Gedichten fan Mary Oliver: Wylde Guozzen

Publisearre op 6 oktober 2022

WYLDE GUOZZEN

Hoechst net goed te wêzen.
Hoechst gjin kilometers op dyn knibbels
troch de woestyn te rinnen út berou.
Hoechst allinnich mar it sêfte wêzen fan dyn lichem
hâlde te litten fan wat it leafhat.
Fertel my oer dyn wanhoop, dan fertel ik dy oer dy fan my.
Ûnderwilens draait de wrâld troch.
Ûnderwilens lûke de sinne en de kristallen reindrippen
oer it lânskip,
oer de prairies en de djippe beammen,
de bergen en de rivieren.
Ûnderwilens binne de wylde guozzen, heech yn de helderblauwe loft,
wer ûnderweis nei hûs ta.
Wa’tst ek bist, hoe iensum ast ek bist,
De wrâld jout him oer oan dyn ferbylding,
ropt nei dy as de wylde guozzen, rau en opwinend
– hieltyd wer dyn plak ferkundigjend
yn it grutte gehiel.

Mary Oliver (1935-2019), dy’t Walt Whitman as ynfloed oanhelle, stiet foaral bekend as dichter fan ûntsachlike, gauris hoopfolle, natoerobservaasjes en refleksjes. “De poëzije fan Mary Oliver is een prima remeedzje tsjin de bûtenspoarichheden fan ‘e beskaving,” neffens in besprekker fan de Harvard Review, “tsjin de drokte en it oandachtstekoart en de barokke regels fan ús sosjaal en beropsmjittich bestean. Se is in dichter fan de wiisheid en goederjouskens, har fyzje jout ús in yntime blik op in wrâld dy’t wy net makke ha.”

(Academy of American Poets)

De gedichten fan Mary Oliver binne oerset troch skriuwer en oersetter Sietske Boonstra. Boonstra: “Ik ha no in stikmannich fan har gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk fertaald en soe it moai fine as mear minsken mei har wurk yn ‘e kunde komme koene. Ik tink dat der – just yn dizze tiid – ferlet is fan gedichten dy’t ynspirearje en treast en hoop biede, dy’t dy yn it hert reitsje en tichter by dysels bringe.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels