‘Ik, die jongen van de weemoeder’

Publisearre op 29 mei 2020

TSJOMME DIJKSTRA –

Net sa as oare minsken wêze. Der net by hearre. Erchtinkend wêze, nei oaren ta; je ha it yn haadsaak yn it libben te dwaan mei wa’t je binne. Mar wêrom sitte je yn elkoar sa as it is? Binne je wa’t je binne? Dy grutte libbensfraach en bysûndere selskarakterisearring lizze te’n grûnslach oan it nije boek Weemoeder fan singer-songwriter Sido Martens (1949). Hy eksplorearret hjiryn de foarming fan je identiteit; leit dy foar it grutste part yn it DNA besletten? Ha âlders en opfieding de oerhân, of makket de wrâld je ta wa’t je binne?

Nee, yn de wittenskip fan de psychology siket Martens net nei antwurden. Hy giet dat ûntwikkelingsproses nei oan de hân fan syn persoanlike oantinkens, dreamen en fantasijen fan syn jeugd en de gefolgen dêrfan op syn lettere ûntwikkeling. Autobiografyske fiksje soenen je syn literêre syktocht neamme kinne, want: “Van je herinneringen boetseer je je eigen uitvoeringen. Het is mijn waarheid in het boek”, makket Martens dúdlik.

 

Van je herinneringen boetseer je je eigen uitvoeringen. Het is mijn waarheid in het boek.

 

As muzikant wie syn eigen ferline altyd in boarne foar ynspiraasje. Bylden dêr’t oantinkens út bestean bringe emoasjes boppe en beiden fuorren him. “Het houdt mij in principe altijd wel bezig. Waarom ik ben zoals ik ben”, fertelt hy. Fanselssprekkend binne der yn elk libben mominten dat je konfrontearre wurde mei it ferline en je eigen ûntwikkeling, yn in relaasje, of as je bern krije. Mominten dy’t, sa as Martens oanhellet, liede ta fragen as: ‘hoe deden we dat bij ons thuis?’ of sa as by him ‘waarom doe ik dingen die tegelijk tegenstrijdig zijn?’.

“Ik had het er met mijn middelste zus nog over, die herinnerde zich dingen ook weer anders dan ik”, seit Martens. “Ik kom niet uit een raar gezin, maar het verleden spookte redelijk door mijn hoofd. Mijn herinneringen zijn niet altijd prettig. Misschien heeft dat dingen in de ontwikkeling vertraagd, of gestopt. Waarom drukken vervelende dingen ook zo’n stempel op wie je bent? Dat hield me bezig. Ik heb geprobeerd om daar een vinger achter te krijgen.”


Lêste album

In lytse sprong werom nei it ôfrûne jier. Doe brocht Martens, nei eigen sizzen, syn lêste ‘fysike bylddrager’ út, it album De Melanchool, dat útkaam op elpee mei in cd derby. De Ljouwerter singer-songwriter fûn it moai genôch sa, al gie dit him grif oan it hert. De stress fan it meitsjen fan in plaat, en kosten – Martens moast der op it lêst jild op talizze – weagen foar him net mear op tsjin wat him úteinlik opbrocht. Mar dat it album meitsjen foarby wie, betsjut net dat it kreative proses by him stoppe is. Martens wie tige produktyf op it lêst, seker ek de lêste jierren. En de muzyk wie in útlitklep. “Wat doe je dan met alles?”, goait er de fraach sels op. Hy wist it wol. “Dan blik je terug.”

Sa mei it wol logysk klinke, dochs, de folger fan syn karriêre as muzikant kin by Sido Martens best even ferrast wêze fan dizze konklúzje. Dy karriêre, fan it duo dat de Ljouwerter begin jierren santich foarme mei Piet Kok en dêr’t hy bekend mei waard yn Fryslân, de furoare dy’t er makke yn de groepen Hello, Farmers Union en de folkrockband Fungus, en doe midden santiger jierren syn beslút om dy suksesfolle groep Funges te ferlitten om in solokarriêre te begjinnen, wurdt markearre troch in hiel sterke oanstriid om ynnovatyf te bliuwen, de oandacht te lizzen by wat komt. Nije muzyk en nûmers skeppe. Omsjen nei it ferline giet Martens ornaris út de wei. Nettsjinsteande de ynteresse foar syn betide wurk.

 

Ik denk niet dat het boek een reinigend effect heeft. Ik lijd er niet onder, onder hoe het gegaan is.

 

“Als je de in muziek hebt gezeten, word je veel met verleden geconfronteerd. En vrienden worden ook ouder. Ik word daar geregeld naar gevraagd”, seit Martens. “Altijd heb ik gezegd: nee, ik ga niet dingen opnieuw doen. Ik wil mezelf blijven uitdagen.” Dizze kear wie de situaasje lykwols evidint oars: nije muzyk wie no minder in doel, en de oanstichter wie net in oar, dat wie hy sels. Martens: “Maar vooruit, dacht ik. Dat is ook wel een uitdaging.”

Foar De Weemoeder dompele de Ljouwerter him sa’n fiif moannen ûnder yn syn ferline, yn de jierren fan syn jeugd. Of, sa as yn syn eigen wurden, de tiid ‘van voor het eerst naar de kleuterklas tot spijbelen op school en voor het eerst hopeloos verliefd’. “Ik heb niet geprobeerd om het verleden te reconstrueren. Ik heb wel geprobeerd om enkele dingen te verifiëren, zoals jaartallen, een aantal dingen heb ik gecheckt.”

En de omstannichheden fan dizze foarmjende perioade wienen net bepaald fasilitearjend foar in ûnbekommere jeugd, leart men fan hoe’t Martens weromblikt. Dat weromsjen docht hy troch de tiid te beskriuwen, de jierren krekt nei de oarloch, de generaasjekrisis dy’t him manifestearre. En ek troch hjirby in byld te sketsen fan syn gesinssituaasje. “Ik kom uit een arbeidersmilieu”, fertelt hy. Martens syn âlden sieten yn de oarloch ,,diep’’ yn it ferset. Mei syn eigen noeden en soargen koe en hoegde in jonge Sido as opgroeiende jongeling lykwols net by syn âlders oan te kommen. “Vlak na de oorlog was er geen ruimte voor mensen die ziek of zwak zijn.”

In spjalt tusken generaasjes wie it gefolch fan it steech en stjoer besykjen fan nei de oarloch om it gewoane libben wer op te pakken. Martens: “Mijn vader schopte mij naar de kapper toen ik langer haar wilde. En ik moest studeren. Ik had hersenen, ik kon leren maar verdomde het. Ik heb mijn vader niet heel lang gekend, want hij is overleden toen ik achttien was. Hij was ook aan de drank later. Toen moest ik mijn vader dronken uit de kroeg halen. Dat draag je later mee.”

Martens hie as bern it gefoel dat hy ‘oars’ wie as de measte minsken. Syn thússituaasje spile dêr yn mei. Troch hoe’t er deroer fertelt en útweidet, oer syn persoanlike ûntwikkeling en sa as er dy ferbynt oan de ûntwikkeling fan bern yn it algemien, hat men algau oanstriid om hjir de opkommende kreativiteit en maatskiplike belutsenheid te werkennen, dy’t hy brûkt foar syn muzyk en dêr’t syn ynstjoerde stikken yn de krante blyk fan jouwe. “Als je geen klankbord vindt, dan sluit je jezelf op”, fertelt hy. “Ik hoorde nergens bij. Op school niet, ik werd gepest. Ik mocht ook geen vrienden mee naar huis nemen. Heel lang heb ik mijzelf opgesloten in mijn eigen hoofd. Daar ben je veilig, in je eigen gedachten en dromen. Daar kan niemand tegenaan schoppen”, seit hy. “Nu wordt er veel meer naar het kind toe gedacht”, tinkt Martens. “Ik heb doodsangsten uitgestaan bij de tandarts. Als kind heb je geen autoriteit. Er wordt makkelijk over je heen gewalst.”

Hy ferfolcht: “Mijn ouders hadden ook niet een heel goede relatie. Ze scheelden tien jaar. Mijn vader ging in 1928 naar het overzeese gebied. Naar Indonesië. Daar is hij tien jaar blijven hangen. Wat bezielde hem? Om er heen te gaan. Om weer terug te komen? Ik kan daar alleen naar gissen. Of het zijn eigen keuze was? Dat weet ik niet. Dat heb ik nooit kunnen vragen. Dat is wel onbevredigend.”

De ferhalerige yn De Weemoeder begjint by syn beukertiid. ‘Die jongen’ skriuwt Martens, as er it oer himsels hat. “Dat zei mijn moeder altijd: ‘Nou heeft die jongen weer dit …’” De subtitel fan de ferhalebondel is dêrom ek ‘Ik, die jongen van de weemoeder’.

“Ik denk niet dat het boek een reinigend effect heeft. Ik lijd er niet onder, onder hoe het gegaan is”, beslút Martens. Boppedat, seit er, hat hy it boek ek net skriuwe wollen om no – efterôf – mei de finger nei oaren te wizen. Nee, hy hat it dien, no’t it noch koe, om himsels better begripe te kinnen. “Ik heb het puur voor mezelf gedaan.”

 

De Weemoeder ferskynt as hardcover by Ren Pen Produxies, telt 172 bledsiden en kostet 15 euro. Mear ynformaasje: www.sidomartens.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels