Fryslân neffens Grinzers: terpen en tradysjes

ARJANNE NIJP – 

Wa’t oan de Groninger Ploeg tinkt, sil yn earste ynstânsje skilderijen foar him sjen. De ‘noordelijke expressionisten’ dy’t yn de jierren ’20 De Ploeg foarmen wiene ek benammen skilders: Jan Wiegers, Johan Dijkstra, Jan Altink. De keunstners fan De Ploeg hjoed-de-dei binne fan breder ‘pluimage’. Sa is der op harren eksposysje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits ek romtlik wurk te sjen.

 

Beitele terpen
Dik Breunis fan Grins is byldhouwer. Hy makke trije houten terplânskippen. “Concreet kreeg ik het idee toen ik een grote stam kon overnemen, de onderkant van een boomstam. Dat is vrij ruw allemaal, en daar ben ik bomen en struiken op gaan maken. En de bolling erin, die een terp ook heeft.”

 

“Het gaat over hoe het landschap ooit vroeger is ontstaan.”

 

As twadde byld makke hy in terp yn ‘e stoarm. Sjochst de driging fan it hege wetter dat op de terp ôf rôljen komt. “En het derde beeld is een verticaal landschap geworden. Het wordt steeds wat abstracter. Maar alle drie worden ze verbonden door een klein kerkje en twee torens van heel mooi taxus hout.”

“Het gaat over hoe het landschap ooit vroeger is ontstaan, de manier van overleven voor de eerste bewoners. De dreiging van het water. Het zijn ruwe, ingetogen gebeitelde landschappen geworden, bekroond met een bouwwerk dat door mensen gemaakt is.”

 

It earste ljipaai
Reinier van den Berg út Aduard skildert in protte, faak searjes mei itselde tema. “Maar voor deze expositie koos ik al snel voor een losstaand iets. En dan maak ik liever een object, dat kan voor mijn gevoel beter los staan als schilderijen.”

 

 

It waard in ljipaai, mei as titel ‘het eerste’. Yn it objekt sjochst in pear kear de foarm fan in aai weromkommen. “Je ziet het in 3D, maar als je van bovenaf kijkt ook in een plat vlak. In de halve vorm, en in het eitje in het midden.” Dat lytse aaike liket krekt echt, ek fan tichtby, mar it is fan hout.

Van den Berg hat yn it wurk ek ferwizings nei guon Fryske tradysjes ferwurke. “Het zoeken naar kievietseieren, de strijd om wie ‘het eerste’ vindt. Het eitje ligt in een klein kamertje, daarmee wil ik uitbeelden dat het eerste ei wordt gegeven aan de Commissaris van de Koning die het bewaart. De contouren van de kievit en het ei verwijzen naar de traditie van de knipkunst, die in Friesland groot was. En de gaatjes die ik erin heb geboord zijn een afgeleide van de Hindelooper stippenkunst.”

 

Yn de eksposysje ‘Groningers in Fryslân. Kunst van De Ploeg anno 2020’ is fan yn totaal 18 hjoeddeistige Ploegleden, wurk te sjen. De kommende wiken sil op de website fan ‘de Moanne’ mear wurk útljochte wurde. It Fries Scheepvaart Museum yn Snits is alle dagen iepen. Online in kaartsje keapje is ferplichte en kin fia http://tickets.friesscheepvaartmuseum.nl

Sjoch foar in folslein oersjoch fan alle musea yn Fryslân op www.friesland.nl/cultuur en www.museum.frl/musea

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.