fotografy: Marleen Annema

In sportive én kulturele tûzenpoat

WENDY KENNEDY – 

Hannes Scherjon (32) brûst fan de ideeën. Hy is ferneamd as fierljepper en klompmakker, mar hy is ek ynterieurfoarmjouwer. Oait begûn by sportoplieding CIOS, en úteinlik telâne kommen op de keunstakademy Minerva yn Grins. Op it earste gesicht in hiele omswaai, mar achterôf besjoen hiel logysk allegearre. O ja, en hy is ek noch drok dwaande mei senarioskriuwen, want hy wol in film meitsje. ‘Ik sjoch films op Netflix wêrfan’t ik tink: dat kin ik dochs folle better.’

 

‘By it skriuwen fan in skript binne der, oars as by in boek, folle mear aspekten dêr’tst rekken mei hâlde moatst, bygelyks muzyk, byld en beweging.’

 

Ik tref him in pear wiken foar de iepening fan it fierljepmuseum dat er oan it opsetten is. Hy lit my – fansels op klompen – alles wiidweidich sjen. It fierljepmuseum stiet neist it klompemuseum en de klompmakkerij yn Noardburgum, dêr’t Hannes mei syn broer Jilles en mem Marie Wiersema de boel runt. Se hawwe it bedriuw oernommen nei it ferstjerren fan heit Eelke yn 2012.

Yn dyselde tiid ferstoar ek de buorman, wêrtroch’t dy syn hûs, mei in stik lân, te keap kaam. ‘Sa’n kâns krijst mar ien kear, dus we hawwe it kocht’, seit Scherjon. Op dat stik grûn stiet no it nagelnije gebou dêr’t it fierljepmuseum yn komt. Begjin juny is de iepening en der is noch in soad wurk te fersetten. ‘Ik bin net sa goed yn plannen.’

De panielen mei ynformaasje en foto’s lizze keurich neist elkoar op ’e grûn en moatte noch ophongen wurde. Efkes fierderop leit in boarmasine en steane bussen mei ferve. In tafel stiet fol mei priisbekers op blauwe plestik pûdsjes, dêr’t de bekers nei alle gedachten yn sitten hawwe. It binne âlde bekers, bygelyks in tredde priis út 1968 – foar de hearen fan 41 jier en âlder – fan in wedstriid yn Drachten.

Foar in eksposysje oer it fierljeppen yn 2006 is Scherjon al ris yn de histoarje fan dy sport dûkt. Dat wie in tydlike tentoanstelling om’t it fierljeppersbûn 50 jier bestie. It siedsje foar in fierljepmuseum wie dêrmei plante. ‘It museum fertelt oer it ûntstean fan it fierljeppen. Je hoegden net mear om te rinnen at je ûnder it aaisykjen in sleat tsjinkamen’, fertelt Scherjon.

Ek de ûntwikkeling ta in profesjonele sport heart fansels by it ferhaal. Sa binne der bekers, buorden mei winners en filmkes oer fierljeptechniken te sjen. ‘De sport stiet net stil en wy wolle ek nei de takomst sjen. Dêrom freegje we de besikers om suggestjes te dwaan foar de takomst fan it fierljeppen: in saneamde sprong nei de takomst. Minsken mei ferskate achtergrûnen sjogge miskien op in hiel oare wize nei it fierljeppen. Al dy ideeën wolle we oan it bûn presintearje.’

Mochten besikers waarmrinne foar it fierljeppen, dan kinne se it sels ek besykje. ‘We hawwe hjirneist in wetterlabyrint fan sleatsjes, dêr’t minsken op eigen gelegenheid fierljeppe kinne. As minsken mear útdaging wolle, dan kinne se mei in groep in workshop by my krije.’ Dêrfoar is by it museum in grut wetterbassin útgroeven, dêr’t trije skânsen by boud binne: in jeugdskâns, in skâns mei de ôfmjittingen fan in wedstrydskâns en ien dy’t dêr kwa ôfmjittingen tuskenyn sit. ‘Fierder kin de jeugd út Noardburgum hjir oefenje. Ik hoopje dat der sa in feriening ûntstiet. It kin in moaie springplanke wurde foar de skâns yn Burgum.’

 

‘Op de keunstakademy learst op dyn wurk te reflektearjen en nei de essinsje te sjen en dat is by senarioskriuwen krekt sa.’

 

Sels wennet Scherjon yn de pleats fan de âld-buorman, flak by it nije museum en de skânsen. Hy hat it wendiel ferboud. Ik gean sitten op in houten hoekbank mei in tafel, in meubel dat er sels makke hat. ‘Ik soe al op in kessentsje sitten gean, want de bank is wol hurd’, warskôget er my. Op ’e tafel stiet in moai bosk wylde blommen, plukt yn de omjouwing, rûs ik. De hûn leit lûd ronkjend te sliepen foar de houtkachel. Foar it hûs is in hiele grutte grientetún, oanlein troch Gosse Haarsma. Dy wie in skoft stedsboer yn Ljouwert, en hat no hjir in plak fûn.

Foar de skuorre fan syn pleats hat Scherjon grutte plannen: hy wol dêr graach in kultuerkafee fan meitsje. ‘It moat plak jaan oan in breed skala fan kulturele uteringen: muzykoptredens, teäterjûnen en lytsskalige filmjûnen. Ek moat it in plak wêze dêr’t minsken wat ite en drinke kinne, en in showroom foar de meubels dy’t we meitsje.’ Foarearst is dat noch takomstmuzyk, de fokus leit no op it fierljepmuseum. Wol is der bûten al in ferhege terras oanlein, geskikt foar kulturele aktiviteiten yn ’e simmer.

De planmakkerij foar museum, pleats en skuorre wie it ôfstudearprojekt fan Scherjon oan de keunstakademy Minerva yn Grins. Hy wûn dêr sels de ôfstudearpriis fan syn oplieding mei. ‘Ik fyn de psychology achter in gebou hiel nijsgjirrich. Wat je oer in gebou witte, bepaalt hiel bot hoe’t je dernei sjogge. Wie in gebou eartiids in konsintraasjekamp, dan sjogge je der hiel oars nei as at it in pjutteboartersplak wie, om mar wat te neamen.’

Hannes is dêrom yn de skiednis fan syn pleats en de omjouwing dûkt en kaam sa in bysûnder ferhaal tsjin. ‘It is in lang ferhaal, hast even?’ Hy begûn syn syktocht mei de fraach wêrom’t de pleats sa boud is dat er net mei de kopse kant nei de dyk stiet, sa as gebrûklik, mar 90 graden draaid.

‘Oait wie it plak dêr’t de pleats en de klompmakkerij no steane allinnich mar heide: de Burgumerheide. Yn 1842 waard hjir in earmhûs boud, foar de earme minsken út Burgum. Se moasten hjir wurkje, oars soene se harren útkearing ferlieze. Op in dei kaam hjir in Dútske frou mei har soantsje, op ’e flecht foar har man. De frou ferstoar en it jonkje fan fjouwer jier âld waard opnaam yn it earmhûs.’

‘Se neamden it jonkje Fernweh. Hy wie de eachapel fan it earmhûs en gie faak mei te aaisykjen, fansels mei de polsstôk. Op in dei wie Fernweh spoarleas ferdwûn. Se tinke dat er yn it moeras by it earmhûs ferdronken is. Jierren letter, yn de jierren 40 fan de foarige iuw, fûn de baas fan it earmhûs allegearre tekeningen fan Fernweh. Sa hie er in leech earmhûs tekene en in skuorre dy’t ôfbaarnd wie. Fernweh hie mei syn tekening de takomst foarsein. De skuorre neist it earmhûs wie yndie ôfbaarnd, en de bewenners wiene ferhuze nei Glinstra State yn Burgum.’

‘Ek fûn dy man in tekening mei in nije pleats. Nei de brân wie besletten om fan de stiennen fan de ôfbaarnde skuorre in pleats te bouwen, ek dat hie Fernweh blykber foarsjoen. Yn dy tiid leauden minsken bot yn geasten en hekserij. Dêrom waard de pleats net mei de kopse kant rjochting de dyk boud, sa as op de tekening stie en gebrûklik wie, mar 90 graden draaid. Om sa in breuk te meitsjen tusken de tekeningen en it echte libben.’

In prachtich ferhaal, mar is dit allegearre wier bard? ‘De feiten klopje, mar ik haw der sels in swing oan jûn om it moaier te meitsjen. Sa hat hjir in earmhûs west, is de skuorre ôfbaarnd en binne de minsken nei Glinstra State gien. It bliuwt de fraach oft dat jonkje wier bestien hat, mar dat hast faak mei streekferhalen dy’t troch de jierren hinne hieltyd trochferteld binne.’ Scherjon hat Gerrit Breteler frege om it ferhaal te fertellen, en dat is opnommen. ‘Hy spile froeger mei myn heit yn in band en is opgroeid yn dizze omkriten.’

Scherjon hâldt fan moaie ferhalen. Hy is dêrom begûn mei in kursus senarioskriuwen oan de Skriuwersfakskoalle yn Amsterdam. Op it stuit is er mei in skript dwaande. ‘Ik wol dêr noch net tefolle oer sizze, mar it spilet ’m yn Fryslân ôf en it sjenre is coming of age.’ Wêrom in senario en gjin boek? ‘It is in oare wize fan skriuwen. By it skriuwen fan in skript binne der folle mear aspekten dêr’tst rekken mei hâlde moatst, bygelyks muzyk, byld en beweging.’

Scherjon fynt it bytiden lestich, al fernimt er wol dat de keunstakademy handige bagaazje is foar it senarioskriuwen. ‘Op de keunstakademy learst op dyn wurk te reflektearjen en nei de essinsje te sjen en dat is by senarioskriuwen krekt sa.’ Sa lêze studinten elkoars dialogen foar. ‘It meast lestige is dat ik kontinu oan it skrassen en herskriuwen bin.’ Hy wol syn skript oer ien of twa jier klear ha. ‘Ik haw allinnich hast gjin tiid, want ik ha it drok mei de klompmakkerij en it nije fierljepmuseum. Fierder train ik jûns faak noch foar it fierljeppen, en dan is de tiid alwer op.’

Scherjon is in sportive en hieltyd mear kulturele tûzenpoat. Hoe giet it eins mei it fierljeppen? ‘Ik bin no echt dwaande mei it lêste seizoen. Foarich jier bin ik der mei in blessuere útrekke en dat is gjin moaie wize om dyn karriêre te einigjen.’ Hy is net mear bloedfanatyk, hy fynt it wol moai sa. ‘Ik mei it graach dwaan, mar der binne safolle oare leuke dingen.’

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2019

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.