De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.
Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Dus jou jo op om mei te dwaan en lit jo dêrby foaral liede troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Meld jo oan fia ynfo@rixt.frl.
Frysk Dichterskollektyf RIXT is in kollektyf dêr’t mear as 50 dichters by oansletten binne. Op rixt.frl komme geregeld nije fersen dy’t skreaun binne op de aktualiteit. Streekdichter Geart Tigchelaar hat him foarnommen om de poëzy yn alle soarten en foarmen safolle mooglik ûnder de minsken te bringen.