fotografy: Daphne Louise Roos

Ik bin de poëzy fan it systeem

Ontwerp en foarmjouwing Daphne Louise Roos en Kaylin ’t Hart

Van alle dingen die ik vrees,
vrees ik mijn moeder het meest.

(Hindirk)

Dichter Hindirk Hannema hat syn debút Mijn moeder is nog maagd útbrocht. De presintaasje soe yn desimber wêze, mar koe fanwege de lockdown net trochgean. De dei dat Myn sukses is jim probleem hjir publisearre wurdt, soe Hannema meidwaan oan de striid om de titel Beste beelddichter van Leeuwarden 2022, mar ek dit online-evenemint is ôfsketten. Hannema wie yn 2021 de bêste slamdichter fan Ljouwert en NK Poetry Slam finalist yn itselde jier. Hy skriuwt syn foar it measte part megalomane, mar tagonklike, gedichten yn it Nederlânsk. Fersen oer macht, oer mem, en noch mear macht. De bondel is twatalich, Joël Hut hat de teksten oerset nei it Frysk. De bondel is te krijen by de Afûk, te lien by Tresoar of te bestellen fia boekwinkeltjes.nl en kostet 10 euro (eks. ferstjoerskosten).

 

 

 

“Myn sukses is jim probleem”

Myn sukses is jim probleem.

Jim betelje
mar ik bepaal

De iennichste grins is myn fantasy, of hallusinaasje.
Want at ik it net betink, dan bart it net.
En at it net bart, dan wol ik it net.

Wat my net deadet, makket my net allinnich sterker,
mar ek gekker.

Ik feroarje om te ferbetterjen. Ik feroarje faak,
foar perfeksje.

Ik foarderje, oant ferset ûnderfûn wurdt. Ik ferken
it ferset. Ik isolearje it ferset. En dêrnei ferpletterje ik
it ferset.

Neat giet oan my foarby. Myn each is it swarte gat fan
myn skiednis. Myn gemienigens is foarby gien
oan myn hope.

De oarloch sit yn myn lidden. Myn fjildslaggen yn myn
moanjes. Myn frede as in sletten timpel. De wrâld is
myn harem.

Myn sukses is net myn probleem.
Myn sukses is jim probleem.

Ik haw noch gjin dei yn myn libben wurke.
Jim binne myn wurk.

Ik hoopje foar it bêste, mar plan foar it minste.

Ik bin agressive kongruïnte gaos yn aksje,
dy’t tagelyk hystearysk is.

Ik bin de essinsje fan it probleem. De ideaasje fan it
systeem. Ik bin net siik. Ik, bin in konklúzje.
Jim hawwe my makke.

Ik bin in bledside yn it libben fan in flinter.
In monarch fan fleis en bloed mei in godlike
opdracht: de wrâld ûnder de majesteit bringe
fan myn ryk.

De generaal fan myn gedachten. De maarskalk fan
desepsje. De keizer fan myn wrâld.

Ik stean iensum oan de top, mar ik bin net allinnich.

Ik bin de romte yn de nacht.
Ik bin de poëzy fan it systeem.

(© Hindirk Hannema, út Mijn moeder is nog maagd, desimber ’21)

Hindirk sprekt it folk ta. Fotografy Patrick Post.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.