De moaiste tiid fan syn libben

GERBEN DE VRIES – 

 

Kom vanavond met verhalen

hoe de oorlog is verdwenen

en herhaal ze honderd malen

alle malen zal ik wenen.

 

Dizze bekinde rigels út it gedicht Vrede binne fan de yn febrewaris 2014 ferstoarne Leo Vroman. Hy skreau de rigels yn 1954, njoggen jier nei de ein fan de Twadde Wraldkriich.

Dy kriich bruts hast 70 jier lyn út en is yn Nederlân noch altiten it wichtigste morele ykpunt. Dat komt fansels ek by gebrek oan nije oarloggen en oare grutte problemen en dus is it hast in lúkse ykpunt te neamen. It tal publikaasjes oer de Twadde Wraldkriich wurdt ek hielendal noch net minder en dat is op syn minst opmerklik. Der binne trouwens ek hiele goede boeken by, lykas ‘De vergelding’ fan Jan Brokken, dat yn 2013 ferskynde.

‘De Drogist’ fan Ad van Liempt, ek út 2013, past goed yn it byld fan de Twadde Wraldkriich as moreel ykpunt. De oarloch as in ûngewoane tastân, dêrt’t de minsken har oars as oars gedrage, dêr’t guon minsken echt oare minsken wurde. In útsûndersingssituaasje dy’t foar bepaalde minsken earder in befrijing is, as in opleine lêst. Der wiene oant lang nei de frede yn 1945 in soad minsken dy’t de oarloch de moaiste tiid fan har libben fûnen.

Ek nei it lêzen fan dit boek sil der yn in Snitser nijbouwyk grif gjin Reeskampstrjitte komme.

Gerard Reeskamp, foar de oarloch drogist yn Bussum, wie sa’n man. Hy wie in griffemeard dyt yn 1921 troud wie mei in famke út Snits. Sa’t wenst wie mei griffemearden doedestiids, krigen hja in hok fol bern, njoggen om krekt te wêzen. In saai drogistelibben ek, dat in kear naam mei de besetting troch de Dútsers yn 1940. Reeskamp gie yn it Goois ferset, mar syn groep waard lykwols oppakt. Hy koe ûntkomme, mar hearde dat er deasketten wurden soe at er yn Dútske hannen falle soe. De drogist kaam ein 1940 nei Fryslân, nei Snits en omkriten.

It waarden de moaste jierren fan de flamboyante Reeskamp. Hij wie lid fan in fersetsgroep dy’t foar it part út net-Friezen bestie. Fan Skearnegoutum út waarden rike boeren oerfallen, distribúsjekantoaren beroofd fan bonnenboekjes en jild en bûterfabrieken fan bûter en tsiis. Allegearre út namme fan ‘Vaderland en Vorstin’ fansels, al wie it by him benammen út sucht nei aventuer. Want it ferset wie yn dy tiid eins ek ‘rock & roll’, aventuerlik, wyld en spannend en mei as beleaning ek seks, want Reeskamp krige in ferhâlding mei in jonge frou. Dat foel yn de ortodokse Súdwesthoeke net al te goed, sa soe de man letter merke. De grutste suksessen wiene de ferneamde ‘Overval’ yn Ljouwert en twaris in oerfal op it plysjeburo fan Snits.

Gewoanwei in steat fan tsjinst dy’t nei de oarloch liede soe ta strjitnammen en in earfolle fermelding yn de dikke rige fan Loe de Jong. It rûn oars. Yn jannewaris 1945 waard – miskien yn opdracht fan Reeskamp, dat bliuwt ûndúdlik – boer Hanstje Zylstra by Abbegea by fersin troch de holle sketten. Dea. Twa jier nei de befrijing ûndersocht in al te iverige plysjeman – dy’t nota bene sels ferantwurdlik wie foar de arrestaasje fan seis Joaden – de saak. It pistoal dêr’t mei sketten wie, wie yn hannen fan Reeskamp, dy’t dêrneist ek gauris mei wikseljende ferklearrings oer de moard kaam. Opfallend wie dat suver nimmen yn Fryslân it foar him opnimme woe en Van Liempt suggerearet tusken noas en lippen dat dat ek kaam omdat Reeskamp dochs in Hollanner tusken de Friezen bleaun wie. Sels is Van Liempt op syn bar ek nochal dédain oer de noarderlingen.

Lêstendeis kaam de Britske psycholooch Kevin Dutton nei Ljouwert om te praten oer syn boek oer psychopaten. De belangrykste skaaimerken fan in neuroatysk narsist binne neffens him ûnmeiliedsumens, sjarmant, konsintrearre, dryst en ympulsyf. Hy fertelt graach ferhalen, mar hâldt ús ek bewust foar de gek. Wa’t it bizarre ferhaal fan ‘De Drogist’ lêst, ferneamt al rillegau dat Reeskamp wis sokke trekken fan in psychopatyske praatsjesmakker hat. Sil dat miskien ek in rol spile hawwe by de wegering fan Fryske fersetslju om foar him yn te stean?

Van Liempt hat der in nijsgjirrich jongesboek oer skreaun, sûnder noaten en wol hiel sterk leunjend op ferklearrings fan Reeskamp sels. Dizze cowboy en rock & roll-man belibbe yn de oarlochsjierren syn moaiste tiid, waard neitiids feroardiele en is nea rehabilitearre. Ek nei it lêzen fan dit boek sil der yn in Snitser nijbouwyk grif gjin Reeskampstrjitte komme.

 

 Ad van Liempt, ’De Drogist’ Uitgeverij Balans, €18,95

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.