‘Ik kin genietsje wannear’t emoasje pynlik wurdt’

Publisearre op 16 augustus 2019

FREDDIE SCHELTEMA – 

Wiebe Kaspers is drok dwaande yn de studio. Hy, sjonger, toetsenist en ferskeskriuwer fan de band WIEBE, leit de lêste hân oan de nije cd: Y. Lokkich hat er tiid foar in petearke. En dêrom sitte we yn syn hús/oefenromte, in the middle of nowhere tusken Ljouwert en Weidum. De kofje is sterk en de houtkachel stiet te loeien.

 

Wiebe, it nije album is hast klear. Fertel it ferhaal fan dizze cd.

Oardel jier lyn is ûnferwachts myn freondinne by my wei gien. Dat útelkoar gean wie in enoarme klap. De pine fan dy skieding sette ik om yn tekst en ik begûn te skriuwen oer de leafde. Dat wie nij foar my, want ik skreau eins nea oer de leafde. Ik fûn dat net sa’n ynteressant ûnderwerp. Lovesongs fûn ik in soad drokte om neat. Mar at ik leafdesfertriet hie, dan sette ik de plaat op fan Grof Geschut mei pynlike ferskes en dat wie hiel genêzend. Lekker lûd en dan meibrulle.

En al skriuwend kaam ik derachter dat ik net oer leafdesfertriet sjonge woe, mar oer de ferwurking fan dat fertriet. Sis mar: de rouferwurking. En yn dat proses ha ik alles fan my ôfskreaun. Ik wit net at dat de bêste metoade is om der wer boppe-op te kommen, mar sa ha ik it dien. It skriuwen die my goed, mar ik tink dat ik te min lilk west ha. Ik haw eins hielendal net lilk west. Ik wie de begripende jonge. Ik kaam te min foar mysels op. Dochs hoopje ik dat de harkers fan it album dy’t deselde pine ha, dêr wat oan hawwe.

Dat is wat de teksten oanbelanget, en muzikaal ha ik in soad tiid stutsen yn de melodyen. Ik woe diskear 100 prosint tefreden wêze oer de melodyen. Ik leau dat dat my slagge is. De muzyk is ek tagonkliker as op ús earste cd, Delta.

 

De albumtitel is: Y. In nijsgjirrige titel. Wat sit dêrachter?

It hat meardere betsjuttingen. Y is trije streepkes. Dy streepkes stean foar alle trije leden fan de band. En at je Y op syn Ingelsk útsprekke is it: why. Wêrom.

 

Wêrom ha jim in cd makke? Cd’s wurde hast net mear ferkocht. It is dochs in stik makliker om de muzyk op Spotify of iTunes te setten.

Ik wol graach wat konkreets yn hannen ha. Muzyk op Spotify kinne je belústerje, mar dêrnei is it fuort. Ik wol wat taastbers ha. En ik kin myn kreativiteit dêryn kwyt. Us foarige cd siet yn in trijehoekige hoes, dizze kear dogge we it yn boekfoarm. Kim Hunnersen is de foarmjouwer en it wurdt útjûn troch de Afûk.

Yn it boekje komme de teksten twatalich, yn it Frysk en it Ingelsk. En der is romte yn it boek om sels ek dingen yn te skriuwen. Dus it is mear as in cd útbringe. Us earste klip wie in 360-graden-klip. Dat wie noch noait dien yn Fryslân. It moat wat nijs wêze en krekt efkes oars. Dat fyn ik in útdaging. Ik ha it der drok mei, want ik wol oeral myn ynbring yn ha en de kontrôle hâlde. Dêr komt by: it is myn ferhaal en ik ha it sa yn ’e holle. Dêrom doch ik alles graach sels.

Mar de cd komt ek op Spotify en iTunes fansels.

 

WIEBE is in trio dat neist dy bestiet út Daan Slagter op drums en Florian den Hollander op bas. No is in trio net útsûnderlik yn de popmuzyk, ik neam Cream, Muse en The Police, mar dat binne bands mei gitaar. Jimme binne in trio mei drums, bas en piano. Is dêr in reden foar?

Gitaren binne net ferbean, mar ik ha altyd spul mei gitaristen. At wy mei ús trijen spylje, fiel ik my hielendal frij. Ik kin de harmonyen dwaan dy’t ik wol. Wy, de band WIEBE, binne goed op elkoar ynspile. De bassist, Florian, fielt my perfekt oan. Dy wit suver fan tefoaren al wat ik dwaan sil. Mei in gitarist derby moatst alles fêstlizze. Ik spylje sa no en dan mei Syb van der Ploeg. Hy hat in gitarist derby en dan ha ik altyd it idee dat ik my ynhâlde moat. Ik ha gjin romte en kin dan net ymprovisearje. Boppedat ha je mei mear muzikanten ek mear mieningen.

 

Brûke jimme ek gastmuzikanten op dit album?

Noch net, mar ik moat noch ien nûmer skriuwe en at je in konsept-album meitsje oer de leafde moat der eins ek in frou by. Yn dat noch te skriuwen ferske komt de leafde sels oan it wurd yn de persoan fan myn eks-freondinne. Wy ha in tiid lyn in telefoanpetear hân en it wie krekt as spruts de leafde tsjin my. It fielde as woe de leafde my beskermje. En ik tocht, it is moai dat dy leafde in stim kriget. Ik moat dêr noch in sjongeres foar strikke.

 

Ha jim in producer of mikse jim sels?

Nico Outhuijse (drummer fan De Kast) is ús producer. Wy nimme ek by him yn de studio op. Dat wol sizze: alle drum-, sang- en baspartijen. De pianostikken ha we opnaam by Anne Sollie. Dy man hat it baptistetsjerkje yn Jirnsum kocht en dêr stean wol tsien fleugels. En dat tsjerkje hat in prachtige akoestyk.

 

Wat binne dyn muzikale helden?

Dat is toch wol Joe Jackson. It skynt in tiran te wêzen yn de band, mar elke plaat dy’t hy makket is wer oars en hat in oar tema. Dat fyn ik sa knap. Mar ek Jeff Buckley en Peter Gabriel binne helden. Ik fyn sels fan de nije cd dat it wol wat liket op Gabriel. Yn myn jeugd ha ik in soad lústere nei Acda en De Munnik. Muzikaal miskien net geweldich mar tekstueel briljant.

In bepaalde perioade fûn ik Paul Simon en Phil Collins goed. Mar ek de emoasje yn de ferskes fan Bram Vermeulen pakt my. Ik kin genietsje wannear’t emoasje pynlik wurdt.

Ofrûne simmer siet ik yn ’e tún en hearde ik ‘Washing of the water’ fan Peter Gabriel en doe ha ik hiel lûd gûld. Ik bin eins in controlfreak, mar troch dy break-up fan myn freondinne is der in soad emoasje loskommen. Dat ha ik leard. Ik kin dêrom iderien advisearje: gean útmekoar!

 

Is WIEBE in demokratyske band of bisto baas?

Wy binne yn prinsipe in demokratyske band. Wy binne allegear baas. De ferskes komme fan my, mar arranzjearje dogge we mei ús trijen. Der sit foar my as skriuwer fansels in emosjonele wearde yn, mar se fiele goed oan hoe’t ik it ha wol. We komme der altyd út. Ik moat wol tajaan: ik krij faak myn sin. En at we der echt net útkomme, dan bemuoit Nico Outhuijse him dermei.

 

Do sjongst yn it Ingelsk en yn it Frysk. Fynst it net dreech om teksten yn ús memmetaal te skriuwen? Us taal hat safolle klanken.

Myn grutte foarbyld wat tekst betreft is Freek de Jonge. Hy skriuwt op rym en it metrum kloppet altyd. Dêrby gean de ferskes ek ergens oer. Sa besykje ik yn it Frysk te skriuwen. Somtiden bin ik moannen dwaande om de tekst perfekt te krijen en at it dan toch net slagje wol, dan gryp ik nei it rymwurdboek. Ik fyn Frysk in fijne taal om yn te skriuwen.

 

Is der al in promoasjetoer útstippele?

Op it nije album stiet ien nûmer dat we miskien as single ek yn it Deensk útbringe en dêrom dogge we oankommende simmer in lyts toerke yn dat lân. Yn april komt de earste single út. Ein maaie folget de twadde single. Miskien bringe we dy út yn trije ferskillende ferzjes: yn it Ingelsk, it Frysk en it Deensk.

Septimber moat it album yn de winkels lizze en yn it neijier gean we op toernee. Hoefolle shows we dogge is noch ûnwis. De minsken moatte de site www.wiebe.numar yn ’e gaten hâlde.

 

It album Y is hast ôf. Binne der alwer nije plannen?

De plaat moat noch perst wurde, mar hiel stikem tink ik al oan wat nijs. Dat sil ek wer in konsept-album wurde. In plaat mei ien tema. Wat dat wurde moat, dat wit ik noch net.

 

Dit ynterview is earder ferskynd yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels