In T. rex foar Anne Schulp

Publisearre op 24 december 2015

KAREN BIES – 

It begûn mei in skelpke fan in fossile inketfisk, dat er as bern fûn op fakânsje. No hellet er it skelet fan in Tyrannosaurus rex fan Amearika nei Nederlân. Anne Schulp fan Snits wurket as paleontolooch en dino-ekspert by Naturalis yn Leiden.

Yn 2012 betocht de direkteur fan Naturalis, Edwin van Huis, dat er in Tyrannosaurus rex ha woe. Ien fan de grutste en gefaarlikste fleisitende dinosaurussen. Foar elkenien dy’t de film al of net sjoen hat: T. rex is de Erik Engerd út Jurassic Park.

 

‘Ze zijn groot, spannend, gevaarlijk en hebben echt bestaan. Maar lekker wel uitgestorven, dus veilig voor ons.’

 

Yn de 20e ieu waarden der sa’n tsien bonkerakken fan T. rexen fûn, allegear yn Noard-Amearika. En dêr binne se oant no ta ek bleaun. Hoe graach at de Europeeske musea it ek wolle, foar harren is in T. rex eins net te beteljen. Dochs is it Leiden slagge. In skelet fan in dino wurdt takom jier nei Nederlân brocht en is fan ein 2016 ôf te bewûnderjen. De Snitser paleontolooch Anne Schulp spilet dêr in grutte rol yn.

Anne Schulp (1974) gie nei it Bogerman Kolleezje yn Snits en studearre Aardwetenschappen oan de VU yn Amsterdam. Nei syn ôfstudearjen yn 1998 gie er yn Maastricht oan it wurk as konservator fan it Natuurhistorisch Museum. Oant 2013, doe’t hy oan de slach koe yn Leiden. ‘Ik heb het ontzettend naar mijn zin gehad in Maastricht, maar wat onderzoek betreft kreeg ik in Leiden meer mogelijkheden. In Limburg gaan de groeves dicht, in 2018 sluit de laatste groeve waar je fossielen kunt vinden. Maastricht heeft een regionale focus, Leiden is een nationaal natuurhistorisch museum.We hebben hier nu al 300.000 bezoekers per jaar. Met de T. rex en in 2018 een gloednieuw gebouw voor ons museum zal dat aantal nog een stukje hoger worden.’

Museum Naturalis wurdt ferboud. Njonken in depot en ûndersyksromten foar hûnderten wittenskippers út Leiden, Wageningen en Amsterdam komt der in nij museum mei in aparte dinohal. Want in mammoet njonken de Stegosaurus delsette, lykas no it gefal is yn Naturalis, is histoarysk ûnbetrouber. Dêr sitte ommers miljoenen jierren tusken. Tusken de plante-itende dinosauriërs heart de karnivoar T. rex te stean. Ek 66 miljoen jier lyn moasten se benaud foar him wêze. It wie in beest ûnder de bisten. Hy foel sels de Triceratops oan, dochs in bealch fan seistûzen kilo mei skylden en hoarns.

 

Gelok
Soms wurdt der yn it midwesten fan Noard-Amearika noch wolris in bonkerak fûn. De eigener fan de grûn is ek de eigener fan it skelet en hy mei it ferkeapje oan wa’t er mar wol, ek oan it bûtenlân. Anne Schulp lei kontakt mei Amerikaanske kommersjele geologyske ynstituten en smiet lyntsjes út by elkenien dy’t mar wat te krijen hie mei dino’s, om foar Naturalis in T. rex binnen te heljen. Nei in mislearre reis, wêrby’t wol wat resten fan fjouwer Triceratopsen fûn waarden mar fierder allinnich mar sân en stiennen, hie er yn maaie 2013 gelok. Ut de steat Montana krige Naturalis berjocht dat op it terrein fan in ranch in fossyl fûn wie. Oan de bonke te sjen heechstwierskynlik ôfkomstich fan in Tyrannosaurus rex. Leiden krige it rjocht op earste oankeap, foar de bewenners fan de ranch wie it net de earste kear dat der in dino fûn waard by harren yn it lân.

