It sukses fan When We Are Wild

NYNKE VAN DER ZEE –  

It is ien fan de suksesfolle fruchten ôfkomstich fan de Popakademy-beam yn Ljouwert. De band When We Are Wild, mei frontman Hille Stellingwerf. Hille makke syn oplieding oan de Akademy foar Popkultuer net ôf, mar hat syn fiifkoppige band wol te tankjen oan de Ljouwerter popskoalle. Krekt lykas Elske DeWall bestoarmet When We Are Wild de Nederlânske popscene mei in needgong. Dit jier waard de band útroppen ta ‘3FM Serious Talent’, ‘Radio 2 Talent’ en 3voor12’s ‘Hollandse Nieuwe van de Maand’. Hollandse Nieuwe of net, Hille bliuwt gewoan de âlde.

Kalm sjocht er út oer de drokte op it nije Saailân yn Ljouwert. Untspand drinkt er syn bakje tee en genietet fan de kloften minsken dy’t it Frysk Museum yn en út gean. Hjir sit in beaken fan rêst. Mei lykwols in stampfol boekte aginda. Want leadsjonger Hille Stellingwerf fan When We Are Wild hat it smoardrok mei optredens foar de Popronde, wêrby’t de band yn trije moanne tiid 23 kear optreedt, op poadiums ferspraat oer hiel Nederlân. Fan de ôftraap begjin septimber yn Nijmegen oant it slotkonsert ein novimber yn De Kelder yn Amersfoart; in moaiere wize om kennis te meitsjen mei it Nederlânske publyk is der net. De measte minsken yn de muzykwrâld sille de Wytmarsumer sa stadichoan wol kenne. Relaxed, laid-back en dochs ek wol in bytsje grutsk ûndergiet Hille alle oandacht fan radio, tillevyzje en skriuwende parse. Tiid om njonken syn skuon te rinnen hat er net. ‘Stjerallueres, dêr soenen ús heit en mem fuort mei ôfweve’, gnysket er.

Efkes trochsette jonge
Hy hat in wyld bosk krullen lykas singer-songwriter Mika, in stim dy’t tinken docht oan Caleb Followill fan Kings of Leon, en hy stammeret krekt like bot as Chris Martin fan Coldplay. De trije yngrediïnten foar in slagge muzykkarriêre, sa liket it wol. Mar om no te sizzen dat Hille al fan jongs ôf oan wist dat er letter op it poadium stean woe, no nee. ‘As lyts jonkje song ik eins noait. Ik bromde mar wat as we muzykles hienen. Fan de juf moast ik my dan stilhâlde. Dat kaam tink ik ek wol troch myn stammerjen, ik doarde ienfâldichwei net. Ik ha hiel lang net witten dat ik goed sjonge kin.’ Alve jier is er, as er foar it earst in gitaar yn hannen hat. Fan leafde op it earste gesicht is lykwols gjin sprake. Hille pingelet wol wat, mar echt folle nocht hat er der net oan. Heit en mem hâlde lykwols oan: ‘Efkes trochsette jonge, dan wurdt it fansels leuk.’ En se krije gelyk.

Ik bromde mar wat as we muzykles hienen. Fan de juf moast ik my dan stilhâlde.

Op de middelbere skoalle sit er foar it earst yn in bandsje. Yn it eksamenjier moat de groep op syk nei in nije sjonger. Hille biedt himsels oan. En sa set de ferlegen en boppedat stammerjende puber út Wytmarsum syn earste stappen rjochting in takomst as muzikant. Al gau docht bliken dat syn lûd oars as oars is. Rauwer, in bytsje heas hast. ‘Ik ha in aparte stim, sizze se, ja. Sels hear ik dat net echt, omdat ik net oars wend bin. Ik wie ek wolris echt heas. Yn ’e tiid fan de skoalband makke ik my dêr ek net sa drok om. Mar sûnt it sa goed giet mei ús band bin ik wol suniger op myn stim. Ik folgje al hiel lang sjongles by Jannie Brandsma. Troch mear op de technyk te letten, wol ik mysels elke kear ferbetterje. Krekt wer wat yngewikkeldere stikjes sjonge, mar foaral ek leare hoe’t ik nei myn stim lústerje moat. Want sjochst wol hoe funest at stimproblemen wêze kinne foar bygelyks Anouk, dy’t oant twa kear ta har konsert ôfsizze moast. No bin ik fansels noch gjin Anouk, mar in optreden ôfsizze wol gjin inkele muzikant.’

