In nije generaasje teatermakkers stiet klear

WENDY KENNEDY – 

Fiif nije noardlike teaterkollektiven steane klear om in plakje yn de Fryske teaterwrâld te bemachtigjen. Se hawwe harren krêften bondele yn it kollektyf STORMRAM. Op tongersdei 1 desimber presinteare se harren wurk yn De Lawei yn Drachten.

Der komme op dizze jûn allegearre foarmen foarby. Fan foarpriuwkes fan foarstellings, oant film, tekeningen en musyk. De haadfoarstelling is ‘Lone wolves blaffen niet’ fan Illustere figuren. Dat is in multimediale teaterfoarstelling oer lone wolf terrorisme. De fjouwer oare kollektiven binne: Heksenhamer, Skoft&Skiep, HOMSK en Akkers&Velden.

 

“Der is yn Fryslân in grut gat tusken de teater- en musykopliedings en it profesjonele sirkwy.”

 

“It keunstklimaat is hiel lestich’”, fertelt Raymond Muller fan Illustere Figuren, ien fan de fiif teaterkollektiven. “Foaral at je in jonge ûnbekende teatermakker binne. It is dan net maklik om der tusken te kommen by de teaterprogrammeurs. Der is yn Fryslân in grut gat tusken de teater- en musykopliedings en it profesjonele sirkwy.”

Tryater is yn dit gat sprongen. “Troch ús kânsen te jaan. Bygelyks it beskikber stellen fan repetysjeromte of in technikus, help by de pr of artistyk adfysk. Mar ek De Lawei jout ús kânsen, op 1 desimber hawwe we de frije hân. It únteinlike doel is dat we it allegearre dwaan kinne sûnder stipe.”

In nije generaasje Fryske teatermakkers komt der oan. Hoe’t se harren ûnderskiede fan de fêste teaterwrâld? Dat is in lestige fraach, fynt Raymond. “We wolle wat nijs dwaan en wat teweibringe.” As foarbyld hellet hy de foarstelling ‘Lone wolves blaffen niet’ oan. “It giet der oer oft we sels ek radikalisearje kinne. En wat is it punt dat we sels geweld brûke wolle? Dizze syktocht besykje we sjen te litten en we probeare ús publyk hjir oer nei tinke te litten.”

Adriaan Groffen fan Heksenhamer fult oan: “De gevestigde orde is gebonden aan regels, terwijl wij nog alle vrijheid hebben. Daarnaast werken bijna alle collectieven multidisciplinair en is er veel kruisbestuiving. Zo doet Thomas van Ek van Illustere Figuren de regie bij HOMSK. En Douwe Dijkstra van Heksenhamer maakt de muziek bij de voorstelling van HOMSK.”

Adriaan fertelt dat alle kollektiven elkoar probeare te helpen en dat se allegearre itselde doel hawwe: bekindheid krije. “We doen niet aan broodroof. Nu werken wij van Heksenhamer voor Illustere Figuren, want zij zijn de hoofdact. Volgende keer is dat andersom.”

 

STORMRAM, tongersdei 1 desimber 20.30 oere yn De Lawei yn Drachten, priis: €16

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.