It Broken Brass Ensemble

Publisearre op 1 december 2012

NYNKE VAN DER ZEE – 

As wienen se yn de rûzige jierren 20 sa út New Orleans plukt, hast 100 jier fakkundich bewarre en no yn 2012 yn Fryslân foar it earst wer foar it ljocht helle. Stiif strutsen oerhimden, strakke gilets, slytske spikerbroeken en hjir en dêr in fashionable huodsje. De acht manlju fan it Broken Brass Ensemble binne net allinne in plaatsje om te sjen, mar foaral ferslaavjend om nei te hearren. Dy Fryske brassband kombinearret de tradisjonele New Orleans brass mei ynfloeden fan hiphop, balkan, funk, blues en fanfare. It resultaat is in fjoerbal fan opswypkjende ‘feel good’ enerzjy. Brass sa’t brass bedoeld is.

Sykje by YouTube op Broken Brass Ensemble en der springe filmkes te foarskyn fan kloften swingende minsken. Midden tusken it publyk steane acht mannen, dy’t mei rappe, prikkeljende nûmers en retestrakke perkusje it fjoer hieltyd fierder opstoke. Sûsafoanspiler Hendrik Baarda en drummer Pieterklaas de Groot nimme de massa mei yn in ûnfersteurbere kadâns. Wannear’t saksofonist Nick Feenstra syn fingers yn rap tempo oer de kleppen dûnsje lit, liket er syn tahearders te betsjoenen. De enerzjy trillet yn ’e loft, stoom walmet letterlik fan de muzikanten ôf. It is presys wat brass wêze moat, fynt inisjatyfnimmer en manager Peter Reen. ‘Die pure energieke New Orleans style, waarbij muzikanten met snelle, opzwepende muziek continu zoeken naar improvisatie en interactie met het publiek. Dit is brass in zijn puurste vorm.’

De enerzjy fan de mannen trillet yn ’e loft, stoom walmet letterlik fan de muzikanten ôf.

Skjinne klean
Se spilen it ôfrûne jier op alle grutte Fryske eveneminten. Fan it Frysk Strjitfestival en de Slachtemaraton oant Oerol en Into The Great Wide Open. En de boekingen komme noch altyd binnen streamen, ek fan bûten de provinsje. Sa stiet der begjin novimber in optreden by it 100-jierrich jubileum fan it Olympysk Komitee NOC*NSF op it program en binne de manlju trije dagen letter útnoege yn de Amsterdamske Melkweg. It is ûnfoarstelber hoe’t it achttal himsels yn in omsjoch op ’e kaart setten hat. En dat foar in groep jonge muzikanten dy’t pas yn juny dit jier foar it earst fan har hearre lieten. Wa’t yn jannewaris googele hie op Broken Brass Ensemble, hie nul op it rekest krigen. Doe bestie it idee allinnich noch mar yn de holle fan Peter Reen. In old style brassband mei jonge brûzjende muzikanten dy’t de wrâld fan de Hafabra ris flink op ’e kop sette soenen. In gouden greep, sa docht no wol gau bliken.

‘Die pure energieke New Orleans style, opzwepende muziek, improvisatie en interactie met het publiek. Dat is brass in zijn puurste vorm.’

Mei twa grutte tassen oan it stjoer komt Peter oanfytsen. Yn de tassen de smoarge wask fan de band. Switterige outfits dy’t de mannen it kommende wykein wer oan ha moatte yn de Melkweg. As manager regelt Peter werklik alles. Hy hoecht syn smartphone mar te gripen en der wurdt mei ret. ‘Van optredens tot schone kleren, Peter regelt alles’, laket trombonist Sjors Dijkstra. As 11-jierrich jonkje krige Sjors foar it earst in skotromboane yn hannen. Heit en mem sieten beide by it korps fan Snits en al gau krige ek hy in plakje by de fanfare. Befongen troch de skientme fan it ynstrumint, folge er in oplieding oan it konservatoarium, dêr’t er koartlyn ôfstudearre. Jong, bejeftige en net bang om te solearjen; presys de muzikant dy’t paste by it Broken Brass Ensemble. Lang hoegde de trombonist dan ek net nei te tinken doe’t er frege waard. ‘Ik vond het meteen een supertof idee. En het concept slaat aan, als je kijkt waar het ons inmiddels heeft gebracht.’