 

‘Friesland stelt geologisch gezien voor dinosaurusliefhebbers weinig voor. Eigenlijk is de modder net aan komen spoelen, zeg maar.’

 

Goed konservearre
It sân wurdt foarsichtich fuorthelle, en by elke skep wurdt dúdliker dat dizze T. rex in prachtige fynst is, fan hege kwaliteit. It grutste part fan it skelet is bewarre bleaun, de kop fan it bist is hast hielendal geef, op wat skea oan snútpunt en ûnderkaak nei. Ien poat, de klauwen en it puntsje fan de sturt misse; foar de rest is se goed konservearre. Se leit begroeven yn in dikke laach sân yn it bêd fan in rivier. De bêst mooglike omstannichheden, wêryn’t de bonken sa miljoenen jierren bewarre bleaun binne.

Der is in sterk fermoeden dat it om in wyfke giet, omdat se steviger as gemiddeld is. Oan it skelet is wol te sjen dat wyfke T. rex hiel wat meimakke hat. Gefjochten en sykten hawwe gatten en fergroeiïngs feroarsake. Mooglik is se fan achteren pakt troch in mantsje en hat de belager dêrby de tosken brûkt: der sitte fjouwer gatten achter yn har kop.

Hoefolle at Leiden úteinlik betelle hat foar it skelet, wolle se yn it museum net sizze. De grutste en djoerste T. rex, tentoansteld yn in museum yn Chicago, hat mear as acht miljoen koste. Sa djoer wie dizze net. Om alle kosten te beteljen moast Naturalis fiif miljoen euro byinoar sprokkelje. De crowdfundingsaksje ‘Tientje voor T. rex’ levere trije ton op, Schulp hold lêzings oer de T. rex yn it lân, fûnsen en bedriuwen kamen oer de brêge. It spande derom, mar it jild is der kommen. In grut sukses foar Schulp en syn kollega’s, en in boeiende tiid fan ûndersyk yn it foarútsicht. Wat sil T. rex de wittenskippers bringe?

 

Modder
Biodiversity Centre Naturalis yn Leiden is ryksmuseum, akademysk ûndersyksynstitút en erfgoedynstelling. Schulp reizget de hiele wrâld oer foar ûndersyk nei dinosauriërs. By Naturalis begeliedt hy studinten. ‘Net ben ik bij een student geweest die bezig is met onderzoek van een Triceratops, een van de laatste grote dinosauriërs.’ We hawwe it dan oer tsientallen miljoenen jierren lyn. Unfoarstelber, hast net te befetsjen. Mar foar Schulp, dy’t wend is te praten oer it Trias, it Jura en it Kryt, is dat mar in skoftke. De dinosauriërs libben yn de jongste perioade fan it Kryt, it tiidrek tusken sa’n 145 miljoen oant 66 miljoen jier lyn. Paleontologen hâlde harren dwaande mei fossilen en oare spoaren fan organismen yn it geologysk ferline. Schulp: ‘Wel grappig, er zijn heel wat Friese namen onder de paleontologen. Drie Jelles, één Anne en een Femke. Terwijl Friesland nou niet bepaald de plek is waar het gebeurt, qua vondsten en fossielen. Zwerfkeien met soms een fossiel erin uit Scandinavië, daarmee houdt het eigenlijk wel op. Friesland stelt geologisch gezien voor dinosaurusliefhebbers weinig voor. Eigenlijk is de modder net aan komen spoelen, zeg maar.’

 

‘Er valt nog zoveel te onderzoeken, wij willen alles van haar weten. Never a dull moment voor de paleontologen.’

 

Anne Schulp hat syn hiele jeugd trochbrocht yn Snits. Syn âlders binne beide biolooch. Sa kaam it dat se op fakânsje altyd oan it strunen wiene yn de rimboe fan de Achterhoek of Dútslân. Stiennen mei printen fan plantsjes en bistjes kamen yn de fossile-samling fan Anne. As jonkje waard hy lid fan de Geologische Kring Friesland. ‘Ik sprokkelde van alles bij elkaar en op die bijeenkomsten nam ik dan mijn vondsten mee. Nee, ik heb thuis geen collectie fossielen meer, nu ik beroepsmatig daarmee bezig ben. Er een persoonlijke verzameling op nahouden zou niet zuiver zijn, dat zou conflicteren met mijn werk in het museum.’

 

It bist te liif
Paleontology is in lytse spesjalisaasje binnen de geology, mar it is eins in hybride foarm fan stúdzje: der binne konneksjes mei bygelyks de biology, de biomeganika en de gemy. Foar de T. rex is in kompleet medysk dossier oanlein, oan ’e hân wêrfan’t ûndersikers út ferskate dissiplines it bist te liif geane.

‘Het grootste deel van het skelet van de T. rex is nog in Amerika. In Leiden hebben we alleen een deel van de staart. Een tand is op de VU geweest, om een paar microgram glazuur eraf te halen en te onderzoeken. In het lab in South Dakota wordt de schedel nu klaargemaakt voor transport. Die schedel laten we helemaal ingekapseld in het zandsteen zitten, om hem hier in zijn geheel door de CT-scan te halen. Zo kunnen we de botten in anatomisch verband laten zitten en beter begrijpen hoe het dier eruitzag, om het gezicht te kunnen prepareren. Door een paar doorsnedes in de botten van de poot te maken, kunnen we de “jaarringen” tellen en zo de ouderdom vaststellen. Zo komen we erachter of dit de oudste ooit gevonden T. rex is. De oudste die we tot dusver kennen is 29 jaar, maar wij denken dat ons exemplaar over de dertig was. Haar wenkbrauwen zijn groter en forser, er is een bobbelig botoppervlak. We weten eigenlijk wel zeker dat het een vrouwtje is. Bij een ander exemplaar, net als deze ook een forse, zijn kalkafzettingen gevonden die te maken hebben met het leggen van eieren.’

Dit wyfke is fan kop oant sturt sa’n 13 meter lang en 4,5 meter heech. Har gewicht: 6 ton. De earste T. rex dy’t bûten Noard-Amearika te sjen wêze sil.

 

Never a dull moment
De crowdfundingsaksje ‘Tientje voor T. rex’ wie sa’n sukses dat it jild dat nedich wie om it skelet nei Nederlân te heljen, foar de ein fan 2014 byinoar wie. ‘De T. rex is nu van ons allemaal.’ Schulp ferklearret de fassinaasje foar dino’s: ‘Ze zijn groot, spannend, gevaarlijk en hebben echt bestaan. Maar lekker wel uitgestorven, dus veilig voor ons. Tekenfilms over niet-bestaande beesten en monsters zijn wel aardig. Maar boeken en films over dino’s spreken veel meer tot de verbeelding. Niet alleen bij kinderen, eigenlijk bij iedereen. Ook bij ons.’

De T. rex wurdt ein 2016 tentoansteld, as de rest fan it museum ticht is fanwege de ferbouwing. Dit jier giet Anne Schulp fierder mei de tariedings foar de preparaasje fan it skelet en de fierdere bestudearring dêrfan. Net allinnich foar it museum Naturalis, foar alle paleontologen is de Montana T. rex in tige belangrike fynst. By elke nije T. rex komme de wittenskippers wer ta nije ynsichten. Ek by dit dinowyfke. Oer wat se iten hat, hoe’t se libbe en die. Hoe’t har kop, har hûd en har klauwen der krekt útsjoen hawwe.

Schulp: ‘Er valt nog zoveel te onderzoeken, wij willen alles van haar weten. Never a dull moment voor de paleontologen.’

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 3 (septimber), s. 14-17.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels