Hûnekop Festival

Hjir en dêr bromme kollega-muzikanten dat se it net hielendal begripe, dat sukses fan dy trije Wâldpiken dy’t mei har kampearbuske fan it iene nei it oare optreden tuffe. It is dochs neat bysûnders, wat dy lju dogge? It rammelt oan alle kanten, en it is wol aardich -dêr net fan- en it is se ek wol gund -dêr net fan- en it binne grif hiele aardige jonges, marre…dat it sa bot moat? Wêrom sy wol, en in oar net? Nea stiet dat kamperke ris stil.

Likegoed, it wurdt allinne mar slimmer. Earst wie de Hûnekop inkeld in band, dêrnei de nije Strawelte en no jout it trio al har namme oan in Festival! It Hûnekopfestival, echt wier, op 16 july yn Burgum. Wêrom? Om te fieren dat de plaat Raast oan de protters in jier út is. En dan wurdt fuortendaliks mar in nije plaat presintearre. Komt it dy lju yn de sliep oanwaaien, of hoe sit dat? Drugs?

En dan steane artysten as Jarretank en DJ Syb gewoan yn it foarprogramma. Meie se de boel in bytsje opwaarmje. En wa noch mear? The Idiots en Jappy Kommando. Dy lêste docht in optreden mei Paul. Paul wa? Paul fan Strawelte. Ien fan Strawelte yn it foarprogramma fan De Hûnekop. En se ha ek al mear as hûndert folgers op Twitter. No, moai foar se.

http://twitter.com/de_Hunekop

http://www.hunekopfestival.nl/

Arjan Hut

Comments
Ien reaksje oan “Hûnekop Festival”
  1. Emiel schreef:

    Komt it dy lju yn de sliep oanwaaien???? Wy bulichje der foar! Strawelte, jarretank, de doelleazen, the idiots en jappie kommando binne us beste maten. Dy’t mij deselfde wille mij wurkje oan us cd presintaasje, dat we sels op poaten sette!
    Ik soe mar gouw in kaart keapje at ik dy wie!

    Emiel de hûnekop.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.