Kor Onclin - L'Univers du Poète (I)
fotografy: Kor Onclin - L'Univers du Poète (I)

(I) Ferwûndering en ferûntrêsting – Tryntsje van der Veer dichtet by Kor Onclin

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert.
Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.

Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe. De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.

Hjoed it gedicht ‘L’Univers du voyeur’, dat Tryntsje van der Veer skreau by it wurk ‘L’Univers du poéte’.

De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.

 

L’UNIVERS DU VOYEUR

 

nea seach ik dy nearne moete ik dy

op kleurige doeken fol wêzens yn

wêzens boartsjend op jakobsljedders

ferpakte partsjes mei strapatsen

 

nea hearde ik dyn namme dy’t dûnset

my meitroant nei dyn fantasij wreed

kâld en lilk dan wer leaflik skruten

ik stap tebek ferbjustere en wachtsje

 

nea lies ik dyn wurden as savant

de hielmaster dy’t my wifkje lit

syn wûndere wrâld omfetsje fan

streake lichems yn ferve en kryt

 

nea nearne seach ik dyn slangewêzens

út de ierde oprispjen dy’t inoar omwuollen

yn myn holle betiizje triedden it ramt

dochs aloan wurdt it tinken ljochter

 

———————————————————-

 

L’UNIVERS DU VOYEUR

 

nooit zag ik je nergens trof ik je

op kleurige doeken vol wezens in

wezens spelend op jakobsladders

verpakte deeltjes met strapatsen

 

nooit hoorde ik je naam die danst

mij meetroont naar je fantasie wreed

koud en lelijk dan weer lieflijk verlegen

ik stap naar achter verbijsterd en wacht

 

nooit las ik je woorden als wetende

de heelmeester die mij laat aarzelen

zijn wonderlijke wereld omvatten van
gestreelde lichamen in verf en krijt

 

nee nergens zag ik je slangenwezens

uit de aarde braken die elkaar omwonden

in mijn hoofd verwarren draden het kader

toch wordt alsmaar het denken lichter

 

Tryntsje van der Veer

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.