‘Ik tink heel geregeld: wêrom dogge wy dat hjir net?’

Publisearre op 13 januari 2020

HENK WOLF – 

Besikers út it bûtenlân krije faak gjin hichte fan Fryslân, sa fertelt Onno Falkena. ‘Dan wurde se hjirhinne helle foar in konferinsje fan de Fryske Akademy. Se krije te hearren dat it in wichtich sintrum is foar de meartaligens. Se komme dan oan op it stasjon fan Ljouwert en dêr stiet allinnich mar Leeuwarden. Dan tinke se fan: hee, wêr is dy oare taal dan? Wêrom is dat net meartalich? Dat fine minsken oprjocht heel nuver. En dat is ek nuver.’

Soks kin inkeld mar ien sizze dy’t in soad oer de grinzen hinne sjocht. En dat docht Onno Falkena, by in soad Friezen noch better bekend as ‘ferslachjouwer Onno P. Falkena’, mei de tuskenletter dy’t by Fryske bewegers in skoft moade wie. Dy stiet oars foar Pier en mei’t Falkena in kearel as in lôge is, hie er samar foar Grutte Pier trochgean kinnen. Dat hat er net fan frjemd, likemin as syn Frysksinnigens, want it is ien fan feearts Roel Falkena fan ’e Sweach, âld-FNP-Steatelid en fan krekt sa’n gewant bestek.

 

Op reis troch Europa
It âldste wat ik fan Onno Falkena fine koe, is in ferslach dat er yn 1984 foar de Ljouwerter krante skreaun hat oer in besite oan de Albaneesktalige minderheid yn Grikelân. Hy wie noch mar yn syn ienentweintichste en doe hied er al dy heldere, fertellende styl. ‘We wisten heel goed hoe we in de bergen moesten vechten tegen de Turken en de Duitsers,’ hellet er in Albaneesktalige skriuwer oan, ‘maar met de papieren strijd om onze taal te redden waren we als soldaten en herders niet vertrouwd.’

As sjoernalist by Omrop Fryslân hat Falkena ferline jier mear as in hantaast dien oan De grinzen fan Europa, in rige fan trije dokumintêres oer minderheden yn Europa. Ien gong oer de Roma, it swalkjende folk dat yn Fryslân fanâlds ‘sigeuners’ of ‘heidens’ neamd waard. Falkena sette nei Bulgarije en kaam derachter dat it de Roma dêr no just net maklik makke wurdt. In oare ôflevering gong oer it rindierhâlderfolk fan de Samen yn it noarden fan Skandinavië en in tredden oer de Val d’Aran, in delling yn Noard-Kataloanië, dêr’t yn stee fan Katalaansk Araneesk praat wurdt − in minderheid yn in minderheidsregio dus, lykas de Bilkerts yn Fryslân.


‘Wêrom dogge wy dat hjir net?’
‘Ynspirearend’, neamt Falkena dy lêstneamde besite. ‘Se strielje dêr it gefoel út dat it Araneesk wat foar alle ynwenners is, oft it no Katalanen binne of Poalen of Portugezen of minsken út Andalusië. De helte fan ’e bern praat thús Araneesk, mar alle bern wurde yn dy taal opheind en se leare it lêzen en skriuwen yn it Araneesk. Dêr komme noait klachten oer, dat is in gegeven, krekt as dat in bern op skoalle ek Katalaansk leart en Frânsk en Spaansk en Ingelsk. It is doch prachtich at je sa in identiteit kreëarje kinne.’

‘Mei it ûnderwiis en de kwaliteit fan it ûnderwiis rinne se foarop’, seit Falkena. ‘Ik tink dat in soad Friezen dêr wat fan leare kinne, want hjir bestiet it healwize idee dat it goed is om lytse skoallen te sluten en dat it foar bern better is om op in grutskalige basisskoalle te sitten. Yn de Val d’Aran ha se rûnreizgjende faklearkrêften, sadat se de skoalle yn it doarp hâlde kinne. Sa hâlde se libbene mienskippen. It is heel sosjaal ûnderwiis, mei bern fan ferskillende leeftiden dy’t bymekoar sitte. It is tink ik wol in wat djurdere foarm fan ûnderwiis, mei hele lytse klaskes, mar ik fûn it heel ynspirearend. Wêrom kin dat hjir net, tink ik dan. Ik tink dat heel geregeld: wêrom dogge wy dat hjir net?’

 

Rûnom lytse talen
As mediaman is Onno Falkena ek al in pear jier anneks mei Wir sind Europa. Falkena: ‘Dat is in groep sjoernalisten en aktivisten dy’t wat dwaan wol oan de kleau tusken Europa en de boargers.’
Mei dy groep hat er yn juny yn it East-Dútske Zittau west. Dêr wenje sa’n 25.000 minsken, mar de stêd hat folle grutter west, sadat der in soad leechstân is. Falkena: ‘Mar dat lytse, earme, heal leechrûne Zittau is wol kandidaat om yn 2025 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden.’

Dat wol de stêd ûnder mear foarinoar krije troch gebrûk te meitsjen fan de meartaligens yn de streek. It is dêrwei mar in hoannestap nei Poalen en Tsjechië, dat de stêd hat al geregeld Poalske en Tsjechyske toanielstikken − mei boppetiteling. Falkena hat de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd derop wiisd dat deunby ek noch in fjirde taal praat wurdt, it Sorbysk, de oarspronklike taal fan East-Dútslân. Hy hat kontakten lein tusken Zittau en Sorbyske organisaasjes en no wurdt it Sorbysk as fjirde ‘regiotaal’ brûkt om de talerykdom fan Zittau-en-omkriten oan ’e wrâld sjen te litten.

Net allinne foar syn sjoernalistike wurk is Onno Falkena mei al dy Europeeske talen dwaande. In jier lyn hat er noch in groep Noard-Friezen út Dútslân holpen by it organisearen fan in stúdzjereis nei it Baskelân. Gaadliker man is amper benei te kommen, want hy mei it Noard-Frysk dan benammen goed ferstean kinne, it Baskysk kin er ek prate. Dat kaam goed fan pas doe’t in Baskyske beweger ferline jier ris oanbea om in praatsje oer syn taal te hâlden foar in groep studinten Frysk yn Ljouwert, mar net in taal prate dy’t de studinten ek ferstienen. Onno Falkena hat doe tolke tusken it Baskysk en it Frysk. En thús is it al like meartalich: syn frou Roza praat mei dochter Anja Russysk en mei de rest fan har famylje de Noard-Sibearyske taal Nenets.

 

Ideeën útwikselje
Heel wat minsken yn Europa kenne Onno Falkena fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Dêr hat er jierrenlang de foarsitter fan west en hy is noch heeltiten adviseur fan it notiidske bestjoer. No’t in soad bûtenlânske ôfdelingen fan it Buro opdoekt binne, is it benammen in organisaasje dêr’t fertsjintwurdigers fan ’e Nederlânske minderheden inoar yn fine. Falkena fertelt fan in stúdzjereis dy’t er foar it Buro nei Bonêre makke hat om ideeën út te wikseljen mei sprekkers fan it Papiamintsk. ‘Sis dan ek net dat je net fier komme mei it Frysk’, seit er.

Wer in oare groep Europeanen ken Onno Falkena fia de muzyk, muzyk yn lytse talen wol te ferstean. Falkena hat tsien jier lang behelle west yn de organisaasje fan Liet Ynternasjonaal, in sjongfestival mei muzyk yn de lytse talen fan Europa. Dêr wol er net tefolle lof foar ha. ‘De fierste jong ferstoarne Ivan Pel hat dêr in ôfgryslik soad tiid yn stutsen’, seit er, ‘en dy koe dat ek yn de baas syn tiid dwaan.’
Hy ferfettet: ‘Yn Galisië waard it festival sjoen as in polityk statement. Eurovisie, mar dan net yn steatstalen, mar yn minderheidstalen: soks wie noait earder fertoand!’
Liet Ynternasjonaal hat lykwols gâns neifolging krigen. It Drèents Liedtiesfestival, it Noard-Dútske Plattsoundsen it Italiaanske Suns Europe binne in pear foarbylden. De lêstneamde twa festivals wisten Falkena ek al as sjuerylid te finen.

Yn 2008 ha Onno Falkena en ik tegearre nei it twajierlikse Minority Film Festival yn de Noard-Fryske haadstêd Hüsem ta west. Dêr wurde allinne films yn minderheidstalen draaid. Falkena is fêst sjuerylid. De filmmakkers wurde meast ek útnûge. Dy ha it dan faak foar it earst ris mei bûtensteanders oer har skepping. It skiterpetiterige festivaltsje hat de Welske omrop S4C oars al ta it besef brocht dat in Welsktalige film mei ûndertitels de wrâld oer kin. Falkena ferhellet optein fan Y Syrkas (‘It sirkus’): ‘Dy film wie eins allinnich makke om yn Wales sels mei de kryst útstjoerd te wurden en se hienen der gjin tel by stilstien dat er ek foar in publyk bûten Wales nijsgjirrich wêze koe. Folslein ûnterjochte. Mar ja, Wales leit fansels yn it Feriene Keninkryk en dêr hâlde se net fan ûndertitels, dy fine se in bytsje smoarch.’

Wol sizze en net dwaan
Falkena wol der eins gjin praat fan ha, mar hy is in saakkundige wurden as it om meartaligens giet. Hy wurdt dan ek geregeld frege om syn kennis te dielen. Sa sit er al in jier as wat yn ’e advyskommisje kultuer fan ’e provinsje Drinte, mei ûnder oaren de Drintske streektaal yn ’e portefúlje. Op fersyk fan ’e gemeenterie fan Ljouwert tinkt er ek mei oer in gemeentlik taalbelied. De realisaasje dêrfan is er al wat skeptysk oer: ‘Ik hoopje dat it net by moaie ideeën bliuwt en dat de gemeente der ek wat fte’s en budzjet by docht om der wat fan te meitsjen. De gemeente Waadhoeke hat ek in prachtich foarstel skreaun foar in fjouwertalich belied, mar mei in ferskuorrend lyts budzjet. Ik bin bang dat dêr net folle fan op ’e hispel komt. Ik fyn dat de sykte fan ús maatskippij en ús polityk: wol sizze en net dwaan.’

Dy sykte sjocht Falkena ek yn de nasjonale polityk: ‘Goeie yntinsjes binne per definysje net foldwaande, want dêr sit in elemint yn fan sabeare-erkenning. Je kinne Fryslân wol de leie jaan as it om taalbelied giet, mar as Fryslân dan net de macht en de middels hat om der wat fan te meitsjen, dan keart de wâl it skip. It idee achter it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen is dat sprekkers en oerheden mei-inoar wurkje oan beskerming en ûntwikkeling fan de taal. Dat lêste wurdt gauris fergetten. De taal moat ek foarútholpen wurde.’

 

Dit ynterview stie eader yn ‘de Moanne’ nûmer 5, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels