“Hoe lang denk je dit nog te doen?”

Publisearre op 15 december 2014

ARJAN HUT – 

Lucky Fonz III is in noflike neuroot dy’t ferskes skriuwt en sjongt. Set him op in poadium of sko him in mikrofoan foar de noas, en hy teart iepen. “Ik mag graag vertellen”, seit er earne healwei syn earste teatershow ‘Neurose, geur en maneschijn’ en dat is te fernimmen. Men krijt allegeduerigen de yndruk dat hjir in jongeman op it poadium stiet dy’t wierskynlik fan it momint dat er wekker wurdt oant it momint dat de foarstelling begjint, genôch meimakket om in oerke as wat fermaaklik oer te fertellen. It is dan ek benammen knap dat Otto Wichers (syn bertenamme) mar in kertierke langer nedich is as de oardel oere show dy’t er oan it begjin ferkundiget.

It begjin ferrint lykwols net alhiel neffens winsk, want Frits – Fonz syn lûdsman en ympressario – komt al nei in minút achter it lûdspaniel wei om te sjen wêrom’t de mikrofoans it net dogge. “Dit hoort bij het programma”, grapket de singer-songwriter, dy’t oars yn de healfolle Bentaceraseal ek prima te ferstean is. In ferske dan mar, en wat anekdoates, krekt as by in ‘gewoan’ optreden. Miskyn heart it der wol wier by. Men wit it net. It soe net ien fernuverje as takom wike yn Fotsjefinne de mikrofoan it wer net docht.

België, it poadiumbestean, seks, drugs en singer-songwriter muzyk, Fonz babbelt it noflik oanmekoar.

As der ien muzikant is dy’t maklik kontakt makket mei syn publyk, dan is it Lucky Fonz. In pear kear earder spile er al yn Ljouwert, yn de Prinsetún en yn Poppodium Romein. Hy fertelt ek oer dy tiid, ‘een rare tijd’, dat minsken net op him sieten te wachtsjen en hoe’t er dêr dan mar op ynspile. Somtiden wiene der sa’n pear belangstellenden, dat hy gewoan in foarstelrûntsje die. It heucht my noch dat Lucky Fonz ris op it Troubadour Nut Festival wat technyske mankeminten hie, mar al babbeljendewei de oanwêzigen foar de koepel sa fermakke, dat er de ferskes hast wol oerslaan kind hie.

Yn de Harmonie krijt Fritz nei in goede tsien minuten de mikrofoans oan de praat en glydzje wy ûngemurken it programma yn. Net alle grappen rinne lekker, mar it hindert neat. Op sjarme komt Fonz der ek, en as dan de earste ferskes klinke, al rinne se wat wibelich – bytiden krekt in vinylsingle’tsje mei in plúske en in slach – dan komme syn kwaliteiten nei foarren. Foar ‘Neurose, geur en maneschijn’ hat er allegear nije lieten skreaun. Hy makke al ien kear in album yn it Nederlânsk en neidat syn meast resinte plaat ‘All of Amsterdam’ wer yn it Ingelsk wie, keart er no werom nei de memmetaal. ‘Ik ben een dromer’ hjit ien fan de ferskes en letter sjongt er ‘Ik ben een muis’.

 

“Ik ben een muis

en ik weet maar één feitje

net als bij een mens

klopt mijn hart maar een tijdje”

 

Fonz begeliedet himsels op gitaar en piano en ek syn mûlharp hat er meinommen. It publyk bestiet sawol út minsken dy’t wierskynlik de trochbraak fan Bob Dylan noch belibbe ha, oant pubers dy’t – benammen de famkes – mei grutte eagen ferlegen nokkerje en wachtsje oant er syn hit ‘Ik heb een meisje’ spilet. Dat docht er ek, mar pas as tajefte, en in bytsje op de automatyske piloat (hy fersint him efkes fan kûplet) al wurde de frouljusgesichten der net minder rôze fan.

België, it poadiumbestean, seks, drugs en singer-songwriter muzyk, Fonz babbelt it noflik oanmekoar. It is ynformeel, as stiest by in âlde freon yn de hûskeamer en dy freon hâldt fan fertellen. En soms sjongt dy freon in ferske, dêrst fan tinkst: Dat is eins folle moaier as dy rotsoai op de radio! Hy sjongt ek oer de muzyk dy’t er sels graach heart en sa wurdt Meindert Talma neamd, immen dy’t op Fonz grutte ynfloed útoefenet. De teksten rinne rap, binne ritmysk boartlik en wurde oanklaaid mei akkoarden en melodyen dy’t dúdlik komponearre binne troch immen dy’t dêr de grutste skik yn hân hat.

Dan, in tweintich minuten foar de ein, is er gelegenheid ta fragen út it publyk. In menear dy’t Lodewijk hjit en leafhawwer fan The Cats is, freget: “Hoe lang denk je dit nog door te doen?”

Mear fragen komme der net, hilariteit genôch en Fonz ymprovisearret der op los, hellet guon tema’s út de foarstelling werom, besiket dy te werskikken, wat ta nije ideeën laat, dy’t by einsluten mei in ferske ôfkapt wurde, oars kin er sa trochgean oant de krystdagen.

Alles bymekoar soe ‘Neurose, geur en maneschijn’ wol wat strakker en spannender kinne, mar oft it dêrmei ek Fonziger wurdt, is de fraach. It is sa’t it is, nettsjinsteande alle bedoelings, en wat der ek bart – it heart derby.

 

Lucky Fonz III, Neurose, geur en maneschijn, Stêdsskoaboarch De Harmonie, Ljouwert

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]