Gysbert 2015: Margryt Poortstra
Publisearre op 15 mei 2015
De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.
Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
21 koarte ferhalen oer hiel ferskillende minsken mei har ferburgen langstme, gekte, talint of lilkens.
Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
Dizze ferhalebondel en oars Suster, oer Willemyn van Gogh.
Wa binne jo literêre helden?
Ann-Marie MacDonald en Anne Enright
Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Ja, belang? Wit ik net. It strielt myn ego wol wat. Wat de útjouwer fan de oandacht fernimt, kin ik net mjitte.
Wa fertsjinnet de priis?
Kin ik wier net beoardielje.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]