Herman van der Made
Publisearre op 16 maart 2017
DRIJPIKKEL –
Yn it Hannemahûs yn Harns is oant 1 april in útstalling te sjen mei wurk fan Loes Vreedeveld en Herman van der Made (Monster, 1936). Mar it is ek wol de muoite wurdich en beset it boekje ‘Beeldstenen’ fan Herman van der Made.
Yn dizze moai fersoarge útjefte binne prachtige foto’s te finen fan it wurk fan Van der Made, dy’t swerfstiennen sjocht as it materiaal foar syn bylden. Yn it boekje is, neist in tekst fan de byldhouwer sels, in tal haiku’s, ek in koarte ynlieding op it wurk opnaam, skreaun troch Marije Bouman.
Van der Made – syn grutte foarbyld is de Japanske keunstner Isamu Noguchi (1904-1988) – giet eins altyd út fan de spesifike foarm en skientme fan in stien en besiket dêr op subtile wize eat oan ta te heakjen, wêrtroch de stien betsjutting krijt. Bouman: ‘De beeldstenen van Herman van der Made zouden als metafoor kunnen worden gezien van het mysterie van het leven. De steen draagt een geschiedenis met zich mee die zich uitstrekt voorbij de horizon van onze kennis. Dit heeft haar vorm bepaald’.
Herman van der Made, Uitgeverij Tienstuks. ISBN 978 90 8860 136 1
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Essay
HUUB MOUS - It Frysk Museum hat fan de ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema achttjin miljoen euro krigen foar nijbou ‘op of aan het [...]