Gers dat alfêst laket

Publisearre op 2 maart 2007

GEART VAN DER MEER – 

Alle keunst, en dus ek literêre keunst (dêr’t ik mij hjir fierders ta behein) wurdt makke mei it doel om te behaagjen, of yn alle gefallen om (fanwege ynhâld én foarm) moai fûn te wurden. No is dat begryp ‘moai’ in lestich ding, en net sa maklik objektyf te definiearjen, of eins hielendal net objektyf te definiearjen. Wurdt dan dêrmei it begryp ‘moai’ folslein subjektyf? Nee, oer it algemien wurdt dat begryp minder subjektyf makke troch oan te nimmen dat, as de mearderheid of alteast in protte minsken dy’t ‘it witte kinne’ (minsken mei in goede en ûntwikkele smaak) in literêr wurk ‘moai’ neame, der dan  grif sprake is fan in sekere yntersubjektive oerienstimming fan mieningen. It is lykwols wol wer sa, dat it probleem him  ferleit nei wa’t dan wol achte wurde kinne ‘goede smaak’ of in ‘ûntwikkele smaak’ te hawwen en wa’t dy lju binne ‘dy’t it witte kinne’. En binne wij suver wer belâne dêr’t wij begûnen … hoe dan ek, der binne redenen om oan te nimmen dat guon lju sa omskreaun wurde kinne, faaks omreden dat se in protte lêzen hawwe, en/of ek oer literatuer skreaun hawwe, en/of sels literêr wurk skreaun hawwe, dêr’t lju ‘dy’t it witte kinne’ net al te raar fan bearden.

Ien fan dy lju soe ik dus wêze …

De redaksje hat mij frege om dizze bondel te besprekken, ik nim oan omdat ik yn it ferline lid west haw fan de Trotwaer-redaksje, dêryn geregeld poëzij publisearre, mar ek in protte kritiken skreau en û.o lange stúdzjes oer Obe Postma en Douwe Tamminga. Sa is mij dus in seker rjocht fan praten skonken. Dat moat ik dan no mar wiermeitsje. Goed, oan ’e slach dus.

In literêr wurk bestiet (fansels) út taal, en taal is wat ús bij útstek ta minsken en sosjale wêzens makket: wij kinne dêr op tige subtile manier mei kommunisearje oer fan alles en noch wat. Wacht even, dat is mar bij wize fan sprekken fansels: alles is 100 persint, en wat is noch wat dan? Der wurdt gauris praat fan it ‘ûnsisbere’, dat poëzij útdrukke kinne soe en dat soe dan dat noch wat wêze. Ik leau net yn soks: poëzij is in foarm fan ‘sizzen’, en ûnsisbere dingen litte har per definysje net sizze. Dat wij moatte it mei de taal fan it wurk dwaan en ûnsisbere dingen fermoedzje is healwize ûnsin. Alles wat tocht wurdt, kin sein wurde.

Fierders: taal is in sosjale aktiviteit fan in mienskip en berêst sadwaande op ôfspraken om min of mear op deselde manier dy taal te brûken, want oars wurdt alle kommunikaasje ûnmooglik: ‘it’ Frysk bestiet net, mar der is wol in foldwaande oerienkomst yn de taalrepresintaasje yn it brein fan elk indvidu mei dy fan elk oar individu fan de Fryske mienkip, dy’t der foar soarget dat wij meiïnoar prate kinne. Oars sein: wij binne it wol aardich iens oer wat wurden en útdrukkingen betsjutte en suggerearje, en hoe’t sinnen yninoar past en begrepen wurde moatte.

No hold, foarsafier’t ik sjen kin, de dichtkeunst him oant it begjin fan de foarrige ieu noch aardich oan de regels fan de mienskiplike taal. Dy dichtkeunst makke yn feite allinne in drokker, systematysker, kompakter en ek kreativer gebrûk fan wat de taal dochs al bea: metrum, basearre op wat natuerlike taal ek al faak sjen lit, rym as werhelling fan einlûden[i]of begjinlûden (dan alliteraasje neamd) en fierders wat dizeniger ferskynsels as assonânsje (healrym) mear yn ’t midden fan wurden, byldspraak dy’t natuerlike taal ek al bij de rûs hat yn konvinsjonele metafoaren  (ferl. nije mooglikheden oanboarje), ambiguïteit en dûbelsinnichheden, en de hiele sleep fan assosjaasjes en positive of negative gefoelswearden dy’t in protte wurden meitôgje. Sadwaande bleau ek de dichterlike taal bij einsluten dochs de taal fan de mienskip, dus taal. Want de sinsbou bleau oerein en sinnen waarden oer it algemien ôfmakke.

Sûnttiid is dat wol wat feroare. Fan de boppeneamde ferskynsels binne bij de ‘moderne’ dichtkeunst gauris fêst rym (en yn it algemien de estetyske mooglikheden fan systematyske werhelling fan lûden) en fêst metrum slachtoffere en lykje foaral hieltyd persoanliker en dus tsjusterder byldspraak, assosjaasjemooglikheden en dûbelsinnichheden / gefoelswearden oanboarre te wurden. Ek wurde gauris ûnfolsleine en soms mei sin ûngrammatikale sinnen brûkt as poëtysk materiaal. Of allinne mar op harsels steande wurden, dy’t dan achte wurde assosjaasjes en gefoelens op te roppen.

Dat is frijwat in ferearming fan de poëtyske middels, mar in ferriking en mearwearde kin fansels wêze in ferdjipping fan de oerbleaune middels. It hâldt ek yn dat der mear ôfstân nommen wurdt fan de taal fan de mienskip – de taal wurdt asosjaal of alteast asosjaler. Wurdt dan fansels ek persoanliker en yndividueler en hieltyd dreger te ynterpretearjen. Sa’n taal kommunisearret gauris noch mar mei muoite. It liket soms suver as wolle guon dichters mei de taal – dat bij útstek mienskiplike en sosjale kommunikaasjemiddel – it ûnmooglike fan kommunikaasje oantoane: in wat frjemde tsjinstridichheid.

Om no (einlings) bij de bondel fan Bruinja út te kommen: it is, leau ik, net hielendal tafallich dat de pear besprekken dy’t ik dêr oant no ta oer fine kinnen haw, har mar hiel hoeden weage hawwe oan ynterpretaasjes dy’t fierder geane as algemienheden. Se wize op wat foarmferskynsels (werhellings, it sterk de klam lizzen op assosjaasjes, it yninoar oerrinnen fan bylden, lyntsjes nei wurden op oare plakken yn de bondel), mar de djippere bedoeling derachter wurd ik fan har net sa bot gewaar. Ek net, wat ik dêr ‘moai’ oan fine moat. De stikjes tekst dêr’t noch wat fan te begripen falt, dy wurde meastal sitearre, mar dat is it dan (it wurd ‘kryptysk’ falt ek wolris). En fierders haffelje se wat op algemienheden om.

Is it der fier bij troch as ik beslút dat sij it faak ek net begripe, mar it net doare ta te jaan? Want: dit is moderne poëzij en as jo dat net begripe of ‘moai’ fine, dat doocht der wat net mei jo? Want: dan binne jo âlderwetsk en net bij de tiid? Want: jo hearresokke dichtkeunst ‘moai’ te finen, sa’t jo oant foar koart abstrakte skilderkeunst ‘moai’ hearden te finen en figurative skilderkeunst eins mar dom en foar domme minsken? Want: dichtkeunst dy’t maklik te begripen is, dêr sit in luchtsje oan?

Dat…

– bin ik dan ek âlderwetsk of, noch slimmer, dom?

– hâld ik mij net oan de ôfspraak, dat wij dit ‘moai’ fine moatte, en it is noch wol moderne Fryske poëzij, potfergemy?

Want: it hege wurd moat der út:

– nei trije kear lêzen is in hiele protte mij noch wakker tsjuster, en fyn ik noch net folle oan wat ik wól begryp.

Goed, ik strûp de mouwen op en stoart mij der nochris yn. Want ik wol dit ta in earlik besprek meitsje.

 

De earste groep fersen GERSFAMKE liket oer ‘pake’ te gean (12) en it earste fers hjit dan ek ‘âld man’ (9):

 

it fruit rôle oer de binnenkant

fan syn hân en seach him

glinsterjend oan

 

Dêr is noch net sa folle fan te meitsjen; it soe miskien gean kinne oer in âld man dy’t de letterlike fruchten fan syn wurk besjocht as boer. Dan:

 

wat kinne âlde hannen it fjild fertelle

wat kinne âlde hannen in hûd ynwriuwe

 

Ik lês mar even troch, want ik wit net krekt wat ik hjir mei oan moat. Dit binne fragen, dat faaks komt der in antwurd:

 

no’t troch him har hunning de ierde ferlitten hat

krôket de goddelike loop en laket

 

Gjin antwurd dus, mar mear mysterieuze meideilings. Wa is ‘har’, is dat it ‘gersfamke’? Grif. Wat is de ‘hunning’ eins? Huning is swiet en grif in posityf bedoeld begryp (geniet fan it libben, libbensfreugde?), mar de ierde ferlitte liket mear op de  dea te wizen, en noch wol ‘troch him’. Dat wiist net sa bêst. Dan ‘krôket’ der in godlike (‘goddelike’) loop: dy ‘loop’ is grif de loop fan in gewear (sj. ek de rest fan de bondel) mar wat moatte wij mei dat krôkjen? Krôkje betsjut it lûd fan in podde, licht snije of fansels it Ndl. ‘boeren’, in lûd dat út de mage komt. Dat dogge gewearlopen net en dy laitsje alhiel net, dat hjir wurdt wat oars bedoeld, mar wat? Laitsje tsjut op wille earne om, of tefredenheid oer wat men dien hat? En wêrom is dy loop ek noch ‘goddelik’ = godlik? Wat is de ferbining tusken it sjitten (krôkjen) en de huning dy’t de ierde ferlit (want dit is bij útsûndering ien lange sin)?  Miskien in antwurd yn de folgjende rigel fan ien wurd:

 

skamskot

 

Lês goed: der stiet net skampskot mei inpmar skamskot. Dus: it giet oer skamte en in skot út in gewear?  In skot út skamte of in skot dat skamte feroarsaket? De assosjaasje mei skampskot bliuwt fansels bestean, mar ik kin der noch neat mei. Dan:

 

it gers is net siik mar

 

De sin is net ôf, komt wakker ûnferwachts nei dat skamskot mar soe eventueel bedoeld wêze kinne as oerrinnend yn de folgjende rigel:

 

fisk hâldt de hannen yn de finnen stil

 

Der stiet net de fisk, mar fisk, dat it liket hast in namme, mar is dat de bedoeling? Wat wurdt bedoeld mei de hannen yn de finnen? In ynterpretaasje fan finnen as ‘standweide’ sil grif útsletten wurde moatte. Mar wat dan? Dan as lêste, as ôfsluting of konklúzje, tink ik:

 

it gers

de skamte

it fel

 

Dy earste twa hawwe no wat bekends, en dat felmakket grif in ferbining mei it earder neamde hûd. Mar wat moatte wij dermei? No wit ik wol, dy tekst moat ek besjoen wurde yn it ramt fan de hiele bondel, en dan liket yn alle gefallen gerste stean foar fruchtberheid, groei, nij libben (sj. 15 mei in wat damesblêd-eftige ferwizing nei in berte as in segen) en ek fergonklikens, mar dêrmei is dit fers as gehiel net ferklearre. In fers dat eksemplarysk is foar de hiele bondel: fragmintarysk, net ôfmakke sinnen, soms inkeld in wurd, tsjuster (der binne trouwens noch tsjusterder fersen), mei in sekere suggestje fan djipsinnigens. Is dy djipsinnigens der ek werklik? It is mar in fraach. Ik kin op dizze manier net de hiele bondel trochgean, want dat soe in hiel Trotwaer nûmer kostje, dat ik wol it hjir bij litte.

Ik moat fansels ûnderstelle dat de dichter goed wist wat er bedoelde. As syn fersen dan sa tsjuster en (foar mij alteast) net te genietsjen binne, dan binne der ferskillende mooglikheden: (1) it leit him oan mij, om’t ik net betûft genôch bin om dit te ûntsiferjen, of (2) it is de dichter net slagge en jou syn kleare gedachten stal yn kleare taal, of (3) de dichter hie (oars as oannommen yn 2) allinne mar dizenige ideeën en dat mei yn ditsoarte poëzij, dy’t taastend, wifkjend en sykjend is.

Oer 1: faaks bin ik net betûft genôch foar ditsoarte teksten, mar as ik sjoch dat oare besprekkers, dy’t wól loovjend binne, der dúdlik blyk fan jouwe dat sij it ek faak net begripe, ja, dan krij ik wer wat mear fertrouwen yn mijsels en begjin ik mei in tige skalk each te sjen nei al dy lof. Ik soe wolris it bewiis sjen wolle dat de lof fan lju dy’t sizze dizze bondel moai te finen, op mear stuolket as op twa-trije oanhellingen en wat algemienheden en ferplichte moaifinen. Ek Tsead Bruinja: lis ris tige krekt út watsto bedoeld hast, en kom dan net oan mei it superflauwe ferlechje dat ik wolris fan dichters hear: ‘ja, as ik it ek noch útlizze moat, dan haw ik it net goed skreaun’. Oeral op de wrâld binne hast elke dei dosinten dwaande poëzij te ferklearjen, wêrom soene dan net dichters séls soks dwaan kinne? Sij witte it bêst wat sij bedoelden, en alles kin yn proaza útlein wurde – fandatoangeande hat proazataal gjin beheiningen en kin altyd itselde sein wurde as yn poëzij – allinne minder moai.  Miskien sil ik dan tajaan moatte dat ik yndie net betûft genôch bin. Mar ik bin altyd ree om te learen.

Oer 2: der is, sa lang’t it tsjindiel net bewiisd is, oanlieding te ûnderstellen dat dit yndie gjin ‘kleare taal’ is.

Oer 3: dat soe kinne, mar ek sykjen en wifkjen kin beskreaun wurde yn tige kleare taal, of alteast yn nei te kommen taal.

 

KONKLÚZJE: in protte is mij hjir tsjuster en wat ik wol neikomme kin, seit mij net folle. Ien foarbyld (28): dit fers giet oer in ferlerne leafde, sa fier is it dúdlik, en it begjint mei in byld:

 

fûn dij mei it stof op de iepen eagen

 

It meast logysk is te ûnderstellen dat de persoan oantsjut mei dij it stof op de iepen eagen hat, al is it net ûnmooglik dat stof oan de eagen fan de sprekker ta te skriuwen. Stof betsjut nei alle gedachten âld, net ûnderholden, fertutearzge, of net mear goed sjen kinnend, en as in persoan stof op de iepen eagen hat, dan is dat fansels letterlik tige ûnwierskynlik, en soe men hast tinke oan in lyk mei iepen eagen dat te lang lein hat. Ajakkes, tinkt men dan, en miskien is dat de bedoeling. It tsjut yn alle gefallen oan dat der immen/eat (de leafde?) stoarn of te âld wurden is. Tink ik. Net lekker dit. ‘Moai’ dit? Nee, fansels net. Dichterlik ‘moai’? Foar mij net, it is mij te betocht en te konstruearre. Mar dêr begjint fansels it persoanlike yn de wurdearring. Dat jou ik ta.

WAT LEAU IK: ik leau dat taal in kommunikaasjemiddel is fan in mienskip, en dat sels dichters dêr net oan ûntkomme – hoe persoanlik it taalgebrûk ek, der moat in ferbân bliuwe mei dat individu-oerstiigjend middel. Oars kin de dichter him better stilhâlde of gewoan syn wurk net iepenbier meitsje. No siket de keunstner altyd nije wegen, en dat heart er ek te dwaan, mar de spulregels fan de taal (ek fan de dichterstaal) binne ûnûntkomber. In priveetaal is per definysje gjin taal. Foarlopich seit myn lêsûnderfining dat yn dit gefal dy spulregels tefolle oprutsen binne.

WAT FERWACHTSJE IK: dat foaral yn gedichten alles in betsjutting of alteast in bedoeling en/of ferklearring hat, dus ek de opmaak (rigellingte, wite rigels, opmaak as gehiel), dy’t logysk beriddenearber binne neffens de regels fan de taal. Dat wurd logysk is yn dit ferbân fansels flokken yn de tsjerke (haha, dy Fan der Mear fynt dichtsjen logysk…), mar ik bedoel net mear (mar ek net minder!) as dat der stap foar stap fia de regels fan de taal (formele systematyk, semantyk) en fia de ynbêding fan it wurk yn in grutter gehiel (yntertekstualiteit) in ynterpretaasje fûn wurde kinne moat dy’t yntersubjektyf te ferdigenjen en akseptabel fûn wurdt.

AS EINBESLÚT WAT IK EK NOCH LEAU:

  • Nij/fernijend/oars = is op himsels net in wearde-oardiel
  • Modern = is op himsels net in wearde-oardiel
  • Dreech te begripen = is op himsels net in wearde-oardiel, en wis net in garânsje foar djipsinnichheid

 

Wat?

Nee, ik hâld ek net sa bot fan Rutger Kopland…

 

Tsead Bruinja, gers dat alfêst laket. Bornmeer, Ljouwert 2005.

 

 

 

[i]Op syn slimst is rym in ferplichting, mar op syn moaist kin it prachtich lyryske, mar ek hiel geastige effekten hawwe, of in kombinaasje fan effekten, lykas yn De Ballade fan Mata Harifan Fedde Schurer (sa net benei te kommen moai songen troch Roel Slofstra), dêr’t skieptsiis rimet op striptease. Sjoch ek de prachtige rimen yn Don Juan fan Lord Byron. Tige te genietsjen binne ek de mear as 600 rymjende sonnetten yn The Golden Gate, de roman yn sonnetfoarm fan Vikram Seth.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels