Fryske keunstlokaasjes toane grafyk

TSJOMME DIJKSTRA –

Oktober is de moanne fan de Grafyk. Alteast, frijwilligers, keunstners en stipers fan grafyske keunst hawwe de moanne dêr ûnder oanfiering fan grafiekplatform VOG mei-inoar ta útroppen om grafyk ûnder de oandacht te bringen. Yn it hiele lân toane musea, ateliers, galerys dat grafyk anno 2016 fernijende keunst bringt en dat keunstners wiidweidich eksperimintearje mei alle mooglike druktechniken en nije kombinaasjes fan techniken.

Nei in earste edysje yn 2013 is it de twadde kear dat it evenemint organisearre wurdt. Yn Fryslân docht der ek in grut oantal lokaasjes oan mei. By in protte galerys hinget oars ek wol grafyske keunst. Dat is faak betelbere keunst dy’t in soad en op ferskate wizen makke wurdt. Foar de gelegenheid is der yn in soad gefallen noch folle mear te sjen (en keapjen). Bygelyks by Galerie de Vereeniging yn Warkum. De galery iepene yn 2010 de doarren yn it ryksmonumint oan ’t Súd.

“We hebben schilderijen en textiel gehad, maar zijn uiteindelijk gevallen voor grafiek”, fertelt Hélène van de Vijver. By de Vereeniging is dizze moanne ek in protte oare grafyske keunst as oars, it giet ûnder mear om portretten fan Erik Bosma út Maarssen, dy’t gebrûk makket fan karborundumdruk – in hurd slypmiddel – en wurk fan Joyce Ennik út Noard-Hollân (gomdrukken).

“Het hele pand is open, ook het achterhuis. Er zijn veel nieuwe werken. Eigenlijk zijn alle technieken, met bepaalde grenzen, te zien. Alleen bij foto’s hebben wij wel een harde grens getrokken: er is discussie over of je zelfs fotografie tot grafiek kunt rekenen, omdat dat eigenlijk alles is dat herdrukbaar is. Wij hebben ervoor gekozen fotografie niet te exposeren.”

De Stichting Nobilis Centrum voor prentkunst yn Fochteloo en it Kunstlokaal №8 yn Jubbegea dogge ek mei yn de provinsje. En yn Ljouwert partisipearje leafst acht lokaasjes oan de Moanne fan de Grafyk. Dat binne Artemisia in kunstzaken, Galerie de Roos van Tudor, Galerie Doet, Grafisch Atelier Friesland, Kunsthandel & Galerie de Vries, NHL Galerij, Zi-zz-ART en as lêste de iepenbiere bibleteek.

Mear ynformaasje is te finen op: http://maandvandegrafiek.nl/

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.