Gouden bûtenpleatsen

GERBEN DE VRIES – 

Wy hawwe it der wolris oer mei freonen: kinne jimme famyljeferhalen dy’t âlder binne as dy oer pake en beppe? Berop en wenplak fan oerpake en -beppe binne faaks noch wol bekind, mar meastentiids ek net folle mear as dat. Dy ferhalen geane net mear as hûndert, op syn heechst hûndertfyftich jier tebek. Yn tsjinstelling ta bygelyks de adel hawwe wy, ienfâldige minksen, gjin oantinkens oan de tiid dêrfoar.

Dat skeat my sa yn ’t sin by it lêzen fan Buitenplaatsen in de Gouden Eeuw. De rijkdom van het buitenleven in de Republiek, ûnder redaksje fan Yme Kuiper en Ben Olde Meierink. In ‘buitenplaats’ is de lêste desennia de gongbere term wurden foar in lânhûs foar de adel of rike lju, mar dan wol yn de ‘ensemble-benadering’, dus mei hûs, tún en park, bosk, bijgebouwen en as ûnderdiel fan in bepaald lânskipstype. Yn it Frysk ‘bûtenpleats’, al is by dit wurd de assosiaasje mei it agraryske ferline fan sa’n hûs noch wat te eksplisyt. De measte minsken tinke hjoeddedei by in bûtenpleats oan in state mei in troch Roodbaard as Vlaskamp oanlein park. Krekt, fan sa ûngefear hûndertfyftich jier lyn.

Mar sa’n park hie faak in substraat. De 19e iuwske bûtenpleatsen – dêr’t Kuiper cum suis tsien jier lyn al in boek oer publisearren – wiene de opfolgers fan al earder boude en oanleine lusthôven op it plattelân. Want it giet yn earste en leste ynstânsje om kompleksen dy’t bûten de stêden ta stân kamen. Dat barde yn Hollân benammen troch rike boargers út de gruttere stêden. Yn it haadstik ‘Een yeder hadt te doen mit poten, planten en andere dingen. Het buitenleven van rijke en voorname Friezen in de Gouden Eeuw’ fan de hân fan Yme Kuiper en Annemarie Zijlstra wurdt lykwols ymplisyt dúdlik dat – oars as yn Hollân – de bûtenpleatsen yn Fryslân yn de 17e iuw yn it foarste plak troch de lokale adel oanlein waarden. De stinzen waarden foar in part omboud ta staten dêr’t net de militêre, mar de wenfunksje sintraal stie.

Yn de Gouden Iuw – siz mar rûchwei de 17e iuw – krige it gewest Fryslân in hiel oar gesicht as foarhinne. Der kamen in stêdhâlderlik hôf en in gerjochtshôf yn Ljouwert en in universiteit yn Frjentsjer by. En dêr kaam wer in hiele rige pommeranten út wei. De ekonomy bloeide en der waard in protte jild fertsjinne mei lânbou en hannel. De nije riken mochten simmers graach bûten wenje. Kuiper en Zijlstra neame it net eksplisyt, mar der kaam yn it easten fan it gewest troch de ferfeaning ek in hiel nije toplaach by en dy bouden bûtenpleatsen by it feanwurk.

Yn Fryslân wie it jierrenlang ûnrêstich west, mar nei 1640 kamen de ynterne en bestjoerlike ferhâldingen yn kalmer farwetter telâne. Dat wie it startsein foar in eksploasje oan bûtenpleatsen. Histoarjeskriuwer Pier Winsemius telde yn 1622 yn Fryslân 193 staten, tsjin mar 69 yn Grinslân. Oan ‘eein fan de iuw waarden der troch Bernardus Schotanus a Steringa yn Fryslân al 268 fermelde, mar troch de 30 gritenijkaarten fan 1664 nochris kritysker te besjen komme de skriuwers op net minder as 326 ‘edele staten’. Dizze stiene benammen yn de omkriten fan Ljouwert, Frjentsjer en Snits. Nije ûntjouwingen kamen der yn 1676 doe’t de widdo fan de stêdhâlder Willem Frederik, Albertine Agnes, út ‘e ein sette mei de oanlis fan wat letter Oranjewâld hjitte soe. Yn datselde jier begûn Amsterdammer Hiob de Wildt mei de bosken, ‘plantagien’, ûntginningen en tabakstielt om Huize Rijs hinne.

Foar fierder ûndersyk is it dúdlik dat der in krusiaal ferskil wie tusken de âlde adel dy’t de state en it lânguod gewoan as wenhûs brûkte en eksplotearre, en de nije boargers dy’t de bûtenpleats yn it foarste plak seagen as in idyllysk plak foar simmerske ûntspanning en ferdivedaasje. It gie yn de measte gefallen om it hûs as sintrum fan in kompleks fan ‘omgrachtingen’ en poarten, griente- en siertunen, fifers, singels, hôven en sa út en troch grutte – sjoch yn Gaasterlân – stikken bosk.

Yn 1687 kocht de jurist Henricus Popta fan de aadlike famylje Van Eysinga de Heringastate om yn ‘e simmer te genietsjen fan it bûtenlibben. Hy liet fuortdaalk in skilderij meitsje fan dizze stins dy’t letter Poptaslot hjitte soe. Hjir komme wy by in punt dat yn de ferfolchstudsje fan dizze oars treflike ferkenning better fersoarge wurde moat. It skilderij fan it Poptaslot út 1687 is te lyts ôfbylde sadat wy hast neat goed sjen kinne. Earder yn it artikel wie dat ek al it gefal mei in seldsum skilderij fan it ynterieur fan de Liauckemastate fan Seisbjirrum, makke om 1616 hinne. De bûtenpleatsen en ek it bûtenlibben fan dy tiid moatte net allinne beskreaun wurde, mar ek goed besjoen wurde kinne. Wy wolle graach mear sicht krije op de âlde bûtenpleatsen, nei de hoe’t it mear as hûndertfyftich jier lyn wie.

 

Buitenplaatsen in de Gouden Eeuw. De rijkdom van het buitenleven in de Republiek, Yme Kuiper en Ben Olde Meierink. Uitgeverij Verloren, 336 siden. €34,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.