Huverje by de harkspulrige Bonkerak

TSJOMME DIJKSTRA –

“It is al in pear hûndert jier lyn dat der yn it doarp Drachten in timmerman wenne. It is in hurde wurker. Fan moarns betiid oant jûns let is er oan it wurk mei hammer, beitels en skaven. Mar de timmerman fertsjinnet net folle. Hy bliuwt in earm man. Op in dei hat er skjin syn nocht fan de hiele situaasje en hy seit tsjin himsels: ‘Sa wurdt it neat mei my. As ik jild fertsjinje wol sil il derop út moatte. Fuort. Op reis…'”

Sa begjint it ferhaal It bonkerak yn de Herberch. De earste ôflevering fan de podcastsearje Bonkerak, fan Omrop Fryslân. Yn jannewaris waard de ôftraap jûn fan de searje; tweintich folksferhalen dy’t ferteld wurde as in harkspul. Elke wike wurdt der in ôflevering publisearre. Se kinne elts momint lykwols beharke wurke en dat is wat de searje wol oantreklik makket foar as je eefkes ûntsnappe wol oan it hjir en no en de waan fan de dei. En as je ôflieding sykje is der by dizze ferhalen net in soad foar nedich om je meifiere te litten nei de tsjustere dekors fan de ferhalen, de rillingen rinne je der bytiden fan oer de rêch. De searje is makke op oantrún fan Geartsje de Vries, radioredakteur en programmamakker fan Omrop Fryslân.


Geartsje, foar de podcastrige ha jim ferskate besteande folksferhalen bewurke ta harkspullen. Hoe binne jim op it idee brocht?
Bonkerak is in idee fan Douwe Kootstra, de ferneamde folksferhaleferteller. Douwe hat hiel lang by Cedin-Taalsintrum Frysk wurke. Yn ’e mande mei Cedin makke Omrop Fryslân oant 2011 skoalleradioprogramma’s. De lêste jierren rjochten dy programma’s har echt op de harkfeardigens fan bern, omdat de fisuele wrâld hieltyd belangriker waard en learkrachten fernamen dat bern hieltyd minder harkje koene. De skoalradioredaksje fan Omrop Fryslân makke dêrom programma’s foar bern dêr’t de bern goed by harkje moasten.”


Om wat foar ferhalen giet it krekt, dy’t ferteld wurde yn de searje Bonkerak?
Bonkerak wie ien fan dy programma’s, bedoeld foar de heechste groepen fan de basisskoalle. In folksferhaal waard bewurke ta harkspul en dêrnei ynsprutsen troch akteurs. Dêrnei makke ik der tegearre mei de audiotechnikus in moaie montaazje fan. Der sieten yn de oarspronklike útstjoerings ek altyd twa harkopdrachten. Edukative mominten. De ferhalen binne útsocht troch Douwe Kootstra. Hy hat in pear bekende Fryske folksferhalen útsocht en hy hat ek bûtenlânske ferhalen nommen. In soad folksferhalen lykje op inoar, binne universeel. Sadwaande is der foar dizze opset keazen.”


En ha jim in soad oan dy ferhalen feroare om se yn dizze foarm – podcast, harkferhaal, de lingte dy’t der oanhâlden wurdt – te krijen?
“Ik haw de programma’s allegear opnij monteard: de harkopdrachten haw ik der úthelle en hjir en dêr haw ik it wat opfrist sadat it krekt in bytsje moderner klinkt. Dy nije montaazjes wurde no oanbean as podcast.”


Spoeken, wolven: watfoar ûnhuere wêzens en figueren drave der yn de ferhalen op?
“It binne de wat horrorachtige folksferhalen, dus der komme in soad mearkeachtige figueren yn foar en hjir en dêr kin it ek wat mystyk wêze. Der komme minsken yn foar dy’t yn wjerwolven feroarje, in frou dy’t yn in hynder feroaret, hynders dy’t prate kinne, geasten dy’t prate en omspoekje ensafuorthinne…”


Hoe binne de ferhalen te beharkjen?
“Eltse freed komt der in nije podcast online. Dy is fia de gewoane podcastkanalen (iTunes, Spotify) del te heljen en ek fia ús gewoane webside kin de podcast beharke wurde.”

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.