De Fryske B.B. King
De echte passy foar muzyk kaam doe’t Hille in cd fan B.B. King krige fan de heit fan in goede freon. Syn wize fan sjongen en gitaarspyljen rekke letterlik in gefoelige snaar. ‘Dy earlikheid en passy foar de blues, dat spruts my fuort oan. Ik krige de plaat mei nei hûs en ha ’m griis draaid. De muzyk dy’t wy no meitsje mei When We Are Wild is gjin blues, mar ik besykje dy earlikheid en leafde foar de muzyk fan B.B. King der wol yn te lizzen. Hy is noch altyd myn grutte foarbyld, krekt as John Mayer en Bon Iver.’ En lykas syn foarbylden sjongt ek Hille it leafste oer de leafde. In ynspiraasjeboarne sûnder ein. Der gebeurt ommers altyd wol wat yn in relaasje dêr’tst oer sjonge kinst. ‘Ik ha al in skoft in freondinne, dus hoe’t de leafde wurket, dat wit ik wol’, knypeaget er. ‘En no’t wy wat faker optrede krije wy ek hieltyd mear oandacht fan de froulju út it publyk. Op strjitte wurd ik trouwens noch net sa’n soad werkend. Oft ik dêr nei útsjoch? Ja en nee, it liket my wol gesellich, mar ik kin my ek yntinke dat it op in bepaald stuit ferfelend wurde kin. Mar oant no ta fyn ik it wol leuk, fan dy famkes dy’t om in hantekening freegje.’

Wy spylje gjin blues, mar ik besykje wol dy earlikheid en leafde foar de muzyk fan B.B. King deryn te lizzen.

Neist optredens mei de band wie Hille fan ’t simmer ek solo te sjen yn de twadde edysje fan it tillevyzjeprogramma ‘De beste singer-songwriter van Nederland’. In programma fan 3FM dj Giel Beelen, dêr’t elke wike mear as hûnderttûzen minsken op ôfstimden. Hille stie letterlik yn de etalaazje fan nij jong oanstoarmjend talint. ‘Dat programma hat my seker holpen. Mar wat ha ’k dêr senuwachtich west, yn dy tillevyzjestudio. Foaral foar it ynterview, dêr’tst dysels yn foarstelle moast. Ik ha serieus boppe de wc-pot hongen foardat ik oan ’e beurt wie.’ Net sasear it sjongen makket him bloednerveus, it is benammen it praten dat Hille oangriist. ‘It stammerjen makket my hiel ûnseker. En hoe senuwachtiger at ik bin, hoe mear at ik stammerje. It helpt inoar dus net echt. Mar ik lit my dêr net troch tsjinhâlde om ynterviews te dwaan. Ik bin op ’t lêst de frontman, dêr ha ’k bewust foar keazen. En as ik ienkear op it poadium stean, binne alle spanningen fuort. Hiel apart eins, want dan soest just ekstra senuwen ferwachtsje. Mar ik fiel my dêr thús, foar sa’n grut publyk. Dan giet alles suver fansels; it sjongen en dus ek it praten.’

As ik ienkear op it poadium stean, binne alle spanningen fuort. Dêr fiel ik my thús, foar it publyk.

Wekker lizze
It giet de band foar de wyn. De fiif jonges binne wolkomme gasten by radioprogramma’s, en de debútsingle Scuse Me wurdt folop draaid troch regionale en nasjonale dj’s. Boppedat is de sfear yn de band ûntspand. Nonsjalant faget Hille in losse krul út syn gesicht. ‘It giet boppe ferwachting goed, mar it is ek wolris stressich hear. Wy binne op dit stuit drok dwaande mei it sykjen fan de twadde single, de opfolger fan ús debútsingle Scuse Me. Dêr giet in hiel soad tiid en enerzjy yn sitten. Sa’n twadde single moat nammentlik oan in soad easken foldwaan. It moat ús eigen lûd wêze, it moat in pakkende melodij ha dy’t hingjen bliuwt en it moat opfalle. Dêr lis ik nachts wolris wekker fan. Komt it wol goed, tink ik dan. Mar kalm bliuwe. Myn doel is helder: mei de muzyk wol ik myn bôle fertsjinje. Dit is wêr’t ik goed yn bin en wêr’t ik my keihurd foar ynset. Dan moat it dochs wol goedkomme, net?’

 

 

When We Are Wild bestiet út Hille Stellingwerf (leadsang en gitaar), Wiebe Kaspers (toetsen, sang), Patrick Schaafstal (gitaar, sang), Bart Hooghiemstra (bas, sang) en Pandu Windartono (drums, sang). Benijd nei wêr’t de band dit wykein spyljet? Sjoch op www.whenwearewild.com foar de list mei optredens.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.