Het Grote Jaren 60 Boek

Publisearre op 18 juni 2014

GERBEN DE VRIES – 

De fraach oft der yn de jierren sechtich yn de iene stêd, gemeente of provinsje mear barde as yn in oare, is lêstich te beantwurdsjen. It giet der benammen om wêr’t nei sjoen wurdt, nei allegear losse eveneminten of dochs mear nei de grutte linen, it gruttere ferhaal. Hat Fryslân mear histoarje as Drinte, om mar ris in foarbyld te neamen? In echt andert is ek net te jaan, dat begrypt elkenien. Dochs is it wol prikkeljend om oan de hân fan in dik fotoboek oer de jierren sechtich sa ris nei Fryslân te sjen.

Op foarhân soe’k Fryslân yn dat desennium net safolle punten jaan. De alvestêdentocht, it skûtsjesilen of de Snitswike, de Lauwerssee dy’t sa nedich ticht moast? Myn byld fan de jierren sechtich wurdt yn alle gefallen bepaald troch Amsterdam. The place to be yn dy tiid. Pas earne yn de jierren santich lykje de jierren sechtich ek yn Fryslân oan te brekken. Of is dat flauwekul, in ferkearde byldfoarming?

Fryslân liket yn dit tiidrek benammen te bestean út Ljouwert. Dat is in grappich idee, want eins wie Fryslâns grutste stêd doe in slieperige provinsjestêd.

‘Het Grote Jaren 60 Boek’ fan René Kok, Erik Somers en Paul Brood is in gruttere útfiering fan it blokboek ‘Het jaren 60 boek’ út 2006, fan deselde redakteuren. Ik wie oars ien fan de auteurs fan dat lêstneamde boek, dat hast 450 siden telde, tsjin de noch gjin 370 fan dit nijere mar yn wêzen tinnere boek. De ’grutte’ fan de titel slacht dus allinnich mar op it formaat. In quick scan.

Ljouwert komt al foar op side 20. In foto út 1960 fan de Grutte Tsjerkestrjitte dy’t noch hast foaroarlochs oandocht, ek troch it holdoekje fan dy iene frou. In ferkearde assosiaasje blykt at ik even letter in foto út 1966 tsjin kom fan froulju mei holdoekjes yn Amstelveen. Op side 66 alwer in foto fan Ljouwert, diskear feekeaplju yn in kafee. Yn it byskrift stiet dat de Frieslandhal yn 1963 yn gebrûk naam waard; hie dat dan net in better byld fan de jierren sechtich jûn? Side 68: opnij Ljouwert, no mei in frije boer út Wikel dy’t út protest tsjin it regear en it Produktskip de molke sels ferkeapet yn de Fryske haadstêd. Op side 73, de Frico yn, jawis, Ljouwert.

Op side 93 einliks in oare stêd, Snits. De foto út 1965 toant in famke op de LTS. Dat wie yndie in útsûndering. Yn de haadstikken oer it gesach, it nije wenjen en popmuzyk, tv en keunst hoege je gjin Fryske foto’s te ferwachtsjen. Mar dêr is dan dochs noch in foto út, fansels, Ljouwert. Op it Ljouwerter songfestival yn 1962 wûn de Mercury Skiffle Group de earste priis (side 209).

En fierderop nóch in foto fan Ljouwert mei de iepening fan de Frieslandhal. By it haadstik oer sport wurdt de oprjochting fan de fuotbalklup Cambuur neamd, yn Ljouwert fansels. Hie foar de fariaasje dan net better de VV Heerenveen neamd wurde kind, mei bygelyks de Aktie ’67? Pas op side 277 komt foar de earste kear it Fryske plattelân oan bod mei yndie de Alvestêdetocht, dêr’t sels ferskate foto’s oan wijd wurde. De twadde kear is in foto fan jongerein op Flylân op side 335, wylst it massatoerisme dochs krekt op Skylge en it Amelân te finen wie.

It jout gjin algemien byld fan de jierren sechtich, mar mear in yndruk fan de grutte feroarings yn dy tiid.

Op side 348 binne wy wer yn Ljouwert, der’t teenagers har fermeitsje yn jeugdsoas ’t Vliet oan de Foarstreek. Tweintich siden fierderop protestearje learlingen fan it Jan Brugman College yn Boalsert tsjin it smoken, in bewiis dat ek yn 1969 de gefaren fan de tabak foldwaande bekind wiene. De lêste Fryske foto is te finen op side 361, dêr’t jongerein yn wer oars as Ljouwert yn 1963 in ‘behendigheidswedstrijd met de bromfiets op Koninginnedag’ útfiere. Mei strik en al.

It kin wêze dat it op dizze wize beoardieljen fan in fotoboek wat flau is. Dêr stiet tsjinoer dat ‘Het Grote Jaren 60 Boek’ yn dizze gearstalling yndied earder ‘Het Grote Jaren 60 Boek van Amsterdam’ wurden is. It jout gjin algemien byld fan de jierren sechtich, mar mear in yndruk fan de grutte feroarings yn dy tiid. Dat it grutste part fan it lân dêr faak noch net oan ta wie, dêr wurdt net oer rept. Fryslân liket yn dit tiidrek benammen te bestean út Ljouwert. Dat is in grappich idee, want eins wie Fryslâns grutste stêd doe in slieperige provinsjestêd. Snits, Drachten en it Fean wiene doe dynamysker. It seit in protte oer de gearstallers, alle trije Amsterdammers dy’t tocht hawwe sild dat hja op dizze wize Fryslân adekwaat betsjinnen. Grinslân en Drinte komme der oars noch minder ôf. Dêr komt by dat de byskriften by de foto’s tige summier is.

Mar it wie leuk te lêzen dat ‘De Spelbrekers’ yn 1962 meidiene oan it Eurovisie Songfestival yn Lúksemboarch, mei it ferske ‘Kleine kokette Katinka’. Hja waarden lêste mei eksakt nul punten. Wa’t de foto fan de twa hearen op side 205 sjocht begrypt fuortendaliks wêrom: de jierren sechtich wiene al oanbrutsen, mannen!

 

Het Grote Jaren 60 Boek, René Kok, Erik Somers en Paul Brood. Uitgeverij WBOOKS, 2014. 368 siden, €49,95.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels