It hat sa west

Publisearre op 21 december 2017

WENDY DE JONG – 

“As ik it sels yn ‘e hân hie, dan draaide ik de tiid werom. Dan joech ik mysels wat jierren derby. Ik soe graach wer wat jonger wêze wolle.” Fan Jelle Zwart (1926) ferskynde dit jier syn tredde dichtbondel Fandele.

 

“It is in hiel persoanlike bondel wurden, mei gedichten dy’t sjen litte wa’t ik bin.”

 

Zwart is pas op lettere leeftyd begûn mei dichtsjen. “Ik ha myn hiele libben wurke en my ynset foar ferskillende organisaasjes. En begryp my net ferkeard, ik ha it hiel goed hân. Skriuwe die ik al wol, mar altyd skreau ik rapporten. Nei myn pensjoen haw ik in tal dichtkursussen folge. De lêste kursus wie fan Tsjêbbe Hettinga, dêr haw ik in soad fan leard. Hy koe alles út ’t holle, wier alles. Tsjêbbe hie it der altyd oer dat de fersen sjonge moasten. Dat komt fansels fan froeger, de Romeinse koeriers dy’t op paad gienen mei in boadskip, moasten dy fansels ûnthâlde en om dat te kinnen, makken se de boadskip ritmysk. Hettinga is ergens in foarbyld. Ik kin der lang net oan tippe, mar hy hat my ynspireare om te dichtsjen.”

De gedichten fan Jelle Zwart sjonge ek. Wannear’t je se lêze, moat it sjonge: “As it net sjongt, kloppet it net. Sa simpel is it, in gedicht moat sjonge.” Fandele is Zwart syn tredde dichtbondel. “It is in sammelbondel. Guon gedichten ha ik trije jier lyn al skreaun, oaren binne resinter.” Nei it winnen fan de Rely Jorrtismapriis in 2004 mei Inkel sân en it ferskinen fan syn oare bondels, Sân skeppen sâlt yn 2006 en De witte hoed yn 2009, wie Zwart eins hielendal net fan doel om wer in bondel te meitsjen. “It is tafal dat dizze bondel der no is. Doe’t ik oan it opromjen wie, fûn ik de gedichten werom en tocht by mysels, dit moat ik goed útskriuwe no’t ik it noch lêze kin, myn eagen wurde minder, sjoch. Ik ha de gedichten op ‘e nij lêzen en reviseare. Myn frou en bern hawwe it doe lêzen en sy ha my oanmoedige om se op te stjoeren nei myn útjouwerij. As de útjouwerij der net entûsjast oer west hie, wie my dat ek goed west. Mar se fûnen it wurk prachtich en woenen it graach útjaan.”

“Myn ynspiraasje helje ik ut de dingen dy’t ik meimeitsje. De ivichheid en it âlder wurden binne dan ek saken dy’t bot werom komme. Eins binne de gedichten lytse ferhaaltsjes. Se geanne oer situaasjes dy’t ik om my hinne meimeitsje. It wurket therapeutsich, kinst wol stelle. Troch op te skriuwen wat ik doch en wêr’t ik oan tink, kin ik it fan my ôfskriuwe. Ik skriuw sa ’t ik bin. Dat fyn ik ek it moaiste oan de bondel, it is hielendal myn eigen styl. Trochdat de gedichten yn earste ynstânsje net skreaun binne foar publikaasje, steane se hiel ticht by my. It is in hiel persoanlike bondel wurden, mei gedichten dy’t sjen litte wa’t ik bin.”

Jelle Zwart is beskiedenen oer syn wurk. “Ik bin hielendal net yn de ferûnderstelling dat myn bondels der oer in pear jier noch binne, sa wichtich is myn wurk net. Ik skriuw ek net om een soarte fan status te krijen, mar foar mysels. Dizze bondel is echt fan my, lykas myn oare bondels trouwens. Om’t it sa’n persoanlike bondel wurden is, kinne de minsken echt in bytsje meisjen yn myn libben en myn tinzen. Ik hoopje dan ek dat de minsken der miskien wat foar harsels úthelje kinne, al is it mar ien gedicht, ien rigel of mar in wurd. Myn wurk is der en as je it lêze, kinne je sizze; it hat sa west.”

 

Jelle Zwart, Fandele. Utjouwerij Frysk en Frij, 2017. €20,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels