Fryske dichters op ‘roadtrip’ troch Denemarken

TSJOMME DIJKSTRA –

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen. 

 

“We meitsje in roadtrip troch Denemarken en it moast al in bytsje rock-’n-roll wêze.”

 

Foar in link tusken Fryslân en Aarhus hoege we net sa lang te sykjen, Ljouwert krige yn 2017 it stokje fan Kulturele Haadstêd oer fan Aarhus en de twa stêden folgen inoar dus op as de kultuerstêd fan Europa. Ofrûne jier wie de proazadichter Carsten René Nielsen, dy’t fan Deenske side by de takommende plannen belutsen is, al yn Ljouwert.

Yn july joech de dichter in optreden op in ynternasjonale poëzymiddei yn it Talepaviljoen MeM, krekt as ûnder oaren Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper. Ek de dichters Leanne Ellul út Malta, AP Kivinen út Finlân en María Lado út Spanje wienen foar dy middei yn Ljouwert. Kontakt mei de Deenske dichter wie lein yn 2017, doe’t Geart Tigchelaar in fytstocht troch Denemarken makke.

“Twa jier lyn wie ik oan de ein fan it jier twa wiken yn Aarhus”, fertelt Tigchelaar. “Ik wist doe noch net folle fan de Deenske literatuer, om’t ik mear mei myn eigen skriuwerij waande wie. Mar ik woe my wol wat mear ferdjipje yn de Deenske literatuer. Dêrom stjoerde ik in mail nei it Aarhus Litteraturcenter. Ik krige in mail werom fan Carsten René Nielsen en sa kamen wy yn kontakt.”

De Deenske dichter sei dat hy syn Fryske kollega wol yntrodusearje woe by oare minsken yn it literêre fjild en de dichters makken ek al plannen om wurk fan elkoar oer te setten. “Sa rekke ik sels eins wat maklik yn it wrâldsje dêr aktyf en it like my moai as oaren dêr ek wat fan profitearje kinne soenen”, seit Tigchelaar. “Dêrom haw ik in oantal oare dichters frege om mei te dwaan.”

Har plan is om in wike troch Denemarken te reizgjen en mei Deenske dichters nij wurk te meitsjen en wurk fan elkoar oer te setten foar in dichtbondel. Tigchelaar wist al gau in oantal kollega’s dêr’t er it plan fierder mei besprekke en útstippelje koe. “We meitsje in roadtrip troch Denemarken en it moast al in bytsje rock-’n-roll wêze”, typearret hy de teamgeast. “En it moaie is ek, wy sitte allegear by útjouwerij Hispel, fan Piter Boersma.”

It kwartet komt op 11 maart mei de trein yn Aarhus oan. “Alle fjouwer meie wy graach mei de trein reizgje. Wy tochten, we kinne yn Denemarken altiten in auto hiere as it moat, mar sa’t it no liket hoecht dat net”, seit Tigchelaar. “Nielsen regelet it fierder, op woansdei sille we wat better mei-inoar yn de kunde komme, de dei dêrnei kinne we dêr optrede.”

Op 14 maart ha de Fryske dichters har earste optreden en sille se mei har Deenske kollega’s oersette – Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard en Knud Steffen Nielsen binne de oare Deenske dichters. In dei letter stiet der noch in optreden yn it Aarhus Litteraturcenter plend. Dêrnei reizgje de dichters troch nei Kopenhagen dêr’t se in optreden jouwe yn it Poesiens Hus.

Fan de ynspiraasje dy’t de Fryske dichters ûnderweis opdogge, sil de dichtbondel tinkt Tigchelaar wol wat in ‘Aarhusiaansk tema’ krije. It oersetwurk foar de bondel sil fral troch himsels – hy behearsket ek it Deensk passyf en aktyf sels yntusken knap – en de dichter Nielsen dien wurde. “Yn septimber of oktober is Nielsen noch in goeie ta wiken yn Grins, dan hawwe we ek tiid om der oan te wurkjen.”

Yn maart 2020 binne de dichters fan doel om har bondel op de tredde edysje fan it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus te presintearjen. Dêr stean dy kear lytse talen en minderheidstalen sintraal.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.