In eigen plak op ’e wrâld

Publisearre op 19 augustus 2019

BAUKJE ZIJLSTRA – 

Wylst se yn har foarige proazawurk, de ferhalebondel In Jikse-libben, noch frij ticht by de werklikheid bleau, yn wurden besocht te fangen hoe’t dy werklikheid en de persoanen dêryn west hiene en wat der bard wie, stiet De parallaks in stik fierder fan de skriuwster sels ôf. Yn dy sin is De parallaks mear fiksje: se hat der folle mear sels by betocht, sawol yn omjouwing en sitewaasjes as wat de personaazjes oangiet, dy’t no folslein optocht binne. Lykas har eardere kollega Piter Boersma by de Fryske Akademy tsjin har sei: ‘Moatst mear fabulearje en dan komt it der fansels wol yn!’

De parallaks is opset om de libbens hinne fan trije lesbyske froulju fan ferskillende leeftiden, en lit oan ’e hân dêrfan sjen hoe’t de maatskippij yn de ôfrûne desennia foar harren feroare is, wat de ferskillen binne per generaasje en hoe’t harren libbens derút sjogge. Wa hearde by de foar- en wa by de achterhoede yn it ûntdekken fan wat it foar dyn eigen libben betsjut ast derachter komst datst as frou fan froulju hâldst? De trije froulju reizgje wol mei-inoar op, en komme inoar tsjin yn it deistich libben, mar tagelyk belibje se yn dat deistige libben alle trije ek wer hiel wat oars. In yllustraasje fan Johan Dijkstra sette Spoelstra, doe’t se mei in stik oer libben en wurk fan Janneke Ratsma dwaande wie, op it spoar fan ’e titel. Yn it Frysk Mearkeboek fan Janneke Ratsma stiet nammentlik in tekening fan keunstner Johan Dijkstra, mei dêrop minsken yn in belslide dy’t oer de snie lutsen wurdt, wêrby’t de moanne mei harren liket op te reizgjen: de parallaks.

 

De ferivige natuer
Alle trije de froulju yn de roman binne allinnich en op harrensels weromsmiten, mar wol troch hiele ferskillende oarsaken, nammentlik de dea, in ferkearing dy’t útrekke is en in partner dy’t op reis giet. Spoelstra: ‘Dêrby wie it foaral myn bedoeling om in sfear del te setten.’ It plak Liens en omkriten, yn it bûtengebiet fan Ljouwert, is foar alle trije in soarte fan thúshaven, in basis, en ek It Amelân komt gauris werom. Minusjeus en ynkringend wurdt beskreaun hoe’t op dy ferskate plakken in dei ferrint en de natuer him ûntjout, fan rûchwei ein maart oant ein septimber. Spoelstra: ‘Ik hie by it skriuwen oan it begjin fan elk haadstik set hoe let de sinne opkaam en hoe let er ûndergie. Ik hold by wannear’t wat bloeide, en dat fiif simmers lang. De seizoenen ferrinne ek lang net altyd gelyk fansels. Op in stuit tocht ik bygelyks: bloeit dat piipkrûd no noch?’

Dat falt op oan sawol de roman as de dichtbondel: al dy moaie Fryske wurden foar blommen en planten, fûgels en oare bisten. ‘Dat haw ik oerholden fan doe’t ik myn masterskripsje oer Simke Kloosterman skreau. Sy skriuwt ek in hiel soad oer de natuer, wannear’t alles bloeit en sa, en ik fûn it moai om te lêzen dat der hûndert jier lyn ek katsjes yn ’e wylgen sieten bygelyks. Dat binne de dingen dy’t altyd min ofte mear itselde bliuwe. Alhoewol’t júst it lânskip ek ien fan de dingen is dy’t yn de ôfrûne tiid hielendal net itselde bleaun binne, dus dat is wol wat tsjinstridich.’

 

Plak as middelpunt
Sa binne der mear dingen dy’t grutte feroaringen meibrocht hawwe, lykas it opheffen fan de gemeente Ljouwerteradiel, dy’t sûnt 1 jannewaris 2018 ûnder de gemeente Ljouwert falt. Dat barde sa’n bytsje parallel oan it skriuwproses fan sawol de roman as de dichtbondel. Yn Wij yn ’e draaimûne is dêr sels in hiel skift oan wijd: Ljouwerteradiel is.

‘Doe’t oankundige waard dat Ljouwerteradiel yn Ljouwert opgean soe, liet dat my earst frijwat ûnferskillich. Mar doe’t it ienkear safier wie, tocht ik wol: ferdoary. It jout in gefoel fan kealslach, ik hie leaver ynwenner fan in plattelânsgemeente bleaun, mei in gemeentehûs dêr’t de minsken dy kenne. No stiet it allegear wat fierder fan dy ôf, sawol letterlik as figuerlik. Dat fyn ik spitich. Ik wol graach in rol ferfolje yn myn eigen plak, in bydrage leverje. Sa wurkje ik bygelyks al mear as tsien jier mei oan de doarpskrante.’

 

Minderheid
‘Ek oan de Fryske literatuer woe ik graach wat bydrage. Ik folge it altyd wol. De literatuer wie ek tichtby, mei skriuwende doarpsgenoaten en de iepening fan ’e Sutelaksje alle jierren yn Stiens. En dan tocht ik: dat wol ik ek. Mar dêr moatte je dan wol oan ta wêze. Dat hat wol oant myn fjirtichste ta duorre. Ik wurkje as skriuwer wat op it snijpunt fan ’e Fryske en de lesbyske of queer-literatuer, hoe’tst it mar neame wolst. Dat komt wer werom yn de titel fan de roman: de parallaks slacht op it parallelle, mar foaral ek op: út watfoar hoeke wei sjochsto de dingen, út watfoar perspektyf wei, binnen of neist de mainstream? Of sa’t it yn de roman omskreaun wurdt: “Wat mei jin liket op te reizgjen makket yn werklikheid syn eigen beweging of stiet stil yn ’e fierte.” Dat besef fan it neist de mainstream te libjen kin al troch hiel lytse dingen feroarsake wurde. ‘Gatske en ik binne al tritich jier byinoar, mar soms by it yn ’e kunde kommen mei nije minsken is it ynienen wer in item hoe’t je it krekt beneame, net iens sasear foar ússels, mar wol foar oaren. Bin ik har frou? Dat brûke wy sels sa net. Har freondinne? Har partner?’

Sa’n tweintich jier ferlyn wie Spoelstra noch wol optimistysk oer hoe’t de wrâld him ûntjaan soe foar lhbt’ers, dat it allegear stadichoan wol better wurde soe, mar de lêste tiid is se dêr net mear sa wis fan. ‘Der binne positive ûntjouwingen fansels, jongeren binne der foar harsels hieltyd earder út, mar der binne ek negative ûntjouwingen. En bliuwst dochs faak the odd one out. Watsto fierders allegear ek wol of net bist, silst altyd in minderheid wêze. Skriuwen hat foar my ek de funksje fan it dochs sjen litten fan wat je belibje yn it deistich libben en ek hoe’t je dat belibje. Dat wie sa yn In Jikse-libbenen dat is wer sa yn De parallaks. In ferskil tusken beide boeken is wol dat De parallaks mear oer sosjale en maatskiplike akseptaasje giet, wylst In Jikse-libben mear oer selsakseptaasje gie. By it útkommen fan In Jikse-libben krige ik ek reaksjes fan minsken dy’t har dêryn werkenne koene, en dy’t bliid wiene dat ik dat skreaun hie, én dat ik it yn it Frysk skreaun hie. Dat makket my dan ek wer bliid.’

 

Ferlies en fierder
In oar wichtich tema yn sawol dichtbondel as roman is dea en ferlies. ‘De ôfrûne tsien jier ha ik in soad minsken troch de dea ferlern; dat wjerspegelet him wol yn myn wurk. In oeuvre groeit mei in libben mei, sizze se dan. No’t ik âlder bin ferlies ik mear minsken, mar eigentlik begûn dat al mei it ferstjerren fan in maat fan my dy’t op syn santjinde troch in ûngelok omkaam. Foar myn gefoel wie myn bernetiid doe foarby. Koarter ferlyn is ús heit op syn ienennjoggentichste ferstoarn – dat is it ûnderwerp fan skift trije fan de dichtbondel: It heitejier– mar ek in maat fan myn eigen leeftiid. Dat fielt dochs oars, it fertriet dêrom is ek oars. It relativearret alles hiel bot en dêrút wei geane je dan wer fierder.’

 

De parallaks. Utjouwerij Afûk, €16,50

Wij yn ’e draaimûne. Utjouwerij Afûk, €12,50

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ 1, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels