In tsunami oan Alzheimer

ELSKE SCHOTANUS – 

Brochten De Paupers foarige simmer Aaltjemeer, nei ús de sondfloed op lokaasje, by it ynpoldere Aaltjemeer by Ferwoude, yn it ramt fan de tsunami fan Alzheimerpasjinten dy’t, troch de fergrizing, oer de wrâld spiele sil, is de foarstelling bewurke foar de seal. Dy wie 21 septimber te sjen yn it Posthús, op Wrâld Alzheimer Dei. Yn it stik fan teatermakker Henk de Boer komme Johan Peilman syn eardere berop – hy wie behearder fan it poldergemaal – en de demensy by elkoar yn de metafoar fan in holle dy’t fol wetter rint. Sis in pear kear ‘Aaltjemeer’, fariearje derop en it keart ta it wurd Alzheimer.

 

Op wûnderlik yngenieuze wize komt alles by elkoar yn Aaltjemeer: it bibelferhaal, de papieren skipkes, Johan dy’t yn it ferline libbet en noch altiten mei syn berop dwaande is en de opkommende floed yn syn holle.

 

Aaltjemeer set útein mei in lyryske monolooch oer it ferrin fan in libben dat begjint by it gefoel fan feilichheid sa’t dy as poppe by de mem ûnderfûn wurdt: ‘En ik seach dat it goed wie.’ De holle is in haven dêr’t skippen in plakje fine, sa’t ek libbensûnderfinings har plak krije, mar as yn de lêste libbenfase de betizing taslacht teart it mantra ‘ik seach dat it goed wie’ stadichoan om yn in ‘ik fielde dat der wat mis wie’. Mei in ferwizing nei it skeppingsferhaal dêr’t God yn seach ‘dat it goed wie’ is der in twadde elemint dat te krijen hat mei it Bibelboek Genesis.

Oan tafel sit Johan Peilman en hy besiket fan de krante in papieren boatsje te tearen. Yn syn waanwrâld libbet er yn it ferline. Dan wer is it yn syn belibbing 1963 en sil er nei skoalle dêr’t er, de lêste skoalledei, yn de heechste klasse, in Bibel útrikt krije sil, dan wer is er, sa’t er dat earder wie, behearder fan it gemaal en fielt er it as syn ferantwurdlikheid te soargjen dat de polder net fol wetter streamt. Dan wol er fuort, de doar út of wurdt er lilk, as er eat net fine kin, as it him net slagget in skipke fan papier te meitsjen, it tillefoanboek te finen of de jas goed oan te lûken. Johan syn frou, Gesina, hat der, as mantelsoarger, betiden hâlden en kearen mei. Hy kin raar útfalle, mar wat him rêstich makket, is foarlêze en sy lêst it ferhaal fan de arke fan Noäch.

Yn dat ferhaal bout Noäch de arke dy’t him, as de sondfloed komt, rêde sil. Is it God dy’t yn it bibelferhaal it minskdom foar it grutste part omkomme lit om’t er ‘seach dat de tsjoedens fen ’e minske grut wie’, yn Aaltjemeer is it de arrogante Keldering (René van der Laan) fan de Klub fan Aaltjemeer dy’t him ferantwurdzje moat foar in parlemintêre enkêtekommisje. Keldering, as symboal foar de mannen fan de macht, is ek dejinge dy’t oerlibje sil as it wetter oan de ein fan de foarstelling opkomt.

Sa komme bibelferhaal en demensy by elkoar, want wat is it libben fan minsken dy’t allinne noch mar jild koste noch wurdich? De do, dy’t yn syn koaike mei Johan meiferhuze wie nei de soarchynstelling, nimt, as it wetter opkomt, Keldering mei.

Op wûnderlik yngenieuze wize komt alles by elkoar yn Aaltjemeer: it bibelferhaal, de papieren skipkes, Johan dy’t yn it ferline libbet en noch altiten mei syn berop dwaande is en de opkommende floed yn syn holle.

It is de demensy dêr’t Johan en Gesina beide mei omtangelje, oandwaanlik spile yn yndrukwekkende sênes dy’t foar in protte taskôgers werkenber wêze moatte.

As Johan en Gesina it tegearre thús net mear oprêde, komt der in frou fan de yndikaasjekommisje. De fragen binne echte fragen, mar de wize wêrop’t dy steld wurde is minske-ûntearjend. As Johan yn de keamer omdangelet, freget sy oft Johan noch rinne kin. Op gjin inkeld momint sjocht sy it echtpear oan of reagearret sy op wat de twa sizze of dogge. It is in karikatuur fansels, gjin soarchmeiwurker dy’t sa ôfstanlik mei kliïnten omgiet, mar de karikatuur ferbyldet al in wrâld dy’t perfoarst net demensyfreonlik is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.