Gysbert 2015: Josse de Haan

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
‘De roman is in minskepoppespul mei seldsume suvere loksmominten fan fersmelting mei de oar, dy’t de wrâld letterlik opheffe, mar dy’t djoer betelle wurde.’

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
De roman Omskotten fan leafde (1981) – oer in leafdesrelaasje tusken de learares Sarah en har learling Okke.

Wa binne jo literêre helden?
Yn de rin fan jo libben komme der literêre helden by, en tagelyk ferdwine oare. Ast begjinst te lêzen – yn myn gefal op myn fyftjinde/sechtjinde – hast al gau in pear favoriten. Guon bliuwe dat foar ivich. Yn de rin fan de jierren groeist yn de literatuer, krijst belangstelling foar in spesjale soart fan literatuer dy’t te krijen hat mei dyn eigen wurk dat stadich foarm krijt. Ik meitsje ûnderskied tusken poëzy, proaza en toaniel/teater (essay). Soms ha myn ‘helden’ alle trije sjenres skreaun, soms allinne ien. Simon Vestdijk, Anton Wachtersyklus, Lucebert, Multatuli, Octavio Paz, Louis Paul Boon, Samuel Beckett Elke skriuwer/ster hat op syn/har eigen wize ynfloed hân op myn eigen skriuwen, sawol op it primêre wurk as op it sekundêre. Simon Vestdijks Anton Wachterromans, dy’t foar in part yn Hjerbeam spylje, komme werom yn myn histoaryske roman oer it keatsen: ‘100 jier keatsen Hjerbeam’ (1893-1993). Dit as foarbyld hoe’t myn ‘helden’ bydroegen hawwe.

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Op himsels is it ynspirearjend, want guon ‘ekspêrs’ fine it boek nijsgjirrich. Yn in lyts literêr taalgebiet, mei in bytsje kritisy, is it nedich dat skriuwers soks ris offisjeel hearre. It is ek in kâns om de literatuer yn de publisiteit te bringen.

Wa fertsjinnet de priis?
Oeuvre: Willem Schoorstra, inkeld boek: Elske Schotanus mei ‘In kop as in almanak’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.