In wat nuvere atlas

Publisearre op 7 februari 2018

GERBEN DE VRIES

Yn’t  begjin fan dit jier waard ik troch de Stichting Oude Groninger Kerken frege yn it ramt fan it Reformaasjejier sechtjin tsjerken te beskriuwen. Acht yn East-Fryslân, dêr’t in soad lutherske tsjerken stean en acht yn eastlik Grinslân, dat kalvinistysk yn stee fan luthersk waard. Ek de tsjerke fan Bourtange siet der by. Ik koe oer dat Godshûs net sa’n protte relevante literatuer besette. Pas twa moanne nei’t ik de teksten ynstjoerd hie, skeat it my tebinnen dat der yn de boekekast ek yn boek stie oer de Noard-Nederlanske fêstingswurken. En ja, ek de tsjerke fan Bourtange stie deryn.

 

Auteur Klaas Timmer sil it achterôf wol jammer fûn hawwe, dat dit boek eins in pear jier te betiid ferskynde.

 

Ik hie der eartiids – it boek is fan 2013 – allinnich mar wat yn omsneupe, yn dy Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe. It is in dreech neislachwurk oer alle fersterke stêden, bolwurken, wetterpoarten, skânsen, redoutes, kazematten en bunkers dy’t de lêste acht iuwen yn Noard-Nederlân boud binne. Rûchwei binne hja te ferpartsjen yn stêdlike ferdigening, skânsen boud yn de 80-jierrige kriich tsjin Spanje (1568-1648), de lânsferdigening fan dêrnei (1670 en fierder), en kazematten en bunkers fan foar en yn de Twadde Wrâldkriich. It giet dus om militêr erfguod, al brûke de ferskate skriuwers dizze term net.

De steatkundige ûntjouwingen yn Noard-Nederlân wurde kreas ferparte oer de trije provinsjes dêr’t it boek oer giet. Dat is op himsels in bytsje nuver en hie ek bêst yn ien wat langer stik kind. No binne it koarte, wat obligate stikjes bleaun. Hawar, it giet yn earste en lêste ynstânsje om de ‘objectbeschrijvingen’ sa’t it neamd wurdt. Fryslân wurdt behannele troch drs F.R.H. Smit en dr. F. Westra. Mei de ynlieder fan it stik oer Fryslân – doe noch drs. en no prof. dr. – G. Jensma wurken hja mear as tritich jier lyn al gear foar it boek Universiteit te Franeker, 1585-1811: bijdragen tot de geschiedenis van de Friese hogeschool (1985).

 

Wetterpoarten
Frank Smit  beskriuwt de alve stêden. Elkenien wit sa in fersterke stêd as Sleat te neamen, in stedsje yn dit gefal. Sleat ûntstie op de krusing fan de farwei tusken Snits en de Sudersee en de lânwei fan Starum nei Bentheim. Yn de 14e iuw wurdt Sleat as stêd neamd en hûndert jier letter komt der in grêft en in wâl om it plak. Der binne noch altiten twa wetterpoarten. De bekendste wetterpoarte lykwols is fansels dy fan Snits, faaks de bekendste fan hiel Nederlân. Yn Snits is lykwols de midsiuwske ‘grachtengordel’, sa’t Smit dat neamt, it wichtichste oerbliuwsel fan de ferdigeningswurken. De fêstingwurken fan Dokkum binne fan letter tiid, út de 16e iuw pas. De seis bastions binne noch te sjen. Dat jildt grosso modo ek foar Ljouwert. By Boalsert, dat ta myn ferrassing pas yn 1455 stedsrjochten krige, wurdt wat flau sein dat njonken it Hoog Bolwerk noch inkelde strjitnammen oan it fêstingferline herinnerje. Nee jongens, dat is wat te min.

Dan soene je tinke dat wy it mei dy stêden en stedsjes wol hân hawwe. Der komme fan de hân fan Frans Westra ek noch ‘Kleine werken in Friesland’. Somtiden stelt it net safolle foar, lykas de plakette dy’t by de eardere skâns Slijkenburg (op de grins fan Fryslân en Oerisel) pleatst is. Oan de oare kant is de skâns Blesburg under Wolvegea hielendal rekonstruearre, lykas ek de yn 2000 restaurearre skâns Bakkefean. Dat is lykwols fansels net te fergelykjen mei de restauraasje fan de fêsting Bourtange op de grins van Grinslân en Dútslan. Dat is in echte toeristyske trekpleister wurden.

 

Kazematten
En dan binne der noch de kazematten. It foarnaamste kompleks is – en wa is der noch nea west? – Koarnwertersân mei it Kazemattenmuseum. Op de eilannen binne der noch in moai tal ‘Duitse werken’ te sjen, sa’t it yn dizze Atlas neamd wurdt. Auteur Klaas Timmer sil it achterôf wol jammer fûn hawwe, dat dit boek eins in pear jier te betiid ferskynde.  Hy neamt yn it foarbygean wol ‘de zware bunker van de Wassermann-radar’ op Skier en de  ‘radarstelling Tiger’ op Skylge, beide skeakels yn de Dutske Atlantikwall. Dy hawwe beide de lêste jierren in toeristyske funksje krigen. De earste is no in spektakulêr ‘uitkijkpunt’ oer it hiele eilân. De Tigerstelling flakby West op Skylge is sûnt in pear jier hielendal út it sân groeven en is in grutte wurden. Dat hat Timmer net mear meinimme kind. Yn fergeliking mei de beskriuwingen fan de fêstingstêden en -stedsjes en de ‘Friese Waterlinie‘ – sjoch it moaie boek fan Meindert Schroor oer dit ûnderwerp, út 2008 – komme de kazematten en de ‘Duitse werken’  der wat suterich of.

Ik wit net krekt hoe’t it by de redaksje gien is. De teksten oer de stêden, de ‘Kleine werken’ en de ‘Duitse werken’ wiene binnen. Pas op dat stuit kaam der in snoade redakteur op de gedachte: hee, wêrom binne de stinzen en boargen eins net meinaam? Dat binne dochs ek fêstingwurken? Der hie op syn minst dochs wol in artikel oer midsiuwske stinzen as de Skierstins by kind. Mar it wie nei alle gedachten te let, al foelen der in pear ûntslaggen. De redaksje makke der him dêrnei yn it foarwurd wol hiel maklik fan ôf: “Ook is er in het algemeen van afgezien de kasteelachtige werken (borgen, stinzen, huizen) te beschrijven, die veelal een woonfunctie kregen. Alleen als zij in later tijd een verdedigende functie behielden, zijn zij wel behandeld.”Jaja. De muorren om de stêden, de kazematten, de ‘Duitse werken’ binne har ferdigenjende funksje ek al lang kwytrekke, hear! Mar it is in in handich boek, kreas útjûn, al past it troch omfang en gewicht net sa goed yn it dashboard fan in middenklasser.

 

Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe, Kruijf, T. de e.a., 304 siden, útj. Matrijs, 2013. Priis €39,95

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels