Twa kear it Starteilân

Publisearre op 20 november 2020

ARJANNE NIJP – 

Twa kear it Starteilân yn de Snitsermar. Twa kleurrike skilderijen. En twa kear in hiel eigen perspektyf. Ik haw it oer de earste skilderijen dytst sjochst, as de eksposysjeromte fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits binnenstapst. It iene is fan’t simmer makke, troch Willem Corsius. It oare yn 1923, troch Johan Dijkstra.

 

“Ik ben eind jaren ’60 getrouwd met een Sneekse, en 20 jaar lang draaide het leven om de schoonfamilie in Sneek.”

 

Ast se sa hingjen sjochst, lykje de ferskillen grutter as de oerienkomsten. Mar dy binne der wol. Beide keunstners binne lid fan Groninger Kunstkring De Ploeg. Beide sieten se ek yn it bestjoer fan de keunstnersferiening. En beide kamen se in protte yn Fryslân.

Johan Dijkstra wie yn 1918 ien fan de mei-oprjochters fan De Ploeg. “Hy hie in boat en skildere faak yn de omkriten fan Grou,” wit direkteur Meindert Seffinga. It skilderij dat yn de tentoanstelling te sjen is, heart by de fêste kolleksje fan it museum. “Wy binne dêr hiel wiis mei, want it is in wurk fan heech nivo, en it jout in moai byld fan hoe’t de wettersport om it Starteilân hinne belibbe waard yn de jierren ’20. Troch no it wurk fan de keunstners fan De Ploeg hjoedtedei sjen te litten, meitsje we in moaie ferbining tusken no en doe.”

 

 

Willem Corsius út Oostwold wie oant koartlyn de foarsitter fan De Ploeg. Ek hy skildere in Starteilân, mar dan fanút in oare ynfalshoeke: as fleanst der oerhinne. De ynspiraasje helle hy út syn jongere jierren, doe’t er noch in protte yn Snits kaam. “Ik ben eind jaren ’60 getrouwd met een Sneekse, en 20 jaar lang draaide het leven om de schoonfamilie in Sneek. De herinneringen hebben een ander perspectief gekregen, maar het Starteiland is er nog altijd.”

Op de eksposysje Groningers in Fryslân. Kunst van De Ploeg anno 2020 is fan yn totaal 18 hjoeddeistige Ploegleden, wurk te sjen. Benammen skilderwurk, fan abstrakt oan realistysk, mar ek oar byldzjend wurk lykas in terplânskip út in grutte beamstronk. Fryslân en it Fryske wetter wie foar alle keunstners it tema dêr’t se mei oan it wurk giene, en allegear jouwe se dêr in hiel eigen ynfulling oan. De kommende wiken sil op de website fan de Moanne mear wurk útljochte wurde.

 

It Fries Scheepvaart Museum yn Snits is alle dagen iepen. Online in kaartsje keapje is ferplichte, en kin fia http://tickets.friesscheepvaartmuseum.nl.

Sjoch foar in folslein oersjoch fan alle musea yn Fryslân op www.friesland.nl/cultuur en www.museum.frl/musea

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels