(IIII) Ferwûndering en ferûntrêsting – Carla van der Zwaag dichtet by Kor Onclin
Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.
Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe. De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.
Hjoed Carla van der Zwaag mei ‘Hûs’. De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.
Hûs
Omwuolle mei stikeltrie
hâldst my pandutsen
Dyn plafond sakket, sakket,
triuwt my troch de flier,
smoart my yn libben sân
Myn wrakseljen makket wûnen
Ik wachtsje duldsum
Moarn gean ik by dy wei,
lit dy útlibbe efter
© Carla van der Zwaag