It lêste aai: rekwiëm foar in fûgel

GERBEN DE VRIES –

As jonges fan it wetterlân giene wy yn de iere maitiid te aaisykjen. Ljipaaien fansels, mar ek wol dy fan skriezen en strânljippen. Dy fan de skries fûn ik doe de lekkerste. In inkelde kear strûpten wy de overal omheech en toffelen wy troch it wetter nei in merkelnêst. Al seinen wy ‘poep’ tsjin de swarte fûgel. Wy toarken moai wat yn de romte om en ûntdutsen dat it lân as in sirkel om ús hinne lei. Heech yn de loft de ljurk. Of in ljip – wy seine liip – dy’t as in gek in ka sloech. Tûke aaisikers wiene wy oars net, al fûne wy hast altyd wol wat. Doe wienen der noch in soad ljippen. Mei de ferhuzing nei de stêd wie de loop der wat út. Dat wie mar goed ek, want foar’t je it witte binne je ‘Fûgeltsje de Vries’.

Der waard yn dy tiid ek al wakker ûngelyk tocht oer aaisykjen. Sunt 1969 naam keninginne Juliana it earste ljipaai fan Nederlân al net mear yn ûntfangst. Earste aaien waarden dêrnei oanbean oan de CdK’s en boargemasters. De provinsje Fryslân hat himsels opsmiten as beskermer fan it aaisykjen, de lêste jierren hieltyd mear omdat de tradysje in wichtich ûnderdiel fan de ‘Fryske kultuer’ en de ‘Fryske identiteit’ wêze soe. It perfide Europa kin him dat neffens in protte Friezen net yntinke; dat it sykjen fan in aai in utering is fan it djipste wêzen fan de Fries.

 

In ûntmaskering fan komsa! Oars kin ik it net sizze. Nei it lêzen fan twa boeken fan Pieter Breuker – ‘Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren (1880-1800)’ en ‘Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, festlein yn wurden en bylden’ – binne my de eagen iepene.

 

At dat echt sa is, soene je in mânske histoariografy oer dizze oerâlde tradysje ferwachtsje. Opmerklik genôch falt dat nochal ôf en foar de Twadde Wrâldkriich is der suver neat oer te finen. Yn de universitêre pultrum fûn ik in boekje fan Jan Kaay út 1949, ‘Hoe zoeken we kievitseieren. Een korte beschrijving voor oud en jong over het vinden van bonte eieren.’ Dat is itselde ûnderwerp as dat fan Teake Straatsma. Hy publisearre yn 1951 ‘Op zoek naar kieviten en kievitseieren’. In pear jier letter, yn 1953, ferskynde der in serieuze dissertaasje fan Herman Klomp oer ‘De terreinkeus van de kievit’. Yn de jierren 60 fan de foarrige iuw kaam de earste krityk op it aaisykjen. Faaks dat dat de reden wie dat der jubelboeken op de merke kamen, lykas ‘Hijkes en sijkes’ (1967) fan Cees van Dijk en ‘De kievit. Een monografie over onze nationale vogel’ (1969) fan de ûnûntkombere Rinke Tolman.

Alles opteld net in soad, mar foar in koarte perioade in aardich rychje. Nei 1970 falt der, om mar ris in oxymoron te brûken, in alderheislikste stilte. Alles wat der oer de ljip en it aaisykjen te sizzen wie, wie dúdlik al sein. Dat wie fansels net sa, want de skiednis fan dizze tradysje wie eins hielendal noch net folle bekend. De neutrale lêzer – bygelyks kritysk lid van de Bûn fan Fryske FûgelbeskermingsWachten (BFFW) – hat him yn dizze tiid mooglik wolris achter de earen klaud. Wie de stilte yn it aaisikerslân faaks te tankjen of te witen oan it feit dat der wat frjemds mei dat aaisykjen of mei dy aaisikers wie? De sikers ferdigenen harren no benammen mei it ferwear dat krekt troch it aaisykjen der yn Fryslân sa’n soad natuerbeskermers wiene. Yn it fjild ommers hiene hja de skientme fan fûgel en natuer kennen leard.

Yn de jierren 90 giet it dan dochs wer los. It begjint fuortendaliks mei in baanbrekkend boek mei in aardige titel ‘Kievit tussen pet en wet. Hijkes en Sijkes’ fan it trio Sake Roodbergen, Fokke Tuinstra en Hans Wiltenburg, mei in apart stik oer ljipaaisikerstaal fan Pieter Breuker. De titels fan de haadstikken toane dat der serieus ûndersyk dien waard. ‘Oorsprong van de Friese vogelbescherming’, ‘Historische gegevens over het zoeken naar en de handel in eieren’, ‘Perikelen rond de sluitingsdatum’, ‘Het eerste ei; Koninklijk huis, vinders, data, plaatsten’, en ‘Friesland en de kievit houden van elkaar’. De titel fan it op ien nei lêste haadstik jout oan dat der dochs wol wat oan de hân is: ‘Zorgen rond weidevogels’. Op de achterflap fan dit boek, dat yn gearwurking mei it BFFW ferskynde, waard lykwols wol dúdlik dat dy soargen net al te bot oan de oarder steld waarden.’ As útgongspunt hie it boek nammentlik de prikkeljende stelling: ‘Eierzoeken en liefde voor de natuur; geen tegenstelling maar oorzaak en gevolg.’

It boek wie yn it nije millennium de opmaat foar in rige boeken dêr’t benammen Sake Roodbergen en Pieter Breuker foar master opsloegen. Roodbergen, fan de BFFW, publisearre yn 2005 it pamflet ‘Voorjaar 2005: een bijzondere maitiid’, yn 2009 ‘Ljippen, lân en leafde’ en yn 2013 ‘Kieviten en plevieren – ljippen en wilsters’. Dat lêste boek giet benammen oer ‘bûtenlanske’ soarten ljippen en wilsters. Sporthistorikus Breuker op syn bar kaam yn 2012 mei ‘Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren (1850-1900)’ en foarjier 2015 mei ‘Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden’. Roodbergen presentearre himsels as in harnaste foarfjochter fan it aaisykjen, Breuker wie wat hoedener. Tuskentroch wiene der noch de boeken fan Johan Dijkstra (‘Kievietseieren zoeken in perspectief: monografie van een plattelandstraditie’, 2006) en Gjalt de Groot (‘De aaisiker’, 2011). Hoewol’t it net sa bedoeld wie, kin de lêzer út dizze boeken in opfallende en eigenaardige konklúzje lûke.

 

Ik hie altiten tocht dat it sykjen nei ljipaaien in iuwenâlde gewoante of tradysje wie.

 

In ûntmaskering fan komsa! Oars kin ik it net sizze. Nei it lêzen fan twa boeken fan Pieter Breuker – ‘Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren (1880-1800)’ en ‘Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, festlein yn wurden en bylden’ – binne my de eagen iepene. Einlings ris in goed foarbyld fan wat histoarisy soms wat al te maklik invention of tradition neame. Ik hie altiten tocht dat it sykjen nei ljipaaien in iuwenâlde gewoante of tradysje wie. De terpbewenners sochten op de kwelders nei aaien, de Skieringers en Fetkeapers sloegen mekoar mei har spearen de harsens yn en gongen dan te aaisykjen mei dyselde polsstôkken. En it lân wie lokkich doe’t ein 19e iuw de pet útfûn waard, want dêr koe moai in stikmannich ljipaaien yn.

Nee dus. Fansels, de kwelderbewenners sille aaien fan greidefûgels iten hawwe en de Fetkeapers dy’t sa moai fierljepten mei har spearen seagen in ljipaai grif ek as in treflik moarnsmiel. Mar it byld fan de doarpsbewenners dy’t al hûnderten jierren nei de komst fan de ljippen massaal it fjild yn teagen, kloppet gewoan net. Fansels, der waard by gelegenheid al iuwenlang socht nei de fûgelaaien, mar lang net elkenien die dat. Yn guon streken hearden de aaien by de pacht dy’t de boeren oan de grûnbesitter betelje moasten. Fierders hiene de measte lju oant de 20ste iuw domwei gjin tiid om foar de aardigheid oeren lang te sykjen nei in pear aaien.

Ut it earste boek fan Breuker docht it al dúdlik bliken dat it aaisykjen yn de 19e iuw ynienen in berop waard. Om 1850 hinne kaam der fanút benammen Ingelân in grutte fraach nei ljipaaien en Fryslân waard in grutte eksporteur fan dit produkt. Sa waarden bygelyks yn 1884 fan de merke fan Ljouwert al 350.000 aaien útfierd. Dit betsjutte ek dat der professionele aaisikers kamen, dy’t neffens Breuker per seizoen oant sa’n 500 ljipaaien nei Ljouwert en Snits brochten. Dat wie in moaie ynstruier foar arbeiders, seker foar dyjingen dy’t om fysieke redenen in wat gruttere ôfstân hiene ta de arbeidsmerke. Der moatte sa hûnderten minsken – mannen dus, yn dy tiid – west ha, dy’t op dizze wize har brea fertsjinnen. Yn dat ljocht is it nijsgjirrich dat it kwotum ljipaaien yn 2014 noch mar op sa’n 6.000 stiet.

Ein 19e iuw namen de oantallen aaien dy’t nei Ingelân, België en oare lannen eksportearre waarden hurd ôf. Dat hie grif te krijen mei de rol fan de wetterskippen dy’t de favorite biotoop fan de ljip hieltyd droeger mealden. Dat aspekt mei noch wolris goed ûndersocht wurde. Yn dyselde tiid begûn ek de wat ik mar de ‘folklore fan it aaisykjen’ neame sil. Yn’t earstoan barde dat faak troch groepen sikers, lykas de Boalserter ‘Veldclub’ fan 1887. Ek yn it lêste boek fan Breuker stiet de ikoanyske foto fan de fjouwer oprjochters fan dizze klup, dy’t mei de fûne aaien yn in soart netsje op de hoed pronken. It wie doe noch in wat elitêre hobby, dy’t pas djip yn de 20ste iuw in ‘folkssport’ wurde soe. Doe kamen de alike ikoanyske petten der oan te pas, dy’t dus net allinne droegen waarden troch Fryske Bewegers. Of wiene dat krekt wer even oare petten? De ljip en de Fryske taal tusken pet en wet?

 

Breuker docht syn best om it ta in echte Fryske sport te meitsjen, yn de rige keatsen, skûtsjesllen en fierljeppen. Mar is aaisykjen wol in echte sport?

 

De striid foar it aaisykjen en foar it brûken fan de eigen taal run aardich lykop. Yn de jierren 60 fan de foarrige iuw waarden beide in tradysje. De Fryske taalstriid wie al wat earder begûn, mar krige no pas de wyn yn de seilen. It ljipaaisykjen waard no frij hommels in diel fan de Fryske identiteit. De keningine wegere fan 1968 ôf it foarste ljipaai yn ûntfangst te nimmen. Dat wie feitlik foar de Fryske foarstanners in blessing in disguise, want sa koe dizze hobby in typysk Fryske folkssport wurde. De Ljouwerter Krante fersterke dat idee mei de jierlikse útrikking fan de Sulveren Ljip. De invention of tradition kin dus hiel goed yn de tiid pleatst wurde, 1968 en 1969.

Sûnt de jierren 70 kaam it ljipaaisykjen hieltyd mear ûnder fjoer te lizzen, yn Nederlân en Europa. Yn dizze tiid waard it noch ferdigene mei in berop op dy âlde tradysje. Der wie amperoan in histoariografy fan it aaisykjen, dus dy bewearing waard net offisjeel bestriden. It iroanyske fan de sitewaasje is dat der fan de jierren 90 ôf oan ferskate boeken skreaun binne oer dit ûnderwerp, hast allegear troch foarstanners fan it ljipaaisykjen. Benammen troch de boeken fan Breuker – ek dy út 2015 – witte wy no dat it in noch jonge tradysje is. Dat sil dan ek de reden west ha – bewust of ûnbedoeld, dat is net alhiel dúdlik – dat no de klam mear lein wurdt op it aaisykjen as folkssport. Breuker docht syn bêst om it ta in echte Fryske sport te meitsjen, yn de rige keatsen, skûtsjesllen en fierljeppen. Mar is aaisykjen wol in echte sport? Der is gjin ûnderlinge konfrontaasje tusken de sporters en der kin ek net foar treend wurde. Of de BFFW soe de regels feroarje moatte en op in stik lan fan minimaal fiif pûnsmiet twa aaisikers loslitte kinne. Dejinge dy’t it earst in ljipaai fynt wint de twastriid. Ik bin bang dat dit him net wurde sil.

Los fan de fraach oft aaisykjen in sport is of sels in folkssport, wit elkenien yn syn hert wol dat it in ôfrinnende saak is. Tradisjonele folkssporten lykas it ôfsjitten fan kwartels op Malta binne op syn retoer. It aaiskykjen is wat minder radikaal, mar bliuwt ien fan de bedrigingen fan in fûgel dy’t frij seldsum oan it wurden is. It is noch wol de populêrste fûgel fan Fryslân, sa lês ik by Breuker. Lêsten stie yn deiblêd Trouw dat dy posysje yn Nederlân weilein is foar de kening fan de greide, de skries. Fryslân is binnen Europa gjin Sonderweg en lang om let sil it ljipaaisykjen ferbean wurde. Yn stee fan it earste kin dan it allerlêste aai oan de kommisaris fan de kening oanbean wurde. De winner mei foar my wol in Gouden Ljip krije.

Comments
5 reaksjes oan “It lêste aai: rekwiëm foar in fûgel”
  1. josse de haan schreef:

    ‘Aaisykjen kinne jo net traine’, skriuwt de histoarikus Gerben de Vries. Nee, frije ek net, mar nettsjinsteande dat kin it wol leard wurde, en kin it heel wat wille bringe – al mear as hûndert jier as ik it haw oer myn eigen famylje.

    Op 27 maart 1915 fûn myn pake nei wa’t ik neamd bin yn de Flearen ûnder Tsjom it earste ljipaai fan Fryslân. Hy wie 31 jier en boerearbeider dêre yn Tsjom. Arbeiders koene allinne op snein aaisykje, besochten der dan wat by te fertsjinjen.

    Ik haw myn pake yn in fers FERDWAALDE AAISIKER OP IT PROVINSJEHÛS huldige – it fers stiet yn FROZEN MOONLIGHT YN MYN HANNEN (2013, Elikser).

    Doe’t ik 5 wie naam hy my mei de greiden yn by Peins, learde my wat in jok wie, wat in hy, en de betsjutting fan it roekejeien. Myn pake trainde my in pear jier, dêrnei doe’t er stoarn wie naam us heit it oer. Oant ik it foar de guit hie. Iksels haw it myn bern en myn Baskyske freondinne leard – traine, traine, traine De Vries, jo hâlde it net foar mooglik. It reinde ljipaaien yn us libben.

    As skaken en damjen sporten binne, dan is aaisykjen ek wis in sport. Lykas frijen sa’t ik al oanjoech.

    Pieter Breuker en ik groeiden op yn Skingen en Peins, wy aaisochten, wy reedriden en wy keatsten. Dy trije sporten bepaalden us libben doe’t we jong wiene, sa’t it it libben fan us pakes en oerpakes bepaald hat. Tradysjes? Sis it mar…

    Benammen op snein, want dan hie elk frij. Dy tradysje fan it ferline hat Pieter Breuker it oer. Dêr haw ik it oer yn myn gedicht foar us pake – fiksje en non-fiksje. Histoarje en wurklikheid.

    Neffens my soe in histoarikus tûk wêze moatte op feiten tsjekke en nochris tsjekke. De tomme hat hjir gjin funksje as allinne it eliminearjen fan nonsens. Poëzij, De Vries, aaisykjen is soms deagewoan poëzij. Mar ja, literatuer is gjin histoaryske wittenskip; Faaks sit dêr de oast.

  2. sake p. roodbergen schreef:

    It is tige aardich om te besykjen de gedachtegong fan Gerben de Vries te folgjen. It is goed: it petear moat trochgean. De saak áchter it ljipaai -it trochbestean fan de BFVW as grien ynstitút- is dêrfoar wichtich genôch.

    It is miskien goed om noch in boek fan resinte datum te neamen dat yngiet net allinnich op it ljipaaisykjen, mar op in grut tal fan saken dy’t mei rispinge út de natoer te krijen hawwe. It giet dan om it boek mei de lange titel plus subtitel: “Beter één vogel in de hand..; vogelvangst, valkerij en eieren zoeken in ambacht, cultuurhistorie, natuurbescherming en wetenschap”. Het boek was de neerslag van een symposium in de Uithof in Utrecht in 2006, en kwam uit in 2008. Bij de befaamde KNNV Uitgeverij en dat was eigenlijk pikant, want die club kun je niet verdenken van “uitspattingen in en mét de natuur”. Met dank aan de uiterst kritische redactie werd ik ‘per ongeluk’ een auteur van het deel over het “aaisykjen”.

    It is miskien wol aardich te melden dat nei ik hoopje dit jier- in boek ferskynt by de Amsterdamse útjouwerij Atlas Contact, mei de titel De Kievit. It moat in soarte fan ferfolch wurde op Rinke Tolman syn mongrafy, ëen standbeeldje”.
    Ik bin frege om it te skriuwen, en doe’t ik frege om hokker fasetten fan de ljip it boek gean moast, krige ik as antwurd: “Over alles”. Dat is in hiel soad. Ik doch myn bêst, in earste konsept leit by de redakteur.

    Freonlike groet,

    Sake

  3. sake p. roodbergen schreef:

    Twadde reaksje.
    By better lêzen mis ik eigentlik dochs wol it boek oer de histoarje fan de earste heale iuw fan de BFVW. It boek hjit B..F.V.W in vogelvlucht en perspectief, en waard presintearre yn de lêste wiken fan de foarige iuw, op 19 desimber 1999, yn it Abe Lenstra-stadion -mei sin dêr want Abe wie noch earder in aaisiker en fisker as in fuotballer- op It Hearrenfean.
    Ik ha noch wol in pear eksimplaren.
    Sake

  4. Pieter Breuker schreef:

    De ‘histoariografy’ fan it aaisykjen wat neier besjoen
    Gerben de Vries (*1960) is neffens eigen sizzen al lang gjin aaisiker mear. Syn soarch is, hy soe ris mei ‘Fûgeltsje’ Bosch (Gerrit Bosch (1893-1981), de grûnlizzer fan de Fryske ornitology) lykslein wurde kinne. No hoecht er him dêr, leau ‘k, net drok oer te meitsjen. Sa lit er in ljip, heech yn ‘e loft, op in … ka slaan en datearret er it aaisykjen as folkssport ‘djip yn de 20ste iuw’.
    De Vries behannelet de skriuwerij oer it aaisykjen ek net al te saakkundich. Hy neamt yn syn stikje mar leafst 12, hiel ferskillende, boeken en suggerearret sa in byld te jaan fan ‘de histoariografy’ fan it aaisykjen. Dat moat wol mis gean, mei ek omdat De Vries by myn witten net earder oer dit ûnderwerp publisearre hat. Hy slacht belangrike publikaasjes oer (sjoch ek de reaksje fan Sake Roodbergen hjirboppe). Sa soe syn blik op de diskusje oer it aaisykjen grif ferromme wurde troch it lêzen fan de analize fan in bûtensteander, in Kolombiaan: Andres Forero Rueda. Lapwings, landscapes, and difference. An Ethnografy of Ljipaaisykjen in Friesland (masterskripsje Kulturele Antropology UVA. Amsterdam, 2013).
    De Vries is in tsjinstanner fan it aaisykjen en, hy mei it leauwe of net, ik ha dêr gjin inkelde muoite mei. It is nota bene sa dat ik sels fan ien dy’t aaien meinimt feroare bin yn ien dy’t se langer lizze lit, mar net omdat it aaisykjen ferkeard wêze soe foar de ljippestân. Alle begryp dus foar De Vries syn stânpunt, mar ik soe dêrfoar dan wol graach goede arguminten hearre wolle. ‘It aaisykjen bliuwt […] ien fan de bedrigingen fan in fûgel dy’t frij seldsum oan it wurden is’, sa wol De Vries hawwe. Tsja, wa’t dat hjoeddedei nei alle ynformaasje oer de werklike redenen fan de achterútgong fan de ljip noch skriuwt, moat him ek op dit punt noch marris ferdjipje yn de feiten en yn de relevante literatuer. Ik sil my no yn myn reaksje fierder konsintrearje op in pear aspekten fan De Vries syn ‘besprek’ fan myn ferline jier útkommen Ljip en aai yn hert en holle, it boek dêr’t er dan noch it measte wurk fan makket.
    Om te begjinnen: myn boek behannelet no krekt net de pro’s en kontra’s fan it aaisykjen. Ik ferantwurdzje dat ek eksplisyt (s. 9). De kearn fan myn boek giet oer it plak fan it aaisykjen yn de Fryske kultuer. Ik besteegje aparte en wiidweidige haadstikken oan taal en literatuer (poëzy, koarte ferhalen, in toanielstik) en troch it hiele boek hinne haw ik in 70 uteringen (ek nasjonaal en ynternasjonaal) fan byldzjende en ambachtlike keunsten oer myn ûnderwerp opnommen. Dêr seit De Vries neat oer. Wol makket er yn algemiene sin in opmerking oer dit ûnderwerp: ‘De provinsje Fryslân hat himsels opsmiten as beskermer fan it aaisykjen, de lêste jierren hieltyd mear omdat de tradysje in wichtich ûnderdiel fan de ‘Fryske kultuer’ en ‘Fryske identiteit’ wêze soe’. Fierderop stelt er lykwols dat yn de jierren 60 fan de foarige ieu it aaisykjen ‘frij hommels in diel fan de Fryske identiteit’ waard. Dat is alles wat er oer dit haadtema te melden hat. En ek hjirre falt op dat De Vries foarbygiet oan de ynternasjonale diminsje. Ik behein my ta twa publikaasjes oer kulturele aspekten (en dêrmei oer identiteit): foar Ingelân The Lapwing in Britain (1953) fan Kenwick Grant Spencer en foar Dútslân, mear yn it bysûnder foar it eardere East-Fryslân, Fritz Blume syn Im Geiste Bismarcks. Die Getreuen von Jever (2003). Men freget jin ôf wêrom’t De Vries net de muoite nimt om werklik yn te gean op it plak fan it aaisykjen yn ‘de Fryske kultuer’, op de fraach yn hoefier’t it in ûnderdiel fan ‘de Fryske identiteit’ is. Ek op oare punten wjukkelt De Vries wol hiel maklik oer syn ûnderwerp hinne.
    Sa stelt er dat it aaisykjen in typysk foarbyld wêze soe fan in ‘invented tradition’. Dêrby giet er fan de ferkearde ferûnderstelling út dat dy pas yn 1968/1969 ûntstean wêze soe. Ofsjoen fan it komike fan dy wol hiel krekte datearring, ik lit sjen dat de tradysje al folle âldere woartels hat. Ik behein my ta ien aspekt: it oanbieden fan in earste aai. Dat fenomeen datearret yn alle gefal al fan de 18de ieu (in adellike grutgrûnbesitter wie de ûntfanger). En al om 1850 hinne krigen bestjoerlike pommeranten har earste aai: de Kening, de Kommissaris fan de Kening, de boargemaster (de beide lêsten net allinnich yn Fryslân). Yn 1969 is it Keningshûs ophâlden mei it oannimmen fan it earste aai, mar fierder duorret de tradysje yn Fryslân oant hjoeddedei ta.
    Dêr wie, oars as De Vies suggerearret, hielendal net de ‘help’ fan de Fryske Beweging by nedich, de tradysje koe (en kin) hiel skoan út eigen wjukken fleane, dy hat gjin ideologysk sauske nedich. Nettsjinsteande it noch hieltiten tanimmende ferset tsjin it aaisykjen en de allyk sa útdijende burokrasy dêr omhinne binne der noch altiten in 4.000 aaisikers/neisoargers yn Fryslân. Ik ken se fansels net allegearre, mar ik ha wol in byld fan de groep as gehiel en dy wurdt wier net it fjild yn dreaun troch bewegingsmotiven. Ik bin op bou of yn greide yn alle gefal noch noait ien tsjinkommen dy’t it praat op dat ûnderwerp brocht. Dat gong (want safier is it ûnderwilens) altiten oer in kânske, in al of net lege pet, de konkurrinsje, it waar, de maitiid, mar net oer de (foarbye?) ynset fan de provinsje, om fan in ‘invented tradition’ mar te swijen. De Vries soe heechút stelle kinne dat de dus koninue tradysje hieltiten wat mear ‘oanklaaid’ is. Foar fierdere ynformaasje oer dit ûnderwerp ferwiis ik nei myn bydragen fan 22 maaie en 20 july 2015 op Y-Skrift.
    In nuvere bûtenslach ek is De Vries syn werjefte fan myn haadstik oer ‘it aaisykjen as sport’: ‘Breuker docht syn bêst om it [aaisykjen] ta in echte Fryske sport te meitsjen, yn de rige keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen. Mar is aaisykjen wol in echte sport? Der is gjin ûnderlinge konfrontaasje tusken de sporters en der kin ek net foar treend wurde.’ Dat is alles en it lêste hie ik sels ek al opmurken.
    No moat ik alderearst kwyt dat ik yn it foar al hielendal net it aaisykjen ta sport ferklearje woe. Hoe komt De Vries dêrby? Ik wie, alderearst as sporthistoarikus, ‘gewoan’ benijd yn hoefier’t it aaisykjen as sport besjoen wurde koe. De mieningen dêroer binne ferdield, mar de byhearrende argumintaasje ûntbruts oant no ta fan beide kanten of wie op syn bêst wol hiel meager.
    It falt op dat De Vries al hielendal foarby giet oan myn opset fan dit ûnderwerp. Ik set it aaisykjen yn in breed ramt en gean dêrby út fan kritearia dy’t yn de sporthistoarje algemien sjoen wurde as skaaimerken fan sport.
    Ik kom alderearst ta de konklúzje dat it aaisykjen yn ferskillende opsichten besjoen wurde kin as in foarm fan kompetysje. De striid giet dêrby om it (of better: in) earste aai én de measte aaien, spilet him op nasjonaal, provinsjaal en lokaal nivo ôf, tusken yndividuen en groepen (aaisikersklups), mei as nijsgjirrige tsjinstelling de kompetysje om it earste aai tusken Fryslân en (erffijân) ‘Hollân’ (doe’t dêr ek noch socht wurde mocht). Neist in materiële beleanning (dy’t grif bydroegen hat ta it yn stân hâlden fan de tradysje), spilet, krekt as by sport yn it algemien, de eare in grutte rol. Yn dat ferbân kom ik wiidweidich op bygelyks de rol fan de media, it beheljen fan it publyk by it finen en de finers fan it earste aai, it krijen fan earbewizen foar it finen fan it earste aai (brieven fan it Keningshûs, oarkonden, medailles, bekers, ensafh.).
    De folgjende stap is dat ik it aaisykjen yn in noch bredere kontekst set. Foldocht it oan de sân kritearia dy’t yn de ynternasjonale wittenskiplike literatuer foar sporten jilde? Op 3 punten net, sa is myn konklúzje, mar wol wat egalisearring, kwantifisearring, jacht op rekords en burokrasy oangiet (foar neiere ynformaasje: s. 95-97 fan myn boek). En om it aaisykjen dan noch wat better typearje te kinnen, fergelykje ik it mei oare Fryske sporten: it keatsen, fierljeppen, skûtsjesilen, mar ek mei it net troch De Vries neamde (koartebaan)reedriden, Frysk damjen en de Fryske hynstesport. Ik kom dan ta de algemiene konklúzje ‘dat it aaisykjen yn in grut oantal opsichten goed tusken de Fryske fysike sporten past, mar tagelyk ek syn unike kanten hat’ (s. 99). Mei dat lêste doel ik op it ûntbrekken fan (offisjele) trening en ek fan in direkte konfrontaasje mei tsjinstanners. Mar by it sa objektyf mooglik beantwurdzjen fan de fraach oft it aaisykjen wol of net in sport is, sil, sa beslút ik dit haadstik, by in protte dochs in emosjoneel argumint de trochslach jaan: der is in bist – de ljip – yn it spul.
    Noch in lêste punt. As it aaisykjen werklik in ûnderdiel wêze soe fan ‘de Fryske kultuer’, fan ‘de Fryske identiteit’, dan ‘soene je in mânske histoariografy oer dizze oerâlde [priuw de irony] tradysje ferwachtsje’, sa stelt De Vries. Mar foar de Twadde Wrâldoarloch is ‘der suver neat. Soe it ek wêze kinne dat de (serieuze) skiedskriuwing fan it aaisykjen pas sa let op gong kommen is, omdat de aaisikers lang in quantité négligeable foarme hawwe? It wienen ommers hast allegearre mar ‘gewoane’ minsken út it folk, sûnder de mooglikheid om har eigen stim goed hearre te litten en se foarmen, al wienen se mei har tûzenen, relatyf sjoen in lytse groep. Sa besjoen is it nammerste opmerkliker dat foaral dichters (ek fan namme) har al betreklik ier yn de 20ste ieu oan de ljip en it aaisykjen ‘weage’hawwe. Ik beslút myn reaksje mei de lêste strofe fan Jan Piebenga syn ‘De aaisiker’ (1935):

    ‘De boer, de feint, it djip ferstân,
    Hja sykje aaien om ‘e nocht.
    Har lûkt allinnich loft en lân,
    It skôgjen fan hoe’t it hijke fljocht.
    En sjende wurde hja de ljip
    Dy’t tommelt oer de wjok,
    Ferdwine yn ’t blau, in fiere stip,
    En fine ’t swalkerslok!’

    Pieter Breuker

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.