Dam Jaarsma eksposysje Museum Dr8888

DOUWE KOOTSTRA – 

De Samler en syn Skat

Yn it ferneamde folksferhaal ‘It spoek by de Skilige Piip’ – da’s in smoarch-wyt brechje eastlik fan it moaie doarp Feanwâlden – begraaft de wat aparte âlde haadpersoan, benaud as er is foar allerhanne sabeare wankend ûnheil – syn kistje mei jild, syn iennichste besit dêr’t er foar libbet. As man, hûs en omkritend beammeguod al lang weiwurden binne, wurdt der yn ’e Wooden grute dat der in skat by de Skilige Piip yn ‘e grûn sit. It wâldfolkje, initiatiefrijk en ondernemend als vanouds – giet massaal op syk nei dy skat, en, sa seit it ferhaal, der moat lang om let ien persoan west ha dy’t it kistje trasearre hat en mei syn skeppe bedjipje koe; it sil grif in Westreentsje west ha, dy ha meast in fin mear as in bears. Mar wat wie no it nuvere: wylst er groef en groef, sakke it kistje hieltyd djipper de grûn yn, hy krige it mar net te pakken. De moraal fan it ferhaal is dan dat de skat syn tiid dêr noch net útsjinne hat.

 

Foar it ljocht der mei!
Ik moat geregeld oan dit klassike folksferhaal tinke as ûnderdieltsjes fan de skat fan Adam Aukes (Dam) Jaarsma – justjes omfangriker as dat iene jildkistje – it ôfrûne jier foar it ljocht kamen en noch altyd komme. Ik sprek dêrom de hoop út – dat dogge politise en ynlieders ommers altyd graach, dy sitte steefêst fol hoop en fertrouwen, foaral oan it slot fan in taspraak, mar ik doch it daliks oan it begjin – ik sprek dêrom de hoop út dat de hast 25 jier lang ferburgen skat fan de ferneamde samler út Eastermar syn tiid op ‘e souders no wól úttsjinne hawwe sil. Stikje by bytsje komt er – ek sûnder help fan fernimstige Westreentsjes – op ’e lappen. Wat soe it moai wêze as er nei dit bysûndere Jaarsma-jier net wer fersinkt yn ’e tsjusternis fan it ferline.

 

De fûle, kundige en libbenslange samler hat him sûnder it te witten postúm yn ’e foet sjitten.

 

In protte ûnderdielen fan de skat binne it mear as wurdich om op allerhanne útstallingsfronten en ferspraat oer allerhanne dielgebieten en ynstituten goed konservearre en foaral fertoand te wurden oan it Wâld- en oare folk.

Der is lykwols ien probleem, de grutte bedriging fan myn hoop. Bestie de skat fan de âld man by de Skilige Piip út mar ien jildkistje, de amper oer te eagjen skat fan Jaarsma beslacht ek ynhâldlik in ûnbidich breed terrein. Dêr steane se opsteapele: mappen, kratten en doazen fol etsen, sintsprinten, skilderijen, atlassen, âlde kaarten, glês- sulver- en ierdewurk, berneboeken, kwartetten, skilderijen, rigen albums fol ansichtkaarten, kalinderplaten, hûnehalsbannen, botaniseartrommels, houten skoaltassen, servysguod, puzels, almenakken, reiskofferkes, breischeden, tekstyl, klompkes, argeologise foarwerpen ensfh., ensfh., ensfh. Jim kinne dêr aanst in fraksje fan bewûnderje.

Itselde probleem die him foar by Jaarsma syn unike kolleksje fan dy 16.867 folksferhalen. It Meertensynstitút út Amsterdam kaam mar net ta in boek-útjefte, it projekt wie net mear te behappen. Der wie safolle, der wie téfolle; it soe by realisaasje útdraaie op sa’n 15 grouwe boeken; te djoer. De fûle, kundige en libbenslange samler hat him sûnder it te witten postúm yn ’e foet sjitten.

 

‘Brekber’
It sil grif in grut tafal wêze dat yn dit Jaarsma-jier – alle hulde trouwens oan de tige warbere stichting 100 jier Dam Jaarsma én alle oare frijwilligers, wat ha dy meiinoar in bealch fol wurk ferset! – dat de toanielgroep Tryater dit seizoen mei de foarstelling ‘Brekber’ komt. Haadpersoan is in frou op leeftiid mei in enoarme samling kostbere porsleinen boarden; har libbenswurk. It stik giet oer de krêften fan fêsthâlde en loslitte, eins oer it libben dus. Oer fragen dy’t ús yn dit Jaarsma-jier sa bekend foarkomme: Wêrom lizze minsken in samling oan? Moat de kolleksje by elkoar bliuwe? Hoe moat de neiteam de kolleksje beheare? Of mei dy ek útinoar falle – dy kolleksje dan – en sa ferspraat wurde oer de wrâld om as basis te tsjinjen foar wat nijs? Koartsein: wol de minske hâlde wat er hat of is in nij begjin mooglik?

En no’t ik hjir dochs stean: ‘Brekber’ giet ék oer de betsjutting fan in museum. Watfoar rol spilet in museum yn it bewarjen fan samlingen? En wa makket út wat keunst is en wannear wurdt keunst werklik keunst?

 

Wêrom wie er syn libben lang sa fûl oan it garjen, en wêrom sa gigantys breed?

 

Driuw ta sammeljen
Ik bin skriuwer en ferhaleferteller. Dat doe’t ik foar dit putsje frege waard, tocht ik net oars as dat ik de iepening as usual opfleurje mocht mei in sterk ferhaal, fansels út ’e kolleksje Jaarsma. U weet hoe dat gaat: de praatsjemakker as koartswilige sidekick fan in deskundich ynliedende keunstmenear of -mefrou. Mar nee, sa sei de jimmeroan fleurige direkteur fan it prachtige museum alhier, dó bist de iepener, de ynlieder en soe it dan ek gean kinne oer it ferskynsel Jaarsma as samler?

Wis, in samler wie Jaarsma, yn ieren en sinen, ien fan de grutsten fan Fryslân, miskien wol fan Nederlân, seker oangeande de folksferhalen. Mar wêrom wie er syn libben lang sa fûl oan it garjen, en wêrom sa gigantys breed?

‘Jaarsma hie in ynboude driuw ta sammeljen, fan jongs ôf oan,’ skriuwt de histoarikus J.J. Spahr van der Hoek yn de ynlieding fan it boek ‘Ut it gea fan Sterke Hearke’, útkommen yn 1987. Mar hie er doelen? En fûn er wat er socht of socht er wat er fûn? Of wie ’t in miks? It sil it lêste west ha, tink my.

Dyselde Spahr van der Hoek skriuwt: ‘Dam Jaarsma hie it al yn ‘e gaten: dy gong as jonkje al by de doarren lâns om te freegjen oft de minsken ek âlde “plaatsjes”, ansichtkaarten hienen.’ It giet hjir fansels om dat wurdsje it. Jaarsma wie him al op jonge leeftiid bewust fan it feit dat de deistige spullen fan de wûndere mar noch net meganisearre wrâld fan (oer)pake en beppe út in wat achterbleaune hoeke fan de Wâlden, en da’s in ferskuorrend breed terrein, dy deistige spullen – ommers hast de hiele ynfintaris fan in wâldhûske ynklusyf de teltsjes – Jaarsma wie him al betiid bewust dat al dy spullen meikoarten yn in hastige oergong nei de moderne tiden foargoed ferdwine soenen. Dêrom sammele er.

En ien kear sammeler, altyd sammeler. En sa reizge Jaarsma – ûnder oaren! – hast wykliks nei Ljouwert op ‘e sneup yn antikwariaten en útdragerijen. En, fuort by de hân – op it Wytfean – , siet de útdrager Oebele Wagenaar, dy’t hiele boelguodden opkocht. Ek dêr wie Jaarsma geregeld te gast.

 

“Wij zetten de doos weer op zijn plaats, in de donkere zolderhoek, met een licht gevoel van weemoed om al het voorbije dat nimmer wederkeert.”

 

Protte weemoed
Trouwens, hat Jaarsma him der séls wol ris oer útlitten, oer dat sammeljen, oer dat bewarjen, oer al dy doazen yn dat grôtfolle hûs oan it feartsje? Hie er dêr bepaalde gefoelens, emoasjes by? Ik ha der syn krantestikken ris op neilêzen, der’t oantal fan yn it boek ‘Ut it gea fan Sterke Hearke’ opnommen binne.

In protte oanwizings fûn ik net, mar yn in lang stik út ‘e Heerenveense Koerier fan 30 july 1950 oer it ûnderwerp ‘Het oude kinderboek – wat onze groot- en overgrootouders in hun jeugd lazen’, Jaarsma wie doe 36 jier jong, kaam ik de folgjende passaazje tsjin dy’t wol wát dúdlik makket. Foaral de lêste sin ferklearret in protte.

Wij leggen de oude kinderschatten, netjes opgestapeld, voorzichtig weer in de doos. Wij zouden ze aan de vlammen kunnen prijsgeven. Het zou ieder jaar met de schoonmaak minder werk geven. Doch we kunnen er niet toe overgaan. Eenmaal heeft dit alles de geest van onze voorouders in hun kinderjaren bezig gehouden en hebben lang geleden kleine vingers deze bladzijden aangeroerd.

En dan komt de lêste sin:

Wij zetten de doos weer op zijn plaats, in de donkere zolderhoek, met een licht gevoel van weemoed om al het voorbije dat nimmer wederkeert.

Al dy weemoed hie wol ta gefolch dat Jaarsma en syn ynwenjende broer Okke – ek frijfeint – foaral nei it weireitsjen fan mem yn 1949, libben yn in útpûljend fol magazyn fan in bibliotheek anneks streekmuseum. De beide manlju sliepten op ‘en doer op ‘e souder yn ‘e gloppen tusken de kasten fol pakt mei dûbele rigen boeken en oare oantinkens út in foarbye wrâld.

 

Hoe geniete er?
Njonken de fraach wat fíelde er by dat sammeljen en wêrom sammele er, frege ik my nóch wat ôf: hoe geniete Jaarsma fan syn kolleksje, wittende dat hy ommers mar in fraksje sichtber meitsje koe yn syn hûs.

Dy fraach stelde ik koartlyn oan omkesizzer Auke de Jong en dy fertelde dat Jaarsma foaral geniete as belangstellenden, besikers dus, ergens nei fregen, nei in boek, in ets of wat oars en dat ome Dam dan daliks nei boppen gie, wol ris even in skoftsje wei bleau, mar altyd werom kaam mei it frege foarwerp of boek.

‘De kolleksje siet as in jas om him hinne,’ sei Auke de Jong. Ferfolgens begûn Jaarsma wiidweidich en foaral enthousiast te fertellen oer it foarwerp. Dat die er stommegraach, dat útlizzen, dan kaam de learaar yn him nei foaren.

 

De skatgraverij is eins noch mar krekt begûn.

 

Strange seleksje
Yn dizze tentoanstelling – ‘een strenge selectie’ sa skriuwt it museum – en by dat strenge kin ik my alles foarstelle – giet it û.o ek om it ‘plattere wurk’ út ‘e skat, it is – alwer – mar ien ûnderdiel, dy ‘kunst uit de regio’, sa’t it sa moai op de útnoeging stiet. Jim sjogge û.o in kar út it wurk fan it grutste part fan de leden fan de skildersgroep ‘Yn ‘e line’: Klaas Koopmans, Jaap Rusticus, Jan Frearks van der Bij en Pier Feddema.

Rusticus en Koopmans koe Jaarsma hiel goed. En omdat Jaarsma gjin komplete wâldspultsjes mei nei Eastermar slepe koe, gong dy freonskip sa fier dat er bijgelyks Klaas Koopmans frege bepaalde karakteristike wâldhûskes te tekenjen foardat dy ôfbrutsen wurde soenen.

 

Syn tiid foarút
Yn 1990, in jier foar de dea fan Dam Jaarsma, waard de stichting oprjochte achter it temapark ‘De Spitkeet’ op ’e Harkema, no in bloeiend iepenloftmuseum mei alles oan Wâldhûskes en ynfintaris der op en der oan; Jaarsma krige – doe al – mear gelyk as dat er oait tinke kind hie.

Fan Rusticus hie Jaarsma wol mear as hûndert wurken: etsen, houtfiken en oaljeferveskilderijen. Kocht er dy dan allegear? Ik kin ’t my hast net foarstelle want Jaarsma hie in smelle beurs, hoewol’t de prizen doe fansels folle en folle leger wienen as hjoeddedei. Hy krige de keunst faak ek kado of as nijjierskaart. Behalve de al neamde keunstners kamen der ek noch in hantsjefol Thys Rinsma’s op ’e lappen en wurk fan Syb Velink.

Yn de kolleksje sit ek in etsende, sketsende en skilderjende Dam Jaarsma, ék in samler fan âlde ambachten en foarwerpen, in al like bewuste keunstner as Jaarsma, mei in like skerp each foar alles wat mei gauens ferdwine soe: Ids Wiersma. En wa wit wat der noch mear oan ferrassings op ’e souders sit. De skatgraverij is eins noch mar krekt begûn.

 

Wêr liet er it?
Wat die Jaarsma mei al dy keunst? Dy koe er – op in hantsjefol wurken nei – fansels noait allegear ophingje. Dy ferdwûn yn doazen en mappen, fertelde Auke de Jong my. En doe’t de kolleksje groeide en groeide, gong er op in bepaald stuit wurk nei de trije omkesizzers, sadat Jaarsma, as er dêr op besite kaam, der even in tefreden each oer gean litte koe.

Ik winskje jim in protte nocht ta by it besjen fan it hantsjefol sieraden út ‘e skatkiste fan mastersamler Dam Jaarsma.

 

Iepeningswurd by de tentoanstelling mei keunst en oare saken út ’e kolleksje Dam Jaarsma yn Museum Drachten op saterdei 23 augustus 2014

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.