 

Bak herrie
Grins, Rotterdam, Den Haach. It sukses fan de band giet ûndertusken as diggelfjoer troch Nederlân. In diel fan harren sukses ha de mannen te tankjen oan it optreden by Into The Great Wide Open op Flylân. Twa dagen lang sleepten de mannen mei harren ynstruminten oer it eilân. Sân yn ’e skuon, de seewyn troch it hier en de sinne fûl op ’e hûd. Der waard blaasd as nea tefoaren. Fan lawaaiïge winkelstrjitte oant drokke boatoertocht, oeral wie it opswypkjende lûd fan brass te hearren. ‘In totaal hebben we acht keer opgetreden’, fertelt Peter. ‘Waar mensen waren, hebben we gespeeld. Dat is het voordeel van een brassband, je kunt ons overal neerzetten zonder dat we een podium of techniek nodig hebben.’

Mei de optredens by Into The Great Wide Open joech Broken Brass in ûnmisber fisitekaartsje ôf oan de nasjonale muzykkenners. In kroan op al it regelwurk fan Peter. ‘Doel is om uit elk optreden minstens één vervolgoptreden te halen. Dat is ons op Vlieland meer dan uitstekend gelukt.’ Hichtepunt wie sûnder twivel it optreden om it kampfjoer hinne op it nachtlike strân. Sjors glimket as er dêr oan weromtinkt. ‘Dat gesleep met het drumstel over die duinen, geweldig. Toen we aankwamen was er net een eerste vuur gemaakt, waar een klein groepje mensen omheen stond te luisteren naar het vredige geluid van de aanrollende golven. Voordat we begonnen met spelen, hebben we ze eerst maar even gewaarschuwd. “Jongens, we gaan hier een enorme bak herrie maken.” En dat hebben we gedaan. De sfeer is niet te omschrijven. Al die uitgelaten mensen die intens genieten en losgaan op onze muziek. Ik keek op een gegeven moment naar de duinrand en zag dat er rijendik publiek kwam aanlopen. Ongelooflijk, zo indrukwekkend.’

‘Voordat we begonnen met spelen, hebben we het publiek gewaarschuwd. “Jongens, we gaan hier een enorme bak herrie maken.”’

Eigen nûmers
Mei de ferrassende miks fan funk, hiphop, balkan en blues sprekt Broken Brass in grut publyk oan. Ymprovisaasje, enerzjy en folop kontakt mei it publyk. Dat binne de yngrediïnten fan de ‘successtory’ dy’t de band haadstik foar haadstik skriuwt. ‘En dat we onze eigen nummers schrijven’, follet Sjors oan. Dat is noch in hiele opjefte, jout er ta. ‘In tegenstelling tot een gewone band met gitaren, drums en een keyboard, kun je het bij een brassband niet met akkoorden alleen af. Je moet eerst alle melodielijnen helemaal uitwerken, om te testen of een nieuw nummer aanspreekt. Zeven van de acht instrumenten binnen onze band zijn namelijk melodie-instrumenten, die noot voor noot op papier moeten hebben.’

It New Orleans-konsept makket de band unyk. ‘Ik vond tijdens mijn zoektocht één vergelijkbare brassband in Nederland, maar dat waren ietwat oudere heren die alleen covers speelden’, fertelt Peter. ‘Voorwaarde voor de muzikanten van Broken Brass is dat ze jong zijn, alles staand kunnen spelen en de muziek uit hun hoofd kennen.’  Alle wiken komme de hearen byinoar yn it âlde PTT Ekspedysjekantoar oan de Marshallwei yn Ljouwert, om te repetearjen en nije muzyk te skriuwen. Op de playlist steane ûndertusken sân eigen nûmers en ien cover fan it Hypnotic Brass Ensemble. Dêr komme ynkoarten sûnder mis noch in pear eigen kreaasjes by, belooft Sjors. Beweechlik. Brutaal. Blits. ‘Da’s brass op z’n best.’

 

De mannen fan Broken Brass
It Broken Brass Ensemble bestiet út acht manlju. Trompettisten Herke Zuurveen en Ruud Riemersma. Arjen Schipper en Nick Feenstra op de saksofoan. Trombonisten Arjen Attema en Sjors Dijkstra. Hendrik Baarda op de sûsafoan en Pieterklaas de Groot op de drums. Dat it allegear mannen binne is lykwols tafal, fersekeret Peter. Sels de muzyk fan it Broken Brass Ensemble belústerje? Sjoch op www.brokenbrassensemble.nl of sykje op YouTube.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 11 (2012) 9 (desimber) s. 46-48.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels