Fuort mei it hokjetinken

Publisearre op 12 augustus 2019

BAUKJE ZIJLSTRA – 

Takom jier (2019) is it 25 jier ferlyn dat Lida Dykstra har debút, Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid, útkaam. Underwilens binne meardere planken yn har boekekast fold mei eigen titels, mar wa’t har oan ’e hân fan dy titels yn it hokje ‘berneboekeskriuwer’ stopje wol, is by har oan it ferkearde adres.

Skriuwe is har wurk, dat as se gjin ôfspraak bûten de doar hat, sit Lida Dykstra moarns om healwei njoggenen yn har wurkkeamer achter har buro. Dan skriuwt se oant in oere as tolve, en middeis tusken ien en trije wer. Doel is sa’n tûzen wurden per dei te skriuwen, dan hat se de put der oer it algemien wol út. It is mei tanksij dy dissipline dat se wilens sa’n tachtich boeken op har namme stean hat, sawol útjeften yn it Frysk as yn it Nederlânsk, fan in dichtbondel en AVI-lêsboeken oant romans en ferhalen foar bern en folwoeksenen.

Dat lêste rekket fuort oan in punt dat Dykstra graach meitsje wol: wat har oangiet is it ûnderskied tusken literatuer foar bern en foar folwoeksenen totaal net relevant. ‘In soad minsken wolle boeken en skriuwers it leafst yn in hokje stopje: dit is foar bern, dat foar folwoeksenen, dit foar jonge bern, dat foar âldere bern. Der binne sels minsken dy’t, mei de bêste bedoelingen, dingen sizze lykas: “Dat ferhaal datst foar de Rely skreaun hiest, dat fûn ik sa prachtich, do soest wol in roman foar folwoeksenen skriuwe kinne.” Krekt as soe dat in stapke heger wêze, en it skriuwen foar bern makliker, mar sa wurket it hielendal net. Boppedat: watsto lêze kinst en wolst, hinget net allinnich fan leeftiid ôf. Der kin in wrâld fan ferskil sitte tusken sawol folwoeksenen as bern fan deselde leeftiid, wat lêsfeardigens en ynteresses oangiet.’

 

Yngeand ûndersyk
It is dan ek net ferwûnderlik dat der foar Dykstra gjin ferskil sit tusken it skriuwen foar bern en dat foar folwoeksenen, of it soe al yn de tematyk sitte moatte, lykas by har roman Ik, Anna, oer de leafde tusken Anna van Hannover en Willem IV. Yn alle gefallen binne fersoarge taalgebrûk, in spannend en goed opboud ferhaal, kontrolearre feiten en in libbene fantasy ûnmisber. Ideeën sudderje soms jierren, en in part fan har boeken begjint mei yngeand ûndersyk, faak op it gebiet fan (keunst)skiednis. Ek al is se sels ôfstudearre as keunsthistoarikus, meastentiids lit se har boeken ek noch neilêze troch spesjalisten op in bepaald gebiet, om te tsjekken oft alle details wol klopje.

‘As ik in ûnderwerp ha, begjin ik altyd earst mei my yn te lêzen, ûndersyk te dwaan en oantekeningen te meitsjen. Troch deroer te lêzen, krij ik ideeën, foarmje har boustiennen dy’t op ’en doer op harren plak falle, der ûntsteane ferhaallinen en karakters wurde ynfold. Mar it begjint altyd mei in “keale tiid”, en dat is soms wol ferskriklik. Yn de rin fan ’e jierren is de eangst foar it wite papier net minder wurden. Oaren moatte my der bytiden fan oertsjûgje dat it wol goed komt, dat ik troch dy “keale tiid” hinne komme sil en dat alles úteinlik op syn plak falle sil.’

Hoe fier’t dat ûndersyk bytiden giet, lit Dykstra sjen oan ’e hân fan Wenje yn in skilderij, oer de skilder Lawrence Alma-Tadema, skreaun fanút it perspektyf fan syn âldste dochter Laurence. Foar dat boek hat se nei Londen west, om mei eigen eagen it plak te sjen dêr’t eartiids de skilder syn hûs, Townshend House, stien hat: watfoar âlde beammen steane dêr noch, hoe soe it útsicht west hawwe? Fierders hat se it pân besocht dêr’t it gesin dêrnei wenne hat, en Leighton House, it hûs fan skilder en freon Frederic Leighton, mei in hal yn Arabyske styl: mozaïken yn pauwekleuren en in fontein dy’t wol fjouwer meter heech spuitet.

‘Foar skilders en oare stjerren út dy tiid wie har hûs ek letterlik in fisitekaartsje. It wie bedoeld om yndruk te meitsjen en by te dragen oan it prestiizje fan de skilder. Alma-Tadema hie alle moandeitemoarnen “iepen hûs” foar de parse, en ek soirées foar keunsthannelers en -keapers en oare minsken út de high society, dy’t dan syn hûs en wurk besjen koene en fragen stelle koene. En hy hie faak ferskillende útfieringen fan syn wurk, fan in goedkeape print om fuort te jaan oant in oaljeferfskilderij foar wa’t dat betelje koe. Hy hie absolút each foar pr en marketing.’

 

Feiten en ferbylding
Omdat it skriuwen fan Wenje yn in skilderij, yn opdracht fan it Fries Museum, parallel rûn oan it meitsjen fan de tentoanstelling oer Alma-Tadema, wie in hiel soad ynformaasje earst noch net foarhannen. Lokkich koe se de catalogue raisonné – mei in beskriuwing fan al it wurk fan Alma-Tadema – op usb-stick krije, en dat hat fan ûnskatbere wearde west. ‘Myn boek is eins om de feiten hinne ploaid. Ik haw presys útsocht wannear’t Alma-Tadema mei hokker wurk dwaande wie: wannear hat er it skilderij makke mei syn beide dochters derop? Wat stie der op syn skildersezel op it stuit dat der in skip ûntplofte op Regent’s Canal, wêrtroch’t syn hûs skansearre rekke? Wat hong der by de keunsthanneler Gambart oan ’e muorre doe’t se him opsochten yn Nice?’

Sa hat Dykstra ek útfûn wa’t Laurence (de âldste) en wa’t Anna (de jongste dochter) wie, want ynearsten wie dat net hielendal dúdlik. Der waard yn guon boarnen fermeld dat op it skilderij This is our Cornerit famke op ’e foargrûn, mei it ljochtere hier, de âldste wie. Dat wie wol wat in teloarstelling foar Dykstra, dy’t in hiel oar byld fan it âldste famke yn gedachten hie. Mar doe’t se fierder op ûndersyk útgie, kaam se derachter dat it ek net kloppe. Op in skilderij dat Ellen Epps – de skoansuster fan Alma-Tadema – ek fan de beide famkes makke hie, like it al sa te wêzen dat de donkerhierrige de âldste wie, en doe kaam der ek noch in foto boppe wetter, út it foto-album fan de Tadema’s, dêr’t út bliken die dat Dykstra har gefoel kloppe. It draaide der sels op út dat it Fries Museum har noch in kear belle om te freegjen hoe’t dat no krekt siet mei dy beide dochters.

 

Net binnen de linen kleurje
It binne altyd moaie mominten as bliken docht dat dingen dy’t Dykstra sels betocht hat, ek echt sa binne. Dan docht sawol de kennis fan it ûnderwerp as de krêft fan de ferbylding fertuten. Dat is ek ien fan de dingen dy’t se besiket oer te bringen yn har wurk as Skoalskriuwer: brûk dyn ferbylding, dan is alles mooglik. Der is safolle mear te belibjen as ‘hoe’t it no ienkear is’, do hoechst net binnen de linen te kleurjen. Dan barre der soms hiel moaie dingen, lykas by dat jonkje fan seis, dat ûnder it tekenjen foar him út preuvele: ‘Ik teken drie zonnen, dat mag, want het is fantasie.’ Of dat famke fan sân, dat yn in steapel boeken oan it sneupen wie en ynienen tsjin har freondintsje sei: ‘Ik fyn dit in goeie begjinsin, wat tinksto?’ Dykstra: ‘Kinst as Skoalskriuwer echt in ferskil meitsje, kinst bern neitinke litte oer boeken en oer de wrâld. Bern freegje al gau, as se sels in ferhaaltsje skreaun ha, oft it “sa goed” is, mar it giet net om goed of ferkeard. Kinst wol sjen litte oft it op in oare wize ek noch better of moaier kin. Helje it bêste út dysels, dan is it altyd goed.’

Sels wie Dykstra in bern mei in soad ferbylding. Se hat in goed ûnthâld, dat har earste oantinkens binne al fan doe’t se in jier as twa, trije wie. Sa wit se bygelyks noch de earste kear dat se har eigen skaad seach. Se tocht dat se ien of oar raar mantsje oan ’e fuotten hingjen hie en wie deabenaud. ‘Dat is dyn eigen skaad,’ besocht har broer har gerêst te stellen. Mar se wist net wat ‘skaad’ betsjutte: pas doe’t hy har útlei hoe’t dat krekt wurke, en har sjen liet dat hy ek in skaad hie, wie dat in gerêststelling. Of dy kear dat se op in stoel klom, om te witten te kommen hoe’t de wrâld derút sjen soe as se like grut wêze soe as har mem, hoe’t it perspektyf dan feroarje soe. Of de earste kear dat se in reinbôge seach: ‘Mem, mem, allegear prachtige kleuren oan ’e loft!’ Se tocht dat se in wûnder seach, mar mem sei: ‘O, dat is in reinbôge,’ krekt as wie dat neat bysûnders. Sa kin se noch wol eefkes trochgean, de wrâld wie foar har in ûnútputlike boarne fan wûnderbaarlikens, en dat is eins nea feroare. Ek as folwoeksene bliuwt se nijsgjirrich nei alles om har hinne, oft it no de natuer is of hoe’t minsken yn de âldheid libben. Dat is lykwols wat in soad folwoeksenen ferlern hawwe: de ferwûndering, it fermogen om de wrâld oars te sjen as ‘hoe’t it no ienkear is’.

 

Ienheid
Wat neffens Dykstra yn boeken de ferbylding stypje kin, is ienheid fan tekst, byld en foarmjouwing. ‘By gruttere projekten fyn ik it belangryk om, nei it ynleverjen fan it manuskript, ek mei de yllustrator en foarmjouwer om ’e tafel te sitten, sadat ik oanjaan kin wat my foar eagen stie by it skriuwen, en sy oanjaan kinne wat harren foar eagen stiet. As it goed is follet dat inoar oan, it moat inoar fersterkje.’ Dat is bygelyks hiel moai slagge yn De weddenskip, in boek wêrby’t se har ynspirearje litten hat troch de Edda. De trije ferhaallinen binne yn it boek werom te finen yn read, swart en goud. Wêr’t se ek hiel bliid fan wurdt, is de jugendstileftige foarmjouwing fan De huodsjes fan Mata-Hari: ‘Op de skutblêden hat yllustrator Natascha Stenvert Fryske pompeblêden skildere dêr’t in lotusblom út groeit. As ik soks sjoch, krij ik pikefel. Der is in pagina mei de kontaktadvertinsje fan MacLeod – Mata-Hari’s lettere man – yn de marzje, wêrby’t de hiele krantepagina as eftergrûn brûkt is; ik haw my trouwens noch blau socht om dy krante yn Delpher werom te finen, trochdat de datearring fan dy advertinsje yn in boarnefermelding net kloppe. Dan noch alle details dy’t Natascha betocht hat foar it foarplat: elke hoed mei in bypassende eftergrûn, de ferbylding fan “in orchidee tusken de hynsteblommen” – lykas in klasgenoatsje Greetje Zelle neamde – en sa kin ik wol trochgean. Mar ek oarsom: as dat foar de foarmjouwing nedich wie, haw ik der sels wol sinnen úthelle, om alles krekt passend te meitsjen.’

 

Dit ynterview stie eader yn ‘de Moanne’ nûmer 7, 2018

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels