheden fan nije projekten en artysten en inisjearret sels multydissiplinêre gearwurkingsprojekten. Dêrby siket Explore the North nei it moaiste dat it kulturele libben yn it moderne Fryslân te bieden hat en noeget it festival dêrby in grut tal ynternasjonale gasten út. Yn programmearring en ûntwikkeling fan spesjale projekten wurket Explore the North gear mei kearnpartners De Popfabryk en Tresoar.
Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op www.explore-the-north.nl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Nijs
Yn de kommende ‘Moanne’ stean wy wiidweidich stil by it ferstjerren fan Trinus Riemersma, grut skriuwer, oprjochter fan de Koperative Utjouwerij en âld-redakteur fan Trotwaer. [...]
Kategory: Nijs
Tot 31 oktober aanstaande kan poëzietalent tussen de 16 en 18 jaar zich aanmelden als kandidaat voor de verkiezing van de Jonge Dichter des Vaderlands [...]
Kategory: Nijs
Tien ontwerpen zijn genomineerd voor de zesde Vredeman de Vriesprijs voor Vormgeving van de provincie Fryslân. Er kwamen 86 inzendingen binnen, 17 meer dan bij [...]