Lit it doek iepengean! Iepen DoEk presintearret it earste sênefestival foar amateurtoanielferieningen

Publisearre op 5 december 2023

Feriening Iepen DoEk, earder bekend as STAF, kundiget it alderearste Sênefestival oan, dat plakfynt yn maaie 2024. Dit festival biedt in unyk poadium foar amateurtoanielferieningen út hiel Fryslân.

Oer it Sênefestival
It Sênefestival, ûntstien út de kreative geast fan Iepen DoEk, is in ferfanger fan de tradisjonele slútjûn. It biedt toanielferieningen de kâns om har meast oandwaanlike of hilaryske sênes nochris yn ‘e skynwerpers te setten. Elke feriening krijt tsien minuten poadiumtiid om it publyk te betsjoearjen.

 

 

 

 

Wêrom meidwaan?
In soad toanielferieningen spylje harren winterstikken faak mar twa of trije kear yn de moannen jannewaris, febrewaris en maart. Neffens Gerben de Haan, bestjoerslid fan Iepen DoEk en ien fan de inisjatyfnimmers fan it festival, is dit in miste kâns. It Sênefestival biedt de perfekte gelegenheid om dizze stikken nij libben yn te blazen. Sels sênes út stikken dy ’t pland steane foar 2025 binne wolkom, wat in útsochte kâns biedt om feedback fan it publyk te ûntfangen.

Programma & Dielname
It festival fynt plak op 11 maaie yn Theater de Koornbeurs en wurdt opdield yn twa bedriuwen, folge troch ynformative neipetearen. Dizze dei stiet iepen foar eltse toanielferiening dy ’t oansletten is by Iepen DoEk.

Doch mei!
Iepen DoEk nûget alle oansletten ferienings út om diel te nimmen. Ynteresse? Stjoer in mail nei ynfo@iependoek.nl en doch mei oan dit bysûndere evenemint!

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]