Gysbert 2015: Ale S. van Zandbergen

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
‘Littenser Merke’ giet oer in dominy en syn frou (1832) en in slachterssoan en syn kammeraatske (1972) … in treffen fan tiden en minsken …

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
It ferhaal ‘Predictor’, de Strikel, novimber 1986, s. 347, 348.

Wa binne jo literêre helden?

– Diet Huber har ‘Abe Sjipkop’ … bist 7 jier, hast yn in gripige rite alles der út spuid … dan biedt Abe treast, fral de yllustraasje … dy’t Diet sels makke; ‘Tutte mei de linten’, 1958, twadde (sic) printinge, s. 16.
– Alle ferhûddûke mantsjes yn ’e boeken fan Rink van der Velde.
– Nicolien Koning, de frou fan Maarten Koning yn ‘Het bureau’, mar ek yn ‘De buurman’.
– Hylkje Goïnga’s ‘Martha’.
– Nescio, ‘De titiaantjes’; ‘Des garçons, oui – mais gentils.’
– J.M.A. Biesheuvel as J.M.A. Biesheuvel.
– G.K. van het Reve, ‘De avonden’; Frits van Egters

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
In nominaasje weakket in skriuwer teminsten wer ris eefkes los fan syn burostoel … hellet him wer eefkes út syn sosjale isolemint, sis mar … eefkes … lokkich.

Wa fertsjinnet de priis?
Dat makket de sjuery út, ik bin inkeld de skriuwer fan in nominearre boek … neatiger as it skaad fan in hier op in mûzekloat … yn dizzen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.