Havenreus

ARJAN HUT – 

 

HAVENREUS

 

krekt foardat de trein

de haven fan Harns ynrôlet

sjoch ik troch it finster

in read autoke

dat op de smelle spoarstrjitte

op ‘e kop leit

 

der steane minsken om de auto

in menear op ‘e knibbels

tikket op it rútsje

de oare taskôgers skimen

ik sjoch se yn flitsen tsjin de sinne yn

 

watfoar merk as it is

ken ik net sjen: al dy autokes

lykje sa opmekoar

 

it leit op ‘e kop as is it boartersguod

dat in bern dêr slingerje liet

in reus soe der sa op stappe kinne

en mei swaaiende earms delstoarte

 

by de haven rin ik nei de havensbrêge

it is betiid

de terrassen lizze noch ûnder it nachtkleed

in sikenauto rydt del, bochtet mei belied

de brêge oer

 

ik sjoch it gesicht fan de byrider – yn al syn witens

eagen as teepantsjes, mûle iepen

 

de haven trillet, seefûgels âlje, sirenes jammerje

 

de reus is fallen

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.