It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe

Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent […]

(IIII) Ferwûndering en ferûntrêsting – Carla van der Zwaag dichtet by Kor Onclin

Kor Onclin - L'Univers du Poète (I)

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen. Